| |
| |
| |
Sjoerd Leiker:
Pray Ferenc.
(It lêste.)
Dy middels doe't de kaptein lei to sliepen sette Pray Ferenc de sloep oer board en roeike nei de wâl ta. En doe't er dêr siet, op it strân, en ôfstân hie fan it skip en fan syn oerdwealske ape-oanbidder kaem it him yn 't sin, dat it wol to dwaen wie om allinnich mei de boat de sé op to gean mei in fet fol soviet wetter en proviandearring foar in moanne of hwat, in ienfâldich kompas en waerme klean en dan op it Westen oan to hâlden yn 'e hope om oan lân to kommen op it eilân, dêr't er sa dúdlik fan dreamd hie. In eilân fan sa'n struktuer moat in fulkaenprop wêze, siet er to bimimerjen, it kin samar ynienen ynsûgd of útstjitten wurde en it is miskien wol omt it yngewant fan 'e ierde rommele hat, dat de klok - dat is dan de needklok - let hat.
En stoarjend nei de sé, dy't metalich lei to glimmerjen yn it skelle middeisljocht, tocht er wer oan syn heit, seach er de útstutsen, triljende hân en miende er syn sêfte skoaijerslûd wer to hearren, in dimmene stim dy't frege en forklearre tagelyk: - ‘Haw dochs omtinken mei in earm, âld man’ en sêfter, meilydsumer: - ‘De fulkaen, myn jonge, sit dy yn it boarst, en my ek, wy dy't foar rampen en allerhande illinde berne binne; God yn 'e himel haw dochs omtinken foar ús, haw dochs hwat omtinken, hwat omtinken....’ ensafuorthinne, sfinder ein, lyk as it sélûd rûzet yn in núnder, salang as men him oan it ear hat.
It wie de ûnderstream fan hwat er fielde en tocht, dêr't er tsjin op wraksele, dy't him werom treau.
***
It kin wêze, tocht er ûren letter, dat it eilân gearhinget mei de situaesje, dêr't ik yn tolânne kaem bin - dat sil 't hast wol - dat it mar in byld is, mar ik haw it sjoen, like dúdlik as ik de man sjoen ha dy't biddend op stie to sjen nei in aep en hwerom soe ik foarkar hawwe foar it libben mei in kranksinnige, dy't dochs net to farren giet, boppe it rokkeleas aventûr fan in séreis, alhielendal allinnich, mei as doel de mûglikheit - ja, de mûglikheit, mear net - fan in ûntdekking fan dat eilân, dat yn syn ôfsûndering, syn
| |
| |
gefaerlike struktuer nimmen oanlokje kin; dat allinnich fan my wêze sil, dat fan my wêze moat, omt ik it seach en dat dreamd en werkelik myn foarlân is. Wy libje nou ienkear net yn rounten omheech, lyk as fûgels fleane, mar wy slute de sirkel en dan is it goed. Der bliuwt nou lykwols allinnich noch dit oer, tocht er, dat ik sels it bislút net wit en dat ik, as ik de boat kies, mei opset sin in dief bin, dat ik in kranksinnige eat ûntstel dat fan him is, wylst ik, as ik hjir bliuw, wol idioat wêze moat, mar moreel frijút gean kin. Werom, it lân yn dat ik ken, dêr't ik Margit forlear en foar de rjochter stie, dat wol ik net, omt ik de hân, dy't hwat jaen wol, net forneare kin.
