De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 353] [p. 353] O. Postma; Op it Jelsumer binnenpaed. Dit is myn lân! De kostelikste greide spint Om my syn reach en nimt my mei de wrâlden yn, De ierde joech syn ealste bloed; de lette dei Bidraecht de hjerst mei simmers jonge skyn. It koatershûs, de blokken hea, it haiweinspul Bineame it boerelibben yn syn âlde steat. De ieuwen gean foarby, mar eat bleau oer; Libje fan Hasker mountsen hjir net sté en feart? Sa fyn ik op dit paed hwat fan myn âld bistean, - O jonge tiid, o fiere dagene rom! - En dan dit byld: in plant dy't bloeije mocht, En nou noch iepen docht syn lêste blom. Mar hwat er bloeide en die, forstean it sa: In dichtwurk fan in heger krêft bidreaun, En stead yn ierde' boek, Ik naem it op En yn ús did bargoens haw ik 't biskreaun. [pagina 354] [p. 354] Twa gedichten fan Po Chú-I (772-846 n, Chr.). Unwiis sjongen tusken de bergen. Der is gjin minske dy't net syn eigen gebrek hat, En myn gebrek is it meitsjen fan fersen. Fan tûzen hannen fan it libben haw ik my frij makke, Mar dizze swakkens is my noch bybleaun, Eltse kear dat ik in moai lânskip sjoch, Eltse kear dat ik in leave freon moetsje, Forhef ik myn stim en bring myn fersen út, En ik bin sa bliid as hie in God myn paed krúst. Jimmer, nei de dei dat ik nei Hsün-yang band wie, Haw ik de heale tiid tusken de heuvels tahâlden; En faken, as ik in dichtstik bi-eindige hie, Klantere ik allinne de wei op nei de Easterske Rots. Ik lynje mei myn lichem tsjin de banken fan wite stien; Ik skuor mei de hannen in griene lauriertakke del. Myn ûnwiis sjongen forbûket falleijen en hichten;' De apen en de fûgels komme allegearre to glûrjen. Om't ik bang wie fan de wrâld bilake to wurden, Socht ik in plak út dêr't de minsken net komme. De reade kakatoe. Stjûrd as presint út Annam: In reade Kakatoe, Mei de kleur fan persikbloeisel, Sprekkend mei minske' stim. En hja dienen mei him hwat hja dogge Geleard en wolsprekkend oan: In kouwe mei sterke traeljes, Dêr sleaten hja him yn op. Vorige Volgende