| |
| |
| |
Sjoerd Leiker:
Pray Ferenc.
Dit is it forhael fan Pray Ferenc dy syn heit arbeider wie yn de locomotyf-fabriken fan Budapest, dy't letter yn Roe-menië mei oan it front stie, as soldaet, om de Russen op to kearen, dy't in jiermannich - jierren dy't hast net oer to sjen wiene - hwat omslein hat yn in kamp yn Siberië en dy't fan likernôch 1920 ôf oan syn dea ta as bline bidler sitten hat oan 'e foet fan 'e trep, dy't jin bringt nei it Fischer Bastion. Hy siet dêr syn hân op to hâlden, hwat moast er oars.
Pray Ferenc wie it jonkje op bleate fuotten, it dimmen en skruten aepeftich lyts âld mantsje, dat alle moarnen de bline fornielde minske to plak bringe moast, hieltiten wer op deselde tegel, foar deselde trep en dy't de munten opsykje moast, dy't njonken de hoed foelen. Nea hat de âlde man him der om frege om him nei boppe ta to helpen, ûnder de poarte, om to bidden, om to taesten oan de pilaren, om tominsten in lyts part fan it bouwurk yninoar stoarte to litten boppe op syn soan, syn eigen skeind lichem, op it folk dêr't er it offer fan likernôch syn libben foar brocht hie. De âld man siet dêr mar, ûnder oan de trep, mei hieltiten itselde glimke op syn antlit as er in munt roffeljen hearde yn 'e hoed of rinkeljen oer de balstientsjes en dan sei er ‘Tankje’ en ‘God mei it goed mei jo foar hawwe’ en hy sei hast nea hwat oars. Ja, om toalf ûre dan wie it: - ‘Jonge, help my ris oerein’ en fansels jouns: dan kamen de forhalen oer de oarloch wer boppe en op 'e ein kamen de hannen gear en dan waerd der sein: - ‘God mei it goed mei ús foar hawwe’.
***
Doe op in dei moast it sa komme, dat de âid man efkes de stive skonken hwat úthelje woe en dat in man út Amerika mei in kodak en in sinnebril der oer stroffele. Dat barde krekt tritich dagen foar de dea fan de âld man. De persoan, dy't stroffele wie, liet de bline bidler nei it hospitael ta bringe en it die bliken dat der yn Amerika noch echte Samaritanen wenje. Hy bitelle alles hwat der oan de âld man noch dien wurde koe, ek de bigraffenis en hy helle Pray Ferenc oan as syn pleechbern. Pray Ferenc
| |
| |
waerd meinommen op 'e boat, by waerd bihannele as in echt bern, der waerd mei him ompield, hy krige boarters-guod, hy krige iten en drinken lyk as in echt minske, mar hy bleau sa skruten as in Fûgel, It die út alles wol bliken dat er tocht: dit doocht net - en: aensens sit ik mei de Samaritaen op strjitte en dan is alles wer lyk as it west hat.
***
De Samaritaen brocht him to plak op in ynternaet, dêr't goed tasjoen waerd op syn wurk en op hiel syn hâlden en dragen en dat de brieven foar him iepen makke, dy't de Samaritaen him stjûrde. Dat wiene allegearre geve lessen yn de rjochte libbenssin, dat wie rie foar dit en tie foar dat, dêr't it haed fan it ynternaet in andert op formulearre, dat Pray Ferenc dan wer oerskreau en ûndertekene. It wie foar him like min wurk as strafrigels skriuwe en hy hie altiten de gedachte: dizze man stoart ek nochris yn it ûngelok, krekt lyk as myn heit en dêrom wurd ik oanhâlden.
De Samaritaenske brieven kamen trije jier lang, sûnder missen, út Washington wei. It adres bleau trije jier lang itselde, Doe, samar ynienen, wie it adres fan ôfstjûrder in finzenis yn New York. - ‘Dat is net bêst’, sei it haed fan 'e skoalle. - ‘Nou skriuw ik gjin rigel mear’, sei Pray Ferenc en omt der doe gjin twingerij mear wie fan 'e kant fan it ynternaet, rûkte Pray Ferenc de frijheit. Hy roun fuort út it al ridlik biwende hûs en arbeide twa jier lang yn in plak, dêr't nimmen him koe, yn in lift. Dat gyng de hiele dei mar op en del, der waerd foar bitelle, mar it wie eins gjin wurk, Dàt foun er, doe't er twa poun to swier wurden wie foar de lift, yn 'e swiere yndustry, Doe't de nije oarloch opsetten kaem, stie er yn ien fan dy greate, moderne kathedralen, dêr't omskotten, geramten fan auto's parse wurde út swiere lapen blyk. De pