hie, en fan in morele neiklap, lit stean fan birou, hearre wy neat mear.
It boek is dus al oars, mar is it ek better? Nei oanlieding fan 'e skriuwster har foarich boek, dat ik noch lêze sil, is sein, dat hja filmysk skriuwt. Ik soe har net leafst ûnrjocht dwaen wolle en haw dêrom al myn bêst dien to finen hwer't dat filmyske yn bistiet. Mar ik kin ta gjin oare konklúzje komme as dat hja mei dit wurkje soksahwat as it scenario foar in film skreaun hat.
Sa'n scenario is by it lêzen net suggestyf; it libben komt der pas yn as it film wurden is; as de spilers it realisearre hawwe, It bigjint bygelyks yn in bar, mar oer de sfear fan dy bar en oer de mannen dy't oan it wurd binne wurde wy neat gewaer; alle plastyk ûntbrekt, Der is in pear kear sprake fan in muzikale komposysje, ien kear sels fan in symphony (dy't trouwens op 'e piano spile wurdt), mar it seit jin neat: de filmmaetskippij moat earst in pear komponisten opdracht jaen, filmmuzyk to skriuwen dy't jin der in suggesty fan jowt. Ien fan 'e foarnaemste motiven yn it boekje is it feit, dat in frommis har net oan in man jaen kin, om't sadisten har yn it konsintraesjekamp to nei west hawwe. Der wurdt ús wol sein, dat it gesicht ynwyt wurdt op it kritike stuit, mar de close-up fan 'e film hie ús pas hwat dien. It pathologyske is trouwens altyd al hwat dêr't men hoeden mei wêze moat. Men moat it sa wiidweidich biskriuwe, dat it oertsjûget, mar dat foreasket in neifielen dêr't sels in psychiater net ta yn steat is yn in gefal as dat fan dit vaginisme, of hoe't soks mar hjit, of men moat der poëzy út slaen lyk as Shakespeare út de dwylsin fan Kening Lear, dêr't noch rede yn is en mear as rede. De omslachtekening, dy't op it gefal slaen sil, is bêst.
Wadman freget; ‘Hwat humor, hwat relief, hwat kontrastwurking wurdt der dold út terpierde en dong?’ Dizze skriuwster biwiist dat men op syn minst like goed sûnder humor skriuwe kin oer Rotterdam.
Fansels kin men wol koart krieme ek as men sokke swiere motiven nimt, mar dan moat it folle geastiger en flitsender, of men moat sa lapidair wêze as it Alde Testamint. Dit proaza hat sa'n bytsje forhef, dat jins eigen fantasy net ta oanfoljen aktivearre wurdt; rhythmyske spanning ûntbrekt der oan, it binne sinnen sûnder feart, al hoe hurd wy troch it forhael hinne stouwe.
Oft der dan gjin goeds fan dit boekje to sizzen is? Ja