De muzikale earmoede yn Fryslân lei foarst oan syn isolaesje; it wie isolearre fan weelderige hôven mei eigen orkesten, koaren en solisten, fan geastlike hôven mei har skoallen foaral en fan greate stêdsformiddens mei rederikerskeamers, feesten ensaf. Dêrtroch hat Fryslân in bytsje kundige learmasters hawn, dêr't hwat fan op to stekken wie. Wy wolle yn dit forbân wize op it feit, dat fóardat George Stam him yn Ljouwert nei wenjen sette, wy hjir mar inkelde oargelisten hawn hawwe dy't knap spylje koene; dan wiist nou de tiid al hiel oars; in foarbyld hoe't in tsjerke-amt as dat fan oargelist by de Greate Tsjerke to Ljouwert fan bitekenis is foar ús muzikael-kultureel libben. Mar it is net allinne de oplieding, ek it formidden - wy seagen dat by Chopin, wy sjogge it noch oan it stiftsjen fan kunstnersbounen - is fruchtber foar de ûntjowing fan in skeppend kunstner. In sûnt tsientallen fan jierren bisteand florearjend muzyklibben op koargebiet hat in smite koarlieten oplevere, hwerfan't de bêste net minder binne as b.g, goede Hollânske. It is dêrom fan great bilang dat wy in eigen orkest hawwe, dat vokale en ynstrumintale solisten har hjir hearre litte, dat der in Collegium musicorum is, in strykkwartet, in trio, dat der yn Fryslân concerten to hearren binne, dat der fryske kunstners foar de radio komme. Dat allegearre as utering fan hwat der muzikael yn Fryslân libbet, mar helte mear as formidden hwertút ienkear kunstners opstean sille fan formaet.
Kretschmer's stelling dat in sterk gearmjuksel fan it Noardsk en it Alpine-ras (Frankryk foar in fiks diel, Flaenderen, Nederlân it súdlik diel, it midden en it suden fan it Dútske taelgebiet, Noard- en Midden-Itaelje) bitingst wêze soe foar genialiteit, en dat hwat dêr om hinne hokket, kulturele prestaesjes levert yn legere frequenty's, kin gjin hoek hâlde; wy hoege mar op oare kultueren to wizen en op tiden hweryn't it Noardsk-Alpine Jerope neat fan him hearre lit.
Dr. G. Révész seit yn syn wurkje ‘Creatieve Begaafdheid’: ‘Zooals bekend is, zijn en waren er families, waarin een bepaald soort begaafdheid bijzonder erfelijk was. Zulk een speciale begaafdheid bezittende stam is in staat begaafdheden voort te brengen ook bij een rasvermenging, welke op zichzelf niet bevorderlijk daarvoor is. Alleen door het aannemen der inteelt is het begrijpelijk te maken, hoe in het niet bijzonder muzikale Engeland en Friesland in een be-