ienlikheit lykwols wurdt yn it forhael net dúdlik. De avontûren dêr't Elbrich har yn útfiert lit de skriuwer to folle fuortkomme út oerfloed fan krêft en to min út 'e iensumheit fan in greate siel. Yn har leafde forswakket it romantysk-avontûrlik elemint it tragyske. Poortinga liket dêr sels ek hwat fan field to hawwen. Tominsten, om fan 'e tsjinspiler noch hwàt to rêdden, hat er Alef Aylva op'en gunstichsten foarsteld, gunstiger as him neffens syn ynhouten takaem. Dizze lytse figuer, dêr't de skriuwer as hanneljend persoan einliken gjin rie mei wit, hat de moaije rol fan 'e forteller en bychter krige. Troch de wei fan in earlike bycht dêr't is it gjin bigryp, dan dochs biwûndering fan it greate út sprekt, wurdt er net hielendal ûnbilangryk makke en hâldt er de bilangstelling.
De literaire. De minsklike ek? Hwat my oanbilanget, né. Hwant lit my der net langer om hinne wine: ik haw dit boek mei argewaesje lêzen, en wol it objectyf net fierder wurdearje as safier. Ik hoopje dizze Alef Epes Aylva net to bigripen. Mei it forstân, hawar! mar net mei lea, siel en hert. Is it nou safier hinne, dat it manlik slachte to kyk en to kak set wurde moat en dat de ieuwen dêr by roppen wurde moatte? Hwat foar sin hat soks, biskriuwerij fan sloppe hearen, to swak foar trou, foar avontûr, foar hwàt in leafde, foar hwàt in frou? Sille wy dêr sielkunde fan leare, of skiednis, of barmhertichheit, of skientme, of ridderlikheit? Hwa yn 'e goedichheit kin dàt forkwikke? Hja komme foar, de streuperts, mar al to folle komme hja foar, mar binne de inket en de muoite fan it biskriuwen net wurdich. En al soe it alle sin hawwe, ik bitankje foar de eare. Forhelje my fan kearels dy't de frou treast binne, de greate. En dan, fan sokken en net earder, de hoflikheit.