forstean fan de bibelske symbolyk (Hebreën 11: 9 en 10), dêr't de djippe bitsjutting fan oan wizen en forstannig'en forburgen is (Mattheus 11: 25).
De wearde fan ‘Vox Humana’, dy't ik tige heech set, wurdt biskaet troch de persoanlike gedichten derút. Schurer birikt hjir misskien net de poëtyske hichte as yn syn bondel ‘Utflecht’ (‘Ierdeljocht’ en ‘Hope’), mar de gefoelsynhâld is intenser, riper. Hy wurdt yn al syn wurk dreaun troch Caritas - dy't him folle freonskip werom bisoarget - mar ik leau, dat dy nearne sa sterk ta utering komd is as yn dizze bondel, binammen yn it prachtige fers ‘Peaske’, mar ek yn ‘Deadebitinking’ en de gedichten by it forstjerren fan Jan Masaryk en Folke Bernadotte.
De yn allen dichterlike libbenshâlding fan Fedde Schurer komt op in klearsten ta utering yn de sonnettekrâns ‘Fjirde dimensy’, dêr't er de polemyk yn ‘De Tsjerne’ - oer syn stelling, dat de dichter ôfskaet fan de minske skôge wurde moat, yn hokker polemyk er matearieel net sterk stie - op charmante wize mei bisljochtet. Dizze fersen, mei in forbjusterjende virtuositeit skreaun, ûntwapenje jin troch de enthousiaste, oertsjûgjende forhearliking fan de bifrijing en de suvering, dy't fan alle wiere poëzij útg'eane.
Hwat Schurer yn concintrearre foarm kin biwize syn Strofen en Kwatrinen, intellektualistysker fan allure as syn oare dichtwurk, puntich en faken briljant.
Al hoe't it wurk fan oare dichters ek Schurer biynfloede hawwe mei - sa docht de lêste strofe fan ‘Lytse ballade’ bygelyks oan Jac. Schreurs tinken - alle neifolging is him frjemd, al hat ûnder de wikseling fan it litteraire klimaet syn uteringsfoarm him yn somlike genres wizige. In oarspronkelik dichter hat ús mei ‘Vox Humana’ in sublime samling fan syn lêste lyryske wurk oanbean.
Rounút spitich fyn ik it, dat der ek folkslieten en kampsangen yn opnommen binne. Al hoe't dizze fersen fan it wol gloedfolle, mar rhetoaryske en faek lichte genre yn harren soarte ek to weardearjen binne, yn in bondel lyryk hearre hja net thús.
Kamminga, om de artistike útfiering fan hwat by him fan de parse komt bikend, hat by de typografyske forsoarging fan dit boekje in stek falle litten: de ûngelikense spatiearing en de ynhâldsopjefte njonken it lêste fers skeine dit oars sa goede stik printwurk.