Op dat stuit hie de kaptein de sliep út en toffele op syn oardelskonk oan dek. Doe't Pray Ferenc him yn it fizier krige, stie er al in skoft wyld to swaeijen nei de kust. Hy woe syn boat werom ha, hy wie syn forbining mei it lân kwyt en hy waerd alhielendal pûr, doe't Pray Ferenc oerein kaem, mar net útein sette en ôfwachte of eins net ôfwachte, mar tsjûge wie fan eat dat oan 'e gong wie, dat yn it bistek fan nei de boat tastappen net mear to kearen wie, omt foar de kaptein de sirkel sletten wie. Hy roun trije kear kreupeljend en mei de hannen omheech, wyld as in fûgel, dy't opjage wurdt en net fleane kin, it dek op en del en stoartte himsels by de tredde oanrin yn sé. Pray Ferenc roeike noch út alle macht nei it skip ta, hy roeike der withoefaek omhinne, yn al breder rounten, hy fiske de âld skipperspet fan de kaptein út it wetter op, hy folge in foech healûre de stream fan 'e kust ôf, mar seach nearne in holle of in hân opdûken.
***
Hy bleau oant it joun wie op it wetter en klom doe allinnich oan board en gyng nei it passagiersforbliuw om de apen to bisjen, om to sjen, hoe't hja nou wiene, nou't de baes wei wie. Hja stieken, doe't hy hwat ljocht makke hie, de hannen troch de traeljes en fregen, biddeljend, om foer, krekt lyk as altiten. De âlde heit-aep wie der net by. Hy foun him in setsje letter yn 'e kapteinshutte dêr't it bist lei to sliepen yn de stoel. Pray Ferenc skodde him wekker, naem him by de swarte, skromfelige hân en trepke mei him oan dek. Hy woe him fan board stjitte en de aep skynde dat oan to fielen, hwant hy loek him ynienen los en fleach werom nei de hut ta. Pray Ferenc fleach efter him oan en stie it oan to sjen hoe't de aep yn 'e hut de master imi- | |
| |
tearre, hoe't er de hannen gear hie, hoe't er stie to bidden, hoe't er, tajaend oan in samar ynienen opwâljend langstme nei de master, him fortolke yn hiel syn biwegen, hoe't er him werom frege fan Pray Ferenc.
***
Yn it forrin fan dy wike makke Pray Ferenc de boat ré foar de iensume reis oer sé en helle alles byinoar, dat nedich wie en makke it plan om de apen los to litten op it lân. Mar doe't it dan einlings safier wie, dat de bidlershantsjes loar it lêst folstoppe wiene mei nuten, kaem der in sleepboat fan de Amerikaenske marine om it skip, it âid kavalje, dat dêr as in noch ûnbiset eilân loar de kust lei, to forfarren nei de haven fan San Francisco.
Pray Ferenc bleau oan board, it skip waerd syn wente. Hy forkoft de apen oan rounreizgjende sigeuners, útsein de âlde heit-aep dy't er min ofte mear biskôge as de erfgenamt fan de kaptein. It bist hie boppedat gjin wearde mear foar de merk, it wie to âld en sa troch alles hinne wend oan it skip, sa forskippere, dat it, sels as it bûten de kouwe wie en hwat bin en wer strúnde oan dek, gjin war die om oan 'e wâl to kommen. Der siet faek ek net folle libben mear yn. It like wol oft de kaptein doe't er oerboard sprang in great part fan it libben fan de aep meinomd hie yn 'e weagen fan 'e sé. Hy hie net folle sin mear oan nuten, syn honger en albigearigens wiene weisakke, de nuten moasten him foar de fûsteftige fuotsjes dellein wurde, hy stiek net mear de hân út, hy biseach de jefte lang en djip mismoedich, hy rekke der sa nou en dan efkes oan mei in lange finger en hy waerd kjel as it biweegde en hy koe ûren en ûren finzen bliuwe yn dy skrikeftige forwûndering oer it skynlibben fan dingen dy't er eartiids samar opfrette koe.
Pray Ferenc, syn maet, rekke fan de smerten fan it lân, siet meastentiids njonken him op 'e flier, houd him selskip, loek mei syn finger, al mimerjendewei, figueren yn it stof en wie faek net by steat om him los to skuorren út it net fan syn tinzen. Hy tocht noch al gauris oan syn heit, hast mear noch as oan Margit en hy koe him tige fyn in forhael fan syn heit to foaren bringe, in forhael út 'e soldatetiid, dat de bline âld man, sahwat in ûre ear't syn gesichtsformogen weisketten waerd, mei in fûle toarst stien hie boppe in wetterput, dy't troch de fijân forgiftige wie en dat er syn eigen gesicht sjoen hie, foar it lêst, hiel djip wei, ûnder yn 'e put, wjerspegele yn it wetter, mei loft en wolken as
| |
| |
eftergroun, dêr't er in fûgel yn fleanen sjoen hie, in ljurk, dy't him, sa fortelde helt, ta de wurklikheit werom roppen hie. En as er it dêr oer hie dan folge fuortendaliks it forhael oer in simmerdei fan fier foar de oarloch, in dei mei Pray Ferenc syn mem, in dei fan nea folpriizge lok.
***
Doe, op in jountiid, wylst er, lyk as altiten, siet to griemen yn âld sear, foar de lege kouwe yn it passagiersforbliuw oer, murk er ynienen dat der immen efter him stie. It wie in bidler mei de pet yn 'e hân, in forslein âld man dy't sei: - ‘Ik soe jo út namme fan de kammeraten wol hwat freegje wolle’.
- ‘Hwat is 't?’, frege Pray Ferenc.
- ‘Underdak’, sei de man.
Pray Ferenc brocht him nei de kapteinshut ta en sei: - ‘Hjir stiet noch in bêd foar jo’. In deimannich letter sliepten dêr al trije dakleazen, alle trije bistjûrsleden fan in skoaijersforiening, dy't sûnder harren fierder drok to meitsjen om Pray Ferenc it skip yn bisit namen en der in hotel fan makken foar har leden. Hja lieten Pray Ferenc yn it bigjin rêstich gewurde, hja rounen om him hinne, mar doe't it harren dúdlik waerd, dat er alhielendal net op syn rjochten stie, dat er himsels ek mar gast fielde, doe krige er meisliepers yn it passagiersforbliuw, nijoanwoune leden, dy't har forsetten tsjin de útsûnderingsposysje, tsjin it feit dat Pray Ferenc moarns net de baen op hoegde mei syn aep om jild yn to sammeljen.
Pray Ferenc gyng op in moarntiid út himsels fuort. Hy pakte de wurge aep oan 't hantsje en stapte mei him de stêd yn. Hja moasten hieltiten efkes stilstean en útpûste omt de aep, dy't wend wie oan in pear stappen en in pear treppen, oan de biheinde ôfstannen op in skip, net ta hwat rigelmjittich oprinnen komme koe en ek omt er wraksele mei it frjemd gefoel fan strjitstiennen oan syn soallen. Al gaueftich gyng de aep sahwat om de oare stap sitten om syn fuotten to bisjen en dan loek er Pray Ferenc oan 'e broek en seach werom en woe him bitsjutte dat er skjin syn nocht hie.
In taxi-chauffeur brocht harren einlings bûten de stêd en dêr bleauwen se wer stean om to wachtsjen op in oarenien, dy't har fierder bringe koe.
In deimannich letter stienen hja yn 'e fallei fan de Sacramento, in rivier, dy't fan it hillich Noard ôfkomt, mei it ge- | |
| |
sicht nei de Sierra Nevada, dus oan diskant fan de stream dêr't hja ôfset wiene troch in automobilist, dy't in dei to fiskjen soe. Pray Ferenc stie noch sahwat in ûre mei de aep oan 'e hân to sjen nei syn iderkear mar wer opheljen en ynlizzen en hy hie der noch langer by bleaun, as de fisker, dy't bliid wie dat er ris efkes út 'e stêd wei wie, wei út 'e minskekliber, gjin argewaesje hawn hie fan dy fint en dy aep, dy't mar net fuortwoene, dy't as twa asfalt-idioaten mei harren ûnnoazel gesjoch him steurden yn de forheven jacht. Hy sei doe dat hja mar opdrosse moasten, dat hja mar bisykje moasten om earne oars noch in deihier byinoar to biddeljen of to spyljen.
Dat taestte Pray Ferenc djip yn it moed. Hy sei tige út 'e hichte: - ‘Jo forsinne jo, man, wy libje op eigen kosten, wy....’, mar de fisker hie al gjin oandacht mear, hy hie byt, hy liet de line ôfrolje, hy draefde by de wâlkant lâns en rop: - ‘Ja, duvelje mar op!’
***
- ‘Kom’, sei Pray Ferenc tsjin de aep. Hja klauden wer omheech nei de wei ta en stapten, de iene rjochtop, de oare foaroerbûgd, de holle djip yn 'e skouders wei en mei ôfgryslike rachitisskonkjes, de Noardkant út de fallei yn. It like oft hja drok yn petear wiene hwant hieltiten stiene se stil en dan gyngen se wer fierder, mar o sa stadich. De fisker koe harren noch lang sjen en skodde de holle oer it stel.
Doe't it sahwat om 'e middei hinne wie kaem Pray Ferenc mei hwat nuten op 'e lappen. De aep wegere, hy siet yninoardûkt oan 'e kant fan 'e dyk en striek oer it tinne hier fan syn hurd liif en wie sa mismoedich as in aep mar wêze kin, mar doe ynienen - Pray Ferenc hie der gjin erch yn - rûkte er it gers. Hy bigoun sêft to snuven, by rûkte de wylde roken fan it gers, hy fielde hoe't de ripe ieren streakjend oan it hier rekken fan syn rêch, hy siet to triljen fan in djip út syn skonken wei opwâljende weelde, hy bisefte ynienen dat er, stiefbern fan minsken, in aep wie, dat er wyld wie, wyld as it gers, en sprong oerein en fleach op 'e rivier ta, dêr't in iensume nutebeam stie dy't him opnaem yn har greate griene earmen, lyk as in mem, dy't him weistoppe yn har swiere lijf; dêr't de wyn om hinne rûze mei alle lûden dy't him hast forgetten wiene en dêr't de machtleaze minske him net út werom krije koe. Pray Ferenc stie mar om 'e nocht to roppen en to biddeljen ûnder de
| |
| |
beam, hy wie oerrompele fan de majesteit fan de aep, dy't mei syn hân rikte nei de ripe fruchten dy't er ôftepte en nei ûnderen ta smiet, dy't er forgriemde út syn oerfloed. De aep wie wer aep wurden, hy liet him net mear biwege om út 'e beam wei to kommen en sette him ta rêsten yn in noflik boude strampel en skeukele hearlik mei syn jokkerige rêch tsjin 'e bast.
Fan de wei ôf bleau Pray Ferenc stean to sjen hoe't it ôfrinne soe, wachtsjend op hwat de aep noch fan doel wie. Hy waerd steurd fan de fisker, dy't it nochris hegerop bisykje woe en dy't yn syn wein lâns riden kaem. De man stoppe en frege: - ‘Is de breawinning der utnaeid?’
Pray Ferenc sei nochris hwat er al earder sein hie, dat hja libben op eigen kosten.
- ‘Ja, fansels’, sei de fisker, ‘mar jimme hawwe dochs in nûmer of sokssahwat, is 't n't sa, om de bút yn to heljen.’
- ‘Né, dat hawwe wy net’, sei Pray Ferenc.
- ‘Nou, 't kin my ek neat skele’, sei de man, ‘jo moatte 't mar witte.’
Op dat stuit seach Pray Ferenc dat de aep út 'e beam tommele. Hy kaem yn it wetter tolânne, it spatte heech op en doe wie alles wer lyk as it west hie. Pray Ferenc roun al nei de rivier ta en de fisker, dy't ek sjoen hie hwat der bard wie, kleppere op syn spikerskuon efter him oan. Hja kamen fansels to let. Oan in pear ôfknapte tûkjes yn 'e rivierswâl miende de fisker to sjen, dat de aep noch efkes hâldfêst hawn hie. Hy woe wol ha dat it bist himsels noch omtrint rêdden hie. Hy hie in hiele skôging oer de striid fan it bist en hy stapte hinne en wer fan it wetter nei de beam en fan de beam nei it wetter, hy biseach de hiele situaesje en koe fan momint ta momint sizze hoe't it him ôfspile hie, - ‘'t Wie wis al in âld bist’, sei er. Pray Ferenc knikte. It bist wie âld, mar hy wist net hoe âld, it hie him mei syn lêste krêften forslingere oan 'e frijheit en dêr hied er tagelyk ek syn libben oan forspile.
- ‘Dit sil wol in strop foar jo wêze’, sei de fisker, doe't alles fêst stie.
Pray Ferenc helle syn skouders op en seach yn it glêsheldere, iiskâlde wetter dat yn sawn hasten fuortwiele oer in boaijem fan rolstiennen dêr't in mannich skrale wierren noch hwat hâldfêst tusken faun hiene en like meigeand as koppich stân hâldden, en waerd bipaeld by in dei út syn jongesjierren, doe't er op bleate fuotten lâns de kant fan
| |
| |
de Donau hinne en wer stapte mei in koarte angelstôk en in stikmannich katfiskjes yn in fleske fan de apteek - eachdrippen stie der op - en dat er net mear nei hûs ta hoegde omt syn heit opnommen wie fan forplegers yn wite jassen en nei it sikehûs ta brocht wie. Hy hoegde him net mear to lieden, fan hûs ôf nei it bastion ta en fan it bastion ôf wer nei hûs ta, hy wie ynienen in jonkje lyk as er dat wolris sjoen hie yn in printeboek, in jonkje mei in angel en fiskjes yn in fleske, in jonkje mei in sé fan tiid, in jonkje lyk as oare jonkjes wêze wolle, dêr't nimmen de hân op leit....
- ‘Wês der nou mar net mear oerstjûr fan’, sei de fisker njonken him, ‘hjir is al fêst in dollar om in oarenien to keapjen.’
Pray Ferenc skodde de holle.
- ‘Ik wit hwat it bitsjut’ sei de fisker treastgjend. ‘Ik ha jierren efterinoar op in eilân wenne, earne yn 'e Sudsé, ik moast dêr kokosnuten opkeapje fan in bifolking dy't foar my bûgde, dy't de holle foar my yn it sán lei. Ik koe net mei dy lju prate. Dat die ik mei de houn. En dy houn dy koe net oer it klimaet, dy gyng dea.’
Pray Ferenc knikte. - ‘It left der mei my noch oars hinne’, sei er.
- ‘Fansels’, sei de fisker.
Pray Ferenc riek him út oft er wekker waerd, hy sette de beide fûsten efkes yn 'e loft en glimke.
- ‘Sjochris oan’, sei de fisker, ‘ik sil nochrfs ynlizze,’
***
Tsien dagen letter stie er wer yn ien fan dy greate fabrykshallen dêr't autogeramten parse wurde en op in Sneintomiddei mette er Rose, yn in dieretún. Hja stie by de apen en waerd ûnforwachts by har sjaeltsje pakt. Pray Ferenc wie der krekt op 'e tiid by hwant de aep hie de beide úteinen fan it doekje fêst en loek Rose út alle macht tsjin de traeljes op. Pray Ferenc krige in feninige byt yn 'e fingers, mar hy liet net los en it slagge him om Rose frij to meitsjen.
Doé t hja ta it park út kuijeren hied er it bûsdoekje fan Rose om syn bliedende hân. By de útgong sieten, oan keattings fêst op stokken mei in dwerslatsje, twa papegaeijen. Hja rôpen tsjin elkoar: - ‘Darling, darling’, hja klapperen mei de wjokken en tripken wyld en oerstjûr hinne en wer op de to koarte sitstokjes.
- ‘Lokkich dat wy net oan keattings sitte’, sei Rose.
|
|