De Tsjerne. Jaargang 4
(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermdY. Poortinga:
| |
[pagina 346]
| |
sjoch en de meast klassike sinnen omtrint wurdlik út 'e holle opsizze kin, wylst fan 'e Reedridder, dy't ik in wike lyn lêzen haw, al in hiele bulte bigjint to forskimerjen? Nim ik sa goed net mear op? Wurdt myn ûnthâld minder? Komt it om't Beets by einsluten dochs greater talint wie? Ik soe wol ris witte wolle, hoe't de skoaljeugd nei hûndert jier op in stik proaza as ditte reagearret. Of, soe ik ek ris wêze kinne, dat foar de foardielen fan 'e psychologisearring like greate neidielen oer steane? Dat in forhael, hwat it oan analyse wint, oan byldzjend formogen en dêrtroch dochs noch oan definitivens en krêft mear as forliest? Hawar, tobek kinne wy net wer, mar wy sille ús skielk wol wer fan 'e psychology losmeitsje moatte.Ga naar voetnoot*) Oer de psychology net mear, it liket my ta trouwens dat Wadman net in al to dogmatysk psycholooch is en dat er alderearst út syn eigen libbensoanfielen wei skriuwt. Ik bin nou dochs oan 't forgelykjen; as ik Wadman fan dat oangeande mei in oare skriuwer forgelykje soe, soe ik him de tsjinfuotter fan Marten Baersma neame wolle. Beide skriuwe hja oer puberteit en feintejierren. Mar Marten Baersma biskriuwt it stille lok, de idylle, hy bisiket de ealens fan it jonge libber wer to jaen, hy hat each foar it romantysk moaije dat der yn it earste ûndergean fan folle libbensforskynsels wêze kin. By Wadman is dit allegear hwat de Hollander neame soe ‘ontluisterd’. By mei graech de rekken opmeitsje en dan komt er ta it bislút dat de som gelyk nul is. It fleis is neat, de geast it neat en de synthese fan allebeide is Hike. Nou is de biskriuwing fan de forhâlding mei Hike tinkt my it swakst en fan de ûnripe leafde krije wy mar in bleek byld, it positive der yn hie suggerearre of it gefal hie skerper ironisearre wurde moatten, de ôfrin lykwols is dúdlik s nul komma nul. Marten Baersma is iensidich, mar Wadman ek. It ‘mar dochs’ ûntbrekt my tofolle yn dizze novelle, likegoed as yn ‘Fioele en faem’. It libben is biroerd en de leafde en al dy oare dingen falle ôf, ‘mar dochs’.... As Wadman dit allegearre fan him ôfskreaun hat, komt er faeks oan | |
[pagina 347]
| |
dat oare ta. En as it sa swier bifochten wurde moat sil it net opperflakkich wêze. En by hat forlet fan itselde dêr't wy Fryske skriuwers allegearre nedich' oan ta binne: grepen to wurden fan in great ideael of in greate realiteit. Nou hâldt er noch opromming ûnder 'e âlde rudzen. Oan de tekeningen fan Martha Wadman haw ik myn wille wol. Hja jowe mei in inkeld streekje faek it meast karakteristike fan in persoan, foaral de humoristyske kant dêrfan. |
|