De Tsjerne. Jaargang 4
(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 355]
| |
Johan Winkler:
| |
[pagina 356]
| |
mienskip sochten en ek founen. Dan bigjint in jierrenlange korrespondinsje, dy't Gezelle ynset mei in forsiik - de 5e Augustus 1881 - om Winkler syn help by de útjefte fan ‘Loquela’, dat ‘maandelijksch verschijnend bladtje van eigenvlaamsche taalgeleerdheid’, lyk as Gezelle it oankundiget. Dy help waerd jown en gâns brieven gyngen nou fan Kortrijk nei Haerlim en fan Haerlim nei Kortrijk. Fuortdaliks al yn it twad brief fan Gezelle oan Winkler klinkt dy toan fan ynlike freonskip op, dy't in bliuwend merk sette soe op har forhâlding oer en wer. ‘Ik zou zoo geerne in Nederland niet doodgezwegen, liefst van al wel doorhekeld, toch, als bestaand erkend worden; is 't zake dat gij mij daarin, zonder veel moeite helpen kûnt, dan weze u ten hertelijkste bevolen Wûndere, teare freonskip tusken de Westflaemske Katholyk en de Fryske Kalvinist. Pake Winkler wie in ticht en ynbannich man, - ‘zugeknöpft’ neame de Dútskers sokken. Jong widner en nea wer troud; in man fan krektens en regel en fan uterste selstucht; as Kristen fan orthodoxe suverheit; in selsbiwust boarger dy't uterlike weakens gram wie; in sober reälist - yn alle ding sahwat wanlyk oan de Flaemske ûnderpastoar, de útskroevene mystikus, de Franciskaenske katholyk. Dochs sibbe freonen en greate spitsen. Lichtwol foun de iene yn 'e Gare krekt dy wêzenseigenskippen dy't er sels sa graech oer him hawn hie: Gezelle yn Winkler de ‘taaie en vastberaden weerspannigheid’, dy't er it skaeimerk fan de Friezen achte, en Winkler yn Gezelle dat ynfromme leauwen, dat sjongende earjen fan God, dêr't de Kalvinist sa swier yn to rissen is. As ik ús pake foar my haw en wer oerlês hwat der oan briefwiksel tusken de beide mannen biwarre bleaun is en my yn it sin bring mei hoe 'n teare ynlikheit hy fan Gezelle, dy't er gauris opsocht, forhelle, dan kin ik allinne mar sizze: de suverste freonskip dêr't Johan Winkler ta by steat wie, hat er Gezelle skonken. Sels hat er der ien kear fan tsjûge: dat wie yn 1902 yn in artikel yn 'e ‘Oprechte Haarlemsche Courant’, in forgetten artikel, mar it knipsel haw ik biwarre: ‘Reeds voor meer dan twintig jaren, toen schier niemand hier in Noord-Nederland den naam van Guido Gezelle ooit had hooren noemen, noch ook zijne gedichten kende, had ik | |
[pagina 357]
| |
reeds de groote eere en het groote genoegen met den edelen en eenvoudigen Vlaamschen priester bekend, ja bevriend, innig bevriend te zijn. Hij ontsloot mij zijn hart, als aan weinig anderen. Zoo kende ik hem in al zijne edele en groote eigenschappen - niet enkel als dichter, maar ook en te meer nog als Kristen en taalgeleerde.’ ‘Innig bevriend’ - dêr tsjûge ek Gezelle fan, doe't er syn Flaemske oersetting fan Longfellows ‘Hiawatha’ nei Haerlim ta stjûrde (1886) mei de skreaune opdracht, ûntliend oan it sechste haedstik fan it epos, dêr't fan twa freonen sein wurdt: ‘Op den voetweg, dien zij volgden,
nooit en groeiden kwaad noch onkruid.’
Komt der sa jit wol freonskip tusken manlju foar, lyk as doe tusken dy twa bistie? Wy yn ús tijd libje dêrfoar to hastich, de telefoan is foar brief en petear yn it plak kommen, en saeklikheit, ek yn ús minsklike relaesjes, yn it plak fan dat ‘ontsluiten van het hart’, dêr't Winkler it hjirboppe oer hie. Hoe oars, hoe ‘idyllysk’ bynei, is de forhâlding tusken de Flaming en de Fries. Dy lytse geskinken dy't hja inoar stjûre: Kortrijker gebak giet nei Haerlim, Haerlimmer hyacinthen geane nei Kortrijk. Dêr steane se to pronk yn Gezelle's finsterbank: ‘Moge alles’, skriuwt er syn freon, ‘u zoo voorspoedig en verheugend zijn als de zes Haarlemsche hyacinthen, die tegenwoordig op mijnen vensterbank staan, vol nog groene beloften en prachtig bloemenkroost. Vier vingers hoog staan ze buiten den grond en ziender gezonde gasten uit. Iederen dag vermanen zij mij dat ik u schrijven moet en schrijven zal; en toch blijve ik maar kouten met u in 't stille en daar 't niemand en hooren kan’. Op mienskiplike leafde ta it Frysk en it Fryske aerd hawwe Gezelle en Winkler har freonskip groundearre. Winkler docht gjin lichten syn Fryske lânslju mei de Flaming yn 'e kunde to bringen. Sa skriuwt er yn 1886 yn ‘Forjit my net’, dat er it net mear as syn plicht achtet: ‘as ik allen Friesen în 't gemien sîn forflaemskinge fen Longfellows Hiawatha, sa swietlûdich în his flaemske folkssprake end derîn us Friesen sa niiver egin, thige by thige oanpriisgje, lîk as ek sîn urspronkelike dichten’. En Gezelle leart, de freon to wille, Frysk. En Gezelle dichtet, de freon ter eare, Frysk. Sa bygelyks mei Nijjier 1891: | |
[pagina 358]
| |
Oan myn sibbe frjeon en greate stalke de Stân-fries JOHAN WINKLER fen zyn frjeon GUIDO GEZELLE. Nijjier 1891.Ho graech ik Jo 'ris sprekke woe,
Dat 'k Jo myn winsken sizze koe,
Ik wyt dat dit net wirde kin.
'k Lit Jo nou mei dit kaertsje wite,
Dat 'k yet deselde for Jo bin,
En rop romhertich Jo to miette:
Hab altyd, eltse libbensdei,
De romt' fen seine op jou wei!
Winkler's opfetting oer tael- en folksbisibbens tusken Friezen en Westflamingen nimt Gezelle (romantysk-nasjonael filolooch lyk as hy) yn hiele hear en fear oan en ek oer. Gezelle ûntdekt in âld-flaemsk earizerke dat hearre moat by de âlde ‘Frysk-Flaemske’ dracht en hy lit in Kortriker jongfaem fotografearje, dy't in smel earizerke draecht en stjûrt de oertsjûgjende ‘lichtprinte’ fan it ‘Friesch-Vlaamsch dochtertje’ as nij biwiis fan Frysk-Flaemske sibskip nei Haerlim ta. Sa fier gyng syn ien-enmien wêzen mei Fryslân, dat Gezelle syn brieven oan Winkler net mear mei Guido ûndertekene, mar mei it âldfryske aequivalint Wyt. En hy lies trou alle Frysk dat Winkler him stjûrde: de Evangeeljen en de Psalmen, it Frysk Lexicon, it Frysk Lieteboek, Gysbert Japicx, Halbertsma, Waling Dykstra. ‘Schier juichende deelde hij mij eens mede, dat zijne moeder (of grootmoeder?) van Frieschen bloede moest zijn; immers zij droeg den geslachtsnaam De Vreeze (De Vreeze is een andere vorm van De Vries). En later nog, toen zijn oudere broeder, welke die grootmoeder nog in 't leven had gekend, hem verzekerd had, dat die oude vrouwe nog een ‘oorizertje’ gedragen had, dat zekere kenmerk van Frieschen oorsprong - toen was hij opgetogen van innig genoegen.’ Winkler fornijt dit yn syn opstel ‘Guido Gezelle en de Friezen’, dat nei Gezelle's dea yn ‘Dietsche Warande en Belfort’ forskynde; lês ek noch ris Winklers ‘Guido Gezelle as frjeon fen 'e Friezen’ yn ‘Forjit my net’ fan 1902. Doe't Johan Winkler yn 1916 forstoar, liet er twa kistkes nel: ien wie foartiid al nei it Frysk Museum stjûrd, it bifette materiael oer ‘het geheim van het Oera Linda-boek’, it oare sieten brieven yn, dy't er krige hie fan mannen fan namme lyk as Fritz Reuter, Verriest en.... Gezelle. Hja | |
[pagina 359]
| |
binne nou yn it bisit fan de Koninklijke Academie van Wetenschappen. It lêste brief fan Gezelle is fan de 18e Oktober 1898 mei in lokwinsk by de berte fan myn persoan: ‘God vordere 't jongske’, koe ik moaijer winsk foar myn libben meikrije as dizze fan Gezelle? Al dy brieven tsjûje fan in freonskip, dy't wierliken ‘ynlik’ wie. Hja binne it forskierkjend oantinken oan in hertsynlik weet-fan-inoar-hawwen, dat sterker wie as alle uterlik forskil. En ik ken - en it docht my goed dy libbensskets út it forjit op to roppen - gjin moaijer ‘In memoriam Gezelle’ as dat hwat de Fries Winkler oan syn iennichste wiere freon wijd hat. Nei dy syn dea skreau er: ‘Hij was willens arm aan geld en goed, schier alles wat hij had, gaf hij den armen; de kleeren van zijn lijf, de deken van zijn bed. Maar zijne vrienden zorgden voor hem, zooveel zij konden, of liever, zooveel Gezelle zelf hun dit veroorloofde; zijne vrienden voor zijn geldmiddelen, voor zijn hebben en houden; zijne vriendinnen voor zijn huishoudinkje, voor zijne keûken, voor zijne kleerkast. |
|