Op it harspit.
O sancta simplicitas......
‘Hwat glunderen de âldtsjes, doe't it muzyk de boereplof ynsette’. ‘De hear...... hat ús forteld fan 'e barchjes fan omke Jan en it jirpellân fan ús heit. Bûtendat is der omraek songen. Fierders is der sjoeld en wiene der in fûgelpik en in forlotting mei moaije prizen. Nei ôfrin is der noch efkes dounse.’ ‘Om de tipen koe men jin ta de teannen út formeitsje’. ‘Doe't Swarte Pyt yn eigen persoan kaem to pipenútstruijen sloegen de herten as lammesturtsjes.’ ‘Jonge, hwat wie it der gesellicht.’ ‘Efkes letter kamen Sinteklaes en syn swarte feint by ús, dy't sahwat in ûre west ha. Alle bistjûrsleden en noch inkelde oaren krigen fan 'e âld man to hearren hwat se goed en forkeard dien hiene. Swarte Pyt tjirge him tige. Hja wisten alles mar hwat bêst.’ ‘....songen wy wakker Sinteklaeslietsjes. Hjirnei waerd bigoun mei grabbeltonne, sjoelbak, fûgelpik, draeirêd en mear fan sok spul.’
(Lytse blomlêzing út in krante foar it Fryske folk, ‘dit zielsdiep levende’, neffens objektive waernimmers.)
A.W.