De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 375] [p. 375] Sipke Klazema: Wynroas op in iisberch. Fjouwer waeijende fersen. Noard: In spegel is in moai ding, keninginne, dat folle seit fan skientme oan idelheit; it spegelbyld forriedt dyn kâns op minne, mar hwat in glês, dat faeije ûren seit? De wrâld leit tsjinstich ré dy, keninginne, fiert dy it blomt fan alle kanten ta. In wide langstme wol dyn hert birinne; as djûrste pearel wolst dyselme ha. In flecht fan prinsen swermet om dy hinne en yn dyn trânse sitstou heech to troan; in spegel is in moai ding, keninginne, mar brekt dyn útsjoch op in ljochter moarn. Iens sitstou ienlik op in dún to skriemen, forwylge blommen hingje yn dyn hân; it is gjin kunst, jins dagen to forgriemen, en elke moarn leit der wer jolm oan 't strân, In spegel is in moai ding, keninginne, mar yn 'e joûntiid, fier op sé, barnt ljocht. It is in omen, faem: ‘Hwerwei, hwerhinne?’ - In triennerein fan hwa't harselme socht. West: Dou wiest in figurant Yn 't allerlêst tafriel, In baentsje nei de streek, En hieste part noch diel Oan 't greate spul. Mar treast Dy mei in tins oan my Dy't ek mar spylbal wie En bin. Hwant op'en nij Mikt stil in bline spyl- d'r it antlit sûnder tear: 't Wie ommers carambole Dan mei men noch in kear. [pagina 376] [p. 376] Súd: Lije moannenacht yn Maeije, Froasken krôkjend frjemd en fier, Fingertoppen aeije, aeije 't Donkere forwielen hier. Bern, hwat 'k socht, koe ik net krije; Hwat ik krij, dat socht ik net. Lit ús hert net lije, lije: Swietens is mei-ien faek smert. Hwerom sûgestû myn siele Troch myn lippen ta dy yn, Litst' myn wangen fiele, fiele 't Hymjen fan dyn waerme wyn? O, hwat 'k socht, koe ik net krije; Hwatstû biedst', haw ik net socht. 'k Koe dy beter mije, mije.... Mar dat 's slimmer as ik tocht. East: Ik hâld fan dy om alle lytse leagens hwermeistou my der fan oertsjûgje woest datstou my leafhast - hwant dyn ljochte eagen forried' al lang, hwatst graech biwize soest. Ik hâld fan dy om alle greatske spyt hwermeistou, iisberch, gearraenst yn myn bekers dronken fan freugde - hwant dyn leaf de wyt leit as in waerme snielaech oer myn ekers. Ik hâld fan dy om alles alles alles (melancholike feinten mealt it brein en ek frigide ingels kinne falle) ik hâld fan dy - mysterieus refrein.... Vorige Volgende