Frysk en frjemd.
Nijs út Bretagne. It Bretonske tydskrift ‘Al Liamm - Tir na n'òg’, dat om 'e twa moanne forskynt, hat yn it Sept.-Okt. nûmer (Nû. XVI) in oersetting yn it Bretonsk fan Edg. Allan Poe syn gedicht ‘The Raven’ publisearre, fan de hân fan Per Denez. Yn in bygeand artikel fan de Brusselske Poe-kender Emile Abeele wurdt in koart oersjoch jown fan de oersettingen yn ûnderskate talen dy't der fan ‘The Raven’ bisteane.
Nijs út Itaelje. Foar Krysttiid fan dit jier sil yn Itaelje noch forskine it 3de diel fan de 2de printinge fan Dr. Giacomo Prampolini syn ‘Histoire Universelle de la Littérature’. Dr. P. hopet takomme simmer ek syn bondeltsje oersettingen fan Fryske poëzij yn it Italjaensk ré to hawwen en der in útjower foar to finen.
A.W.