alpha en omega fan dy taelkultuer bistiet út de eask om it Frysk sa fier mooglik fan it Hollânsk ôfskaeije to litten. Hwant dan docht men net allinnich de taelhistoarje gewelt oan, mar de tael sels. Sprekt út dit motyf net op 'en suversten it minderweardichheitskomplex dat Fryslân yn syn siele bimantele hat?
Hwat men mei dizze staveringsbakkerij, ik siz net: fan doel is, hwant dy doelen meije sa hillich en sa suver wêze as men foar Mem Fryslân mar winskje kin, - mar: birikt hat, is oars net as in anachronistyske taelisolaesje fan Fryslân, dy't ús werombringt nei it stadium fan de ‘prefester’ en de ‘abbekaet’ as de yn wurdforbasteringen bispotlik makke fortsjintwurdigers fan in anti-Fryske hegerein. As Fryslân him kultureel yn it Europeeske ramt pleatse wol, en as ik it goed haw, dan tinkt de redaksje fan ‘Fryslân Oerein’ frijhwat Europeesk, dan moat men mei dizze provinsjalismen net mear oansjouwen komme. En oars miskèn men de wearde fan it kultuerwurd. Miene de Krollianen dat hja op dizze wize it kultuerwurd ta folkstael meitsje kinne? It liket my in faei ûndernimmen ta. Likemin as men in hiel folk ta ‘yntellekte-welen’ opfokke kin, kin men fan alle ‘yntellektewelen’ folksmannen meitsje. Dy kleau net to sjen, is romantyk fan in foarbij tiidrek. Prof. Verdenius plichte de frjemde wurden fan ynternasjonale wearde ‘fredesdouwen’ to neamen, en al past it byld faeks hwat al to folle yn de tiid fan Foarútgong en Forljochting en ynternasjonalisme, dy't efter ús leit, alhiel dwaas is it dêrom net. Wol Fryslân diel hawwe oan de Europeeske kultuer, dan moat it him net isolearje yn in binypt frjemdewurde- en staveringspurisme, dat ta de Harmen Sytstra-romantyk heart. Dan moat it de moed hawwe it frjemde wurd, mei syn faken net alhiel op 'e Fryske artikulaesjewize ôfstimde lûdynhâld, foar in part yn syn Europeeske wêzen to litten. Foar in part, siz ik. Men moat tige hoeden wêze yn dizze dingen en binammen...... geduld hawwe. Frjemde wurden foegje har fansels yn it kader. Hûndert jier forlyn skreau men yn it Frysk it frjemde wurd kursyf. As wy hûndert jier fierder
binne en Fryslân hat it sa lang úthâlden, dan binne in poarsje wurden faeks al ladleas yn ús lûdsysteem opnomd en hat men ek gjin staveringsrevolúsje à la Krol mear nedich. En salang moat men mar hwat skipperje, en de saek net forsearje troch in foartidich ‘systeem’, hwant salang't in tael libbet is elk systeem der op tapast út 'en kweade. Men skeart dan oer ien kaem hwat net gelyk is, en forliest it fielen foar de nuances, dy't yn de tael krekt sa wichtich binne. Elk frjemd wurd hat in eigen skiednis, in eigen aerd, in eigen gefoelswearde, komt op in eigen wize, mei in eigen sfear, yn in eigen tiid ta ús. Elk frjemd wurd is in gefal op himsels, men kin se gjin ienheitspakjes oanlûke, mar se moatte op eigen wêzen hifke en bioardiele wurde. Elk oernaem wurd yn in biskate tael hat in spesiale forhâlding ta itselde wurd yn dy oarspronklike tael. It Frysk ‘avesearje’ is net itselde as it Frânske ‘avancer’. De iene frjemde útgong lit him makliker yn in oare tael bûge as de oare. As de studinte-romanticus S.F. syn tsjinstanders forpletterje wol troch de fynst, dat yn dy harren eggen it wurd ‘avesaesje’ tonei skreaun wurde moat as ‘avançaty’, dan forjit er dat it wurd ‘avançation’ yn it Frânsk net iens bistiet, en makket himsels ta in bispotlik dogmaticus fan it soarte dat ‘zum Teufel’ op wei is.