| |
| |
| |
Willem de Jong:
Seis gedichten.
Swier waer. I.
It skynsel fan it fiere ljochtsjen
strykt oer it stil interieur;
de goede, sa biwende dingen
stean forheard yn lead-blauwe kleur,
en ek it bêd is ûnrêstich,
ûneigen, kin my net bêdzje,
sjoch ik de wylde horizont,
spand stean fan de sappen.
| |
Swier waer. II.
dû wurdst wei yn 't bline
| |
| |
| |
Lit wanhoop libje.
en achteleas forsnipperje
Ik bin bang foar de nacht
dat ik net hâld de wacht,
foar nachten, dy't yn froedens
en rimpelleas stil ûndergean,
as de bisten dom stoarjend stean
en de dingen frede yn ha.
lit my 't ûnbirikb're priuwe,
| |
Koarte treast.
Nei de stoune fan fornuvering,
it swiere amjen, 't bêdzjen
yn dyn rank en waerm biskûl
en it reade, hege klinken
as alles mjitleas en folslein,
fan dizze moarntiid glen is,
| |
| |
| |
Rein.
't uterst' fan dyn lannen,
ea to blinken yn dyn ryk,
mar hwerom gjin oernachtsjen,
| |
Skuorre.
Op 'e drompel bliuw 'k stean,
wifkjend om fierder to gean;
mei hûnderten hifkjende eagen;
de muorren ha driigjend gewicht
de gollen skoud'rje my fel
en yn hernen mûskoppet it ark;
blank lelt de telle, ôfwizend,
Stiltme en rook hawwe dyn mark,
de dingen binn' fol fan dy!
Ik doar net fierder to gean.
|
|