Krityk yn it koart.
Mear fleis en minder ribbe.
‘TROU’. Geskink ta gelegenheit fan de Fryske Boekewike 1949. Utjown fan de Stifting It Fryske Boek.
In tûk idé, dat fan 'e Stifting It Fryske Boek, in priisfraech foar in koart forhael út to skriuwen ûnder ús prozaïsten, ien fan 'e ynstjûringen as preemjeboekje út to jaen ta lokkebrea yn 'e Boekewike en hâld dan jitris in kriich ûnder de lêzers om de anonyme skriuwer út to finen. It beart hwat ûnoarspronklik, mei't der yn 'e Nederlandse Boekenweek soartgelikense eksperiminten útheefd wurde, mar likegoed moat soks oare jierren altyd wer. Dan ris mei poëzij?
Trou is in forhael, dat yn in idiomatysk geve tael skreaun is, sawol yn 'e dialooch as yn 'e forheljende einen. Foargeand sintsje liket wol ornearre foar in jûchheijend útjowersprospektus, mar it is dochs net ûnnedich en neam it, hwant fan alle recinte Fryske Proazaprodukten kin soks noch lang net sein wurde.
It koart forhael is ien fan 'e slimste foarmen fan litterair proaza. It freget fan 'e skriuwer uterste bihearsking, skifting en konsintraesje op it sintrale thema. Dat thema mei net bidobbe reitsje ûnder breed útmetten bykomstichheden. It praegnante wurd, de skerp ôfstelde folsin, de koartkriemende hanling moatte yn in alinea-mannich it byld oproppe, dêr't in roman bledsiden lang oer dwaen kin. En dy hanling moat ôfroune wêze; dat de lêzer net it gefoel kriget dwaende to wêzen mei in haedstik út in roman.
Fan dat oangeande foldocht dit forhael wol oan biskate easken. It thema, de tydlike swakholligens fan 'e manlike haedpersoan, bliuwt aerdich sintrael. De hanneling kriget syn ôfrouning ek yn it ‘mekoar krijen’ fan de feint en de faem. Unnedige omballingen binne almeast mijd.
En dochs bliuwt Trou to folle in skema om alhiel slagge to wêzen. It hâldt hwat skelet-achtichs, it streket hwat al to rjochtlinich, to maklik en to dúdlik op it eindoel oan, dat de skriuwer him hwat ryklik mei sin steld hat. Wy hawwe hjir to krijen mei in gefaer dat it koart forhael fan in oare kant bidriget: it bliuwt in skematyske opset, de helplinen binne tsjokker as dy fan 'e tekening sels.
Dêr sil it him ek yn sitte, dat men sa min oer in stikmannich psychologyske bjusterbaerlikheden yn it forhael hinne lêze kin. (B.g. it gehún fan in hiele doarpsmienskip sûnder ien gunstige útsûndering; de réaksjes fan Marten op it praet fan syn mem; de eangst fan Klaske as der tafallich hwat oan 'e doar komt.)
De ein is spitigerneôch ek swak. Net dat men yn in novelle biswier hawwe kin tsjin it ‘mekoar krijen’ (soks bart ‘yn it libben’ ek wolris), mar dochs komt de wjeraksel yn jin op tsjin de guodkeape biswimerij en op-bêd-dragerij, dy't jin tinke lit oan in melodramatyske Hollywoodfilm, dêr't ús slachtersjonge it wetter altyd by om 'e tosken rint.
Trou hat kwaliteiten èn wrakke stéën.
D.A.T.