shocking achte, om in stik Amerikaensk anti-semitisme foar it publyk to bringen? Sa net, it negerfraechstik is ek gjin reklame foar de blanke kultuer dêrre.
Yn ‘It preses’ giet it om in histoarysk drama, dat representatyf is foar de wrâldskiednis en wurdt in twingend birop dien op it kristlik gewisse. Yn de film fan Robson wurdt it probleem yndividueel steld en psycho-analitysk bidjippe. De neger Peter Moss moat mei fjouwer blanke maten in eilân yn kaert bringe, dat troch tuzenen Jappen biset is. It is suver in boppeminsklik ûndernimmen. Men soe forwachtsje, dat yn dizze mienskiplike need in kammeraetskip opbloeit, dy't alle ressentiment fan de rassen útdwêst. Mar binammen ien fan de mannen kin it lekskôgjen op 'e swarten net litte. It is soms mar in wurd, in hint, sabeare humor, mar dy't Peter as messen stekke. En sels de bêste fan de blanken, Peter syn trouwe kammeraet Finch flapt der op in krityk stuit ‘forrekte neger’! út. Peter komt mei in skock werom en leit lam yn it hospitael. Hjir kriget er in dokter, dy't him troch in psycho-analityske bihanneling geastlik en lichaemlik genêze wol. It giet yn dizze film om it petear tusken Peter en de dokter.
Peter fortelt syn skiednis, klaget syn need en syn iensumens, omdat it net to dragen is, dat er him ivich en erflik skamje moat foar syn âlden, syn berte. De dokter, in wiis en humaen man, bisiket yn in fyn-útspoune dialooch it probleem to forklearjen en Peter fan syn minderweardichheitskompleks to forlossen. De oaren, seit er, skimpe allinnich omt hja net wis fan harsels binne, omt hja har bang en iensum fiele. Meitsje dy lilk om dizze hâlding, mar skamje dy net, skamje dy nea, hwant dû bist net minder as hja. Hy kriget Peter sa fier.
In oplossing is dit fansels net. De skerpste en pynlikste kanten fan it probleem wurde hjir mijd, de hertstocht fan it lôgjende protest wurdt hjir mist, Hjir wurdt allinnich de wei wiisd om yndividueel it libben út to hâlden
Der wurdt ek yn dizze film hast spile. Foaral James Edwards byldet de neger dramatysk en suver út. De opset fan de film is sober en geef en tsjûget fan in fyn yntellekt, in waerme humanens en in greate earnst, En it suggestive slot, as Peter ôfset mei in blanke kammeraet, dy't him bigrypt, dy't allinnich de minske yn him sjocht, is in wytging, hoe't it kin en hoe't it moat.