Ta filmflitsen binne wy ek yn Fryslân al inkelde decennia biwend. Dy't hjir, it psychologysk aspekt fan de saek net achtsjend, wize woe op Geart Jonkman, dy soe men wize kinne op in forhael fan N. Haisma, ‘Hjerst’, syn bêste wurk neffens my, dat it filmprosédé konsekwint en mei forrifeljende skerpte en faesje trochfiert.
Hwat is tweintich jier yn in litteratuerskiednis, sil men freegje. Mar tusken dy tiid en uzes leit dochs mar in wrâldoarloch yn. Miskien is it dêrom dat ik eins net oars as yn suver persoanlike wurden oer ‘Earste keur’ prate kin. It is in persoanlik-twivelriedige forhâlding' hweryn't ik foar dit boekje oer stean, mar in twivelriedigens dy't op gefoelsgrounen, mei alle krityk, dochs iderkear nei it posityfwurdearjende oerslacht. Elts hat fan dy jierren foar 1938 in persoanlik oantinken, in eigen visy, biskaet troch feiten, mar net minder troch in sfear. As ik it hiel persoanlik sizze mei: foar my hat dy tiid hwat fan in forlern paradys, dat syn helderste útdrukking fynt yn it byld fan in ûndergeande sinne dy't nije huzerigen fan in stêd (Ljouwert?) yn in gril, ûnheilwytgjend en dochs fan wémoedigens trochweakke ljocht set. Wis, datselde docht de sinne by stuiten nou noch, mar oars, mei in oar aksint, mei in oare bidoeling ek, minder yn in gearmjuksel fan soargeleazens en wémoed. En foar my roppe Tuinstra syn sketsen, binammen dy iene, dy't ik fan allegear de bêste achtsje, ‘Janny en de Maitiid’, iderkear wer in ljochtskyn fan dat paradys op. In sfear, in blink, in glâns, en dochs genôch foar it weromkennen en de wémoed fan it forlern hawwen.
It is in nuodlike forhâlding dy't men op dizze wize mei in boek oanknopet. Sa'n soarte forhâlding nammers soe men ek oanknoopje kinne mei Vicki Baum's ‘Hélène Willfuer’, ‘Menschen im Hotel’, ja, mei in rige Dútske schlagers út dy tiid, - Tuinstra sels bringt my op ‘die Liebe der Matrosen’. In nuodlike forhâlding omt men nou ienris yn 'e litteratuerskôging mei feiten arbeidzje moat, en omt it dêrby wenst is to sykjen nei dat ‘hwat bliuwt’, hwat ‘fan alle tiden’ is. En foar my is it binammen dat al to zeitgemäsze, dat de wearde en de bikoaring fan ‘Earste keur’ útmakket. Ik haw noed, dat dizze sketsen, ûntdien fan dy oanknopingspunten mei in paradyseftich, mar miskien ynfantyl forline, dy bikoaring forlieze soene.
Mar ek om de feiten kin men by Tuinstra net hinne. Syn toan, syn situaesjes, syn sfear meije ‘30-ersk’ wêze en