| |
| |
| |
Fedde Schurer:
Keningen nei tritich jier.
Douwe Kalma: KENINGEN FAN FRYSLAN, fiif toanielstikken yn fersen, I. Dokkum, Fa. J. Kamminga, 1949.
As men sels as jongfeint de jierren fan de Jongfryske biweging meimakke hat, mei al har geastdrift en har heechfleanend idealisme, mei har ûnrjochtfeardige foroardielingen en har ûnbidige forhearliking'en, en men lêst dan nou de karakteristyk fan dyselde jierren yn Anne Wadman syn ‘Frieslands dichters’, dan sjocht men dat der hwat foroare is.
Doe bistie der de tsjinstelling, it hiele Fryske libben bihearskjend, dy't men it bêst yn twa nammen oantsjutte kin as de tsjinstelling Kalma - Hof.
Hat de tiid hjir rjocht dien, ha de tritich tuskenlizzende jierren it skeel oplost? Mooglik - mar dochs oars as de beide partijen fan doe it har tocht hiene. Kalma is grif net op alle punten yn it lyk steld, en dêr't eartiids Hof wie, dêr is nou in idele romte.
De jongerein fan nou is yn gjin gefal in Hof-jongerein, mar like biswierlik is it har as Kalma-skoalle oan to merken.
It kin hjir de bidoeling net wêze alle wearstannen to biskriuwen en to forklearjen dy't de figuer fan Kalma sa foar en nei yn de biweging en yn de litteratuer oproppen hat, mar dat dy wearstannen der wiene stiet fêst.
Nei de kant fan Hof wiene hja, mocht it net sûnder striid wêze, to oerwinnen, omdat hja de tijd tsjin hiene. Hjir wiene hja de krêft fan reaksje en foarbije dagen, it hege wurd fan in âldere generaesje op ôftocht.
Mar slimmer en mear komplisearre lei it by Kalma syn tiidgenoaten en it laech dat nei him kaem; hja ûndergongen syn ûnmiskenbere autoariteit as in swiere druk dy't op har lei, mar dy't hja net kwyt koene, omdat it har oan it lykweardige talint miskearre. Jierren oanien wie der in smeulend, ûndergrounsk forset, dat om 'e nocht om syn foarm sochte. Men wegere Kalma syn wurk de bilangstelling dy't it fortsjinne, ré om dy yn folle mjitte to jaen oan de oare, dy't der spitigernôch net wie. Spitich ek foar Kalma, dat dy der net wie. Syn tragyk waerd dy fan de man dy't gjin portuer fynt.
***
| |
| |
Yn dy romrofte tiid fan 1918 liezen wy yn de foarste jiergong fan Frisia de fragminten út ‘Kening Aldgillis, epyske forbylding foar great toaniel’, en it is min to biskriuwen hwat effekt dit op ús as jonge lêzers, tiidg'enoaten fan de skriuwer, makke.
Men fielde jin mei ien slach oerpleatst yn in hegere klasse. De striid tsjin it provinsialisme, slachwurd foar dy jierren, is nea yn sokke treflike wurden biskreaun as dat hja wier makke waerd yn dizze died; de yntroduksje fan it drama yn greate styl yn de Fryske litteratuer. De yntocht fan de keningen yn it nearzige fjurhok.
Men koe der fan alles fan sizze, lekskôgje op 'e tael, op de ûnfryske swier fan dizze klassisistyke styl, op de ûnspylberens fan it gefal - it die ús allegearre neat. Hwant wy fielden dat hjir mear to rêdden wie as it oanbieden fan in mear of minder slagge toanielstik. It wie in goai nei it greate en hege, in goal dy't doe gjinien oars meitsje koe as Kalma.
Dat is en bliuwt de greate bitsjutting fan Kening Aldg'illis, dat it Fryslân forboun mei syn forline en tagelyk in doar iependie nei syn takomst. It makke romte, widens, loft om to sykheljen. De selde romte dêr't wy nou yn libje. It is maklik om to sizzen: dy romte hie der oars ek wol kommen, hwant de tiid easke it. Mar de skiednis bitsjinnet har fan minsken, en net ien kin tsjinsprekke dat de minske dy't hjir de tiid forstie en it wurd spriek dat needsaeklik sprutsen wurde maast, Douwe Kalma wie.
De triomftocht, dy't men forwachte hie dat Kening Aldgillis meitsje soe, is nea makke. It stik is biwûndere, in kearmannich binne der in pear bidriuwen út spile, doe is it forgetten. Wie it dochs to ier kommen?
Mar de skiednis fan Fryslân is opboud út mislearringen en misbigripen; soe it mei syn litteratuer oars wêze? Fan de âlderein wie net to forwachtsjen dat hja har skouders sette soe ûnder in wurk fan de man, dy't hja troch de eagen fan Hof sjen leard hie as de fijân fan ienfâld, wierheit, Fryske trou en idioom. En de jongerein, dy't syn bigjinsel oannommen hie mei barn en gram, mar syn persoanlikheit net akseptearre, liet it like radikael sitte. Sa kaem; Kalma op in ienlik plan, en stie Aldgillis foreare en forgetten yn 'e boekekast.
Lit de film fan 'e skiednis him tobekdraeije, en kin men fan in ienkear forlitten punt út wer bigjinne?
| |
| |
Kalma komt om syn wraek, Nei tritich jier fine wy it âlde Kening Aldgillis werom, mar fornijd, foroare, oanpast ek. De man, dy't him safolle jier op dit stik stilhold, stiet ynienen mei in ‘hwat ik sizze woe’ oerein en fettet de ôfbrutsen tried wer op.
Ik moat tajaen, dat it net spyljen fan Kening' Aldgillis yn syn âlde foarm net inkeld to forklearjen is út ûnwil en mei opsetsin deaswijen, Sa't it der lei, wie it stik net spylber; it wie to lang, to lyrysk, en stelde seis oan de biropsspylder ûnmooglike easken.
Mar it bigjinsel, likefolle nasjonael as litterair, dêr't it op boud stie, wie suver: de expansy fan it Frysk ek nei it gebiet fan it klassisistysk toaniel, Dat wie in stik fan ús Frysknasjonale aspiraesjes. Dat bigjinsel hat woun en, lit it wêze lâns oare wegen, yn de forroune tritich jier fuortgong makke, dy't net mear to kearen is.
***
Ynsté fan Kening Aldgillis leit hjir nou foar ús in prachtich útjown boek (Kamminga op syn bêst) ûnder 'e titel: ‘Keningen fan Fryslân’. Fill toanielstikken yn fersen. Fan dy fiif bifettet dit boek, dat in earste diel is, trije: Thied, Aldgillis en Ydwine. Yn de foarste twa fine wy de oarspronklike Aldgillistekst werom; Ydwine is in nij stik, skreaun yn it winterhealjier 1941/1942.
Aldgillis en Ydwine kin men as aparte stikken sjen en spylje. Mei Thied stiet it wol hwat oars; it is gâns koarter en grif net birekkene om der in hide joun mei fol to spyljen. It sil oan Aldg'illis foarôf gean moatte, dat ek fan omfang bihyndiger is as Ydwine, Boppedat foarmet Thied gjin toaniel op himsels, omdat it net ta in útdragen saek laet en net mear as it bigjin jowt fan in dramatyske ûntknoping.
Men ûntkomt by it lêzen fan dizze stikken fansels net oan it meitsjen fan forlikingen mei de ‘oer-Aldgillis’. De fraech fan de spylberens, in foroare hystoarysk ynsjoch, de kar fan it hystoarysk oannimlike boppe it mythologyskeyn-'e-romte en faeks noch oare faktoaren hawwe de skriuwer ûnderskate foroaringen yn 'e pinne jown, dy't soms wolris in rare smaek neilitte, mar ek faek forbetteringen binne, Der is in stribjen to merkbiten nei it forwiderjen fan rhethoaryske omballingen en útspinsels, dy't it drama yn syn âlde foarm al to folle hie, Lange monologen binne oant op 'e helte ynkoarte; de forkundiging fan Wilfrid oan Jûle is ienfâldiger en klearder wurden mei it forfallen
| |
| |
fan it opset om Wilfrid syn Kristendom yn oerienstimming to bringen mei humanistyske opfettingen út 1918. Dizze bisnoeiïng bitsjut oer it algemien winst.
Soms hat de tekst troch in foroaring, dêr't men de reden net altyd fan neigean kin, oan oarspronklikens en krêft ynboete. Sa seit Redbad yn de âlde lêzing, as Keimpe Martena him op it hynder by de stins fortoant:
‘Thor, Thor, hwat skrikbre hún! de dwaze slaef
Trúnt my yn de eigen stins ta deaslach oan!’
wylst yn de nije versy dizze rigels wurden binne:
‘By Donar! boetsje sil er my dy hún,
Us jit to fergjen, hjir yn de eigen stins!’
en Ydwine, dy't yn 1918 forklearre:
‘Mar moat troch skande en misdied Walhal stean
Dan sil ek ik nei Kristne godshûs gean’
hâldt nou in slach om 'e earmtakke, as hja mear foarsichtich seit:
‘Dan sil ik witte, en ealer wegen gean’.
De ein fan dit bidriuw (op side 53) is trouwens op forskate punten, yn de reäsjes fan Redbad, Ebroïn en Ydwine, ôfswakke, De skriuwer moat hjir in biskate bidoeling mei hawn hawwe, dy't my noch net dúdlik is; mar ik sae dochs sizze dat in Ebroïn-spylder krekt yn dy forfallen passage fan de ‘tsjoenderij, dêr t him ‘de tonge by gearlûkt’ in better kâns krige as yn it wakker dizenich protest dat derfoar yn it plak kommen is, en dat in Ydwine op it toaniel fierder komt mei de ienfâldige replyk: ‘Feilich is inkeld hwa't op God bitrout’ as mei de nije formule: ‘Nin ien hat frede as dy't it tsjoed wearstiet’.
Kalma hat ek nammen foroarje moatten. Liet er yn 1918 yn Fryslân Odin en Thor forearje, dy hawwe nou, miskien wol histoarysk krekter, plak meitsje moatten foar Wodan en Donar.
Slimmer is it mei de pylger, de prins incognito, dy't op it lêst gjin god mar in minske is. Yn de foarste Aldgillis makket er him bikend mei de wurden: ‘Arthur en prins fan Inglân neamt men my’.
Hy is nou A'ltfrid, in keningssoan út Noardhumberlân, en by moast dat wurde om de oansluting op it nije stik ‘Ydwine’ mooglik to meitsjen; de Arthursage waerd opoffere oan de komposysje.
Mar al mei al kin men dochs wol sizze dat it Kalma slagge is it wêzentlike fan syn Aldgillisdrama to rêdden
| |
| |
en yn restaurearre foarm in weardich plak to jaen yn sa'n hiel oare tiid as dêr't it yn skreaun waerd.
Sil de dichter slagje yn syn greate opset fan Shakespeariaenske allure om in rjge Fryske kening'sdrama's to jaen, dy't net inkeld byset wurde yn in histoarysk archyf, mar yndied ûnder it Fryske folk bigjinne to libjen? Dat sil der fan ôfhingje oft it folk it oannimt. Hwant in toanielskriuwer kin net allinne arbeidzje; der moat in ploech spylders efter stean dy't it mei him noedzje doar.
Mar der is noch in oar bitingst: dat it de skriuwer slagget fan syn great foarbyld, Shakespeare, de ynspiraesje to hâlden en de imitaesje to ûntgean. Hwant Shakespeare sels mei ûnstjerlik wêze, de Shakespearianen binne it dêrom noch net. Dizze histoarjes wurde achte seishûndert jier lyn ôfspile to wêzen; mar as hja wer foar ús eagen ôfspylje sille, dan moatte hja ek de geast en de amme fan ús eigen tiid yn har hawwe. Gjin skriuwer ûntkomt dêroan op straffe fan de vitale factor yn syn wurk. En de tiid hâldt ek yn dit stik gjin skoft; wy ûnderfine it binammen nei de oarloch, by konfrontaesje mei skriuwers út in earder tiidrek. De stikken fan Ibsen en Shaw, dy't troch de jierren meigongen, binne útspile, en hwat slimmer is, útlêzen. Heijernmans is net mear oan to sjen, oan Canne komt men yn Fryslân net mear ta en Schuitmaker hat himsels oerlibbe. De actualiteiten út har wurk binne net actueel mear. Dêr kin men net de maklike konklúzje út meitsje, dat men dus it bêste docht alle actualiteiten wei to litten, om in boppetiidlike wearde oer to hâlden. Hwant dat is it krekt: de skriuwer wit sels net en kin ûnmooglik witte hwat fan syn wurk bliuwend wêze sil en hwat net. Dat leit earn oars yn as yn syn stoffe en yn de bihannelingswize, en inkeld de jierren dogge dir útwizing oer; by moat it der op weagje, en spylje op lok of unlok.
Dat de tijd ek dizze keningsdrama's oantaest, docht al bljken út it merkbere forskeel tusken it njjere Ydwine en de foarôfgeande stikken. Ydwine is minder lyrysk, better spylber, it slút neijer oan by it Shakespearefoarbyld en de persoanen lykje mear op minsken en minder op symboalen fan keninklikheit, trou, forded en fierdere keninklike deugden.
Goldwig is in echt Shakespeariaensk loeder, stael fan alle munstereftichheden dy't in minske yn him hawwe kin,
| |
| |
en as sadanich foar it Fryske toaniel in oanwinst, dy't skerp swart op wyt tsjin de fromme en deugdsume Ydwine ôfstekt. De biweechlikens fan it gehiel is greater, en dizze tafrielen libje mear as de tableaux vivants út Aidg'illis.
Men kin, sjoen út in eachpunt fan psychologysk realisme, de earnstichste biswieren meitsje tsjin it klassisistyske drama, Men kin sizze dat it de minske gjin rjocht docht, him net op it plak set dêr't er stiet, tusken God en de demoanen yn.
Mar oan de oare kant moat men tajaen dat hjir in foarm fan elementaire visy tapast wurdt, dy't yn Fryslân oan diz' tiid ta oerslein is, alteast yn de greate styl dêr't dy hjiryn ta ús komt. Elementair, men soe ek sizze kinne primityf: de bilicheming fan it kwea yn de bûtenwrâld. De striid tsjin it kwea is dus de striid tsjin de machten fan bûtend; de fijân, de naturkrêft, de omstannichheden, Der giet in sterke, stimulearjende wurking fan út op de taskôger dy't noch net fan de Freudiaenske of de Bibelske kennisbeam iten hat, De idealisearring' fan it folk, dy greate en mystike collectiviteit dêr't de lytse persoanlikheit forgreate op projectearre stiet, wurdt yn allegoarijen sichtber en taestber makke. Wol men dat, dan is ienfâld needsaeklik bitingst.
Dan kriget men yn inkelfâldige foarmen de dramatyske striid fan de minske tsjin it oermachtige needlot, dêr't er of tragysk by ûndergean of heroysk yn oerwinne kin, mar foar psychology yn djippere sin is hjir gjin plak, Dit bitsjut gijn forwyt oan 'e skriuwer, mar in typearring fan it soarte stikken.
Hwant hwat de geastlike eftergroun oangiet, de striid tusken Kristendom en Heidendom, dy't de stoffe foar dizze drama's útmakket, bitsjut foar Kalma in episoade yn de ûntjowing fan it folkslibben. As syn helten wifkje yn har kar, dan is dat omdat hja it goed en tsjoed foar it folk ôfwage, mear as in wrakseling om de wierheit. De skriuwer sels jowt yn syn ynliedjng de yndruk, heidendom en kristendom ôf to mjitten neffens har forhâlding ta in boppe alles steande fordraechsumens, hwat tsjut op in foarûnderstelde synthese, Sterker jitte as yn dizze stikken komt dizze idé nei foaren yn it al earder apart forskynde stik út dizze rige, Leafwyn; it ienige dat by einsluten bliuwt is de trou, foar de ienlike Redbad net mear de trou oan de goaden, mar oan it folk.
| |
| |
Sa wurdt alle godstsjinst in foarm fan folkstsjinst. Yn djipste bitsjutting kin ik it dêrmei lens wêze, mar dan allinne as gefolch, en net as doel. ‘Sykje earst it keninkryk fan God en syn gerjochtichheit, en al dizze dingen sille jim der op ta krije.’
Sa bringt de structuer fan it drama ús hjir fuort by de grounfragen fan libbensskôging en psychology. Hwant komt men theolog'ysk mei de helten fan dit drama net fierder, ek psychologysk litte hja gjin romte, omdat dan de bou fan it wurk seis oantaest wurdt. Foar dizze hilligen bistiet der gjin skuld, foar dizze sûnders gjin forlossing oars as in liturgyskenien. Foar de moderne minske is de striid tusken God en de demoanen in totale kriich wurden, dêr't er seis yn bihelle is, net inkeld as strider mar ek as slachfjild.
Keningen binne symboalen en fortsjinwurdigers fan it folk, en it drama fan 'e tiid wurdt yn harren net fierder sichtber makke as yn it boppepersoanlike. Dat jowt oan dizze histoaryske stikken hwat oerflakkichs, mar tagelyk hwat oersichtliks. Oersjoch giet hjir boppe ynsjoch.
Jitris, dit is gjin foroardieling. Hwant ek nou noch, tritich jier nei it skriuwen fan de foarste Kening' Aldgillis, is dit wurk mei fan it meast weardefolle dat yn Fryslân skreaun is. Omdat it yn de ûntjowing fan de Fryske litteraire biweging in nije fase ynlet hat; omdat in kloft fan provinsiale skriuwers mooglikheden boppe harsels iepenbiere, en de tael ferge op greater expansy, libbensneedsaek foar in groeijend folk.
Wy hoopje op fordjipping fan it psychologysk toaniel. Mar it soe ûnrjochtfeardich wêze dizze hope út to spyljen tsjin de mooglikheden foar it histoaryske drama dy't har hjir iepenje. Yn in bloeijende folkscultuer kinne hja net inkeld, mar moatte hja njonken elkoar bistean.
In inkeld wurd noch oer de spylmooglikheden. De eardere Aldgillisopfieringen, en ik soe de Simsonopfieringen der by neame kinne, hawwe ús wol sjen litten dat toaniel fan dit formaet foar Fryslân in hast to kostber ding is hwat oanklaeijing oangiet. Miskien fortsjinnet it omtinken to bisykjen oft men ek dit wurk net spylje kin yn ienfâldiger foarm, sûnder at to folle bihang' en sûnder al to djûre costúms. De goede wil en seis de geastdrift is by party spylders yn Fryslân greaternôch. En de goede forsteander mei oan in heal wurd genôch hawwe, de goede taskôger docht it wol mei in heal costúm.
|
|