bigriep Rimer der út, hoewol't er stom forbaesd wie en it him fan 'e boargemaster bifestigje litte moast. Hy spriek de kommandant, dy't er de rang fan ‘mynhear’ joech, oan, oft hja wol wisten, dat it bist sechstjin jier wie? Hy koe it him net yn 't forstân krije en brûkte dêrom de boargemaster ta tolk. De Dútsker lock oan 'e wynbrauwen en skuorde it guodlike bist de bek jitris iepen; hy skodholle.
Doe bigoun Rimer, rêd en haffeljend, in hiele riddenaesje: sokke hynders hie men; dy wikselen net út, dat yn 'e bek koe men net sjen, hoe âld oft se wiene. De boargemaster wist net rjocht hwat hy der oan hie. Rimer wie oars in dimmen en foarsichtich man, dy soe net gau bisykje de Dûtskers to forswetsen. Wie dit dommichheit of soe it wier wêze? As it slûchslimmens wie, soe it mantsje oars net mei safolle hertstochtlike earnst prate. Dat hy skrabe al syn Dútsk byinoar om it foar de poep to bistammerjen, dy't lykwols gnyskjend oan 'e skouders loek. Doe't Rimer dat seach gebea er lilk en wanhopich: ‘Siz him, de brune hat in kêddebek! In kêddebek!’ Hy raesde it út.
Om't dit ek allegear neat útarbeide, sette er in nije biwiisfiering op: ‘Hy wie goed twa jier, doe't ik foar 't earst by de frou kaem; wy ha krapoan trije jier forkearing hawn en wy binne nou skielk alve jier troud’. It wie de boargemaster to folle om dit oer to bringen, dat de hiele argumintaesje miste syn doel; de Dútsker makke in hoekige hânbiweging, biet der in pear syllaben út en kwyt wie Rimer syn Brune.
Hwa't syn hynder hâlde mocht dy sette sa gau as er koe wer op hûs yn, mar de oaren bleauwen hast allegear hingjen; it wie elk fan harren suver as koe er it net oer syn hert krije en g'ean fuort, salang't syn hynder dêr noch stie, fêstboun oan it izeren stek foar in pear boererinteniershuzen tusken al dy oaren; it moast jin ek oandeare. It joech wol neat, mar och.... Doch hwat woe nou it gefal? Doe't de Dútskers har kar dien hiene en alles noch ris neigyngen, die it bliken, dat hja fiif hynders mear útsocht hiene as hoegd hie. Hja hiene har oarders: safolle hynders; dêr hâldden se har oan, dat op 'e nij waerd der skifting makke ûnder de eagen fan 'e boeren dy't neat ûntkaem mar dy't dochs net wisten hwat se der oan hiene.
Doe't it earste hynder útfoel soe de boargemaster, bliid ek ris bringer fan goede tynge wêze to kinnen, dat daelk oan 'e fortúnlike eigener fortelle, mar hy krige de kâns net: der waerd him hjitten, om de fiif útskifte hynders ta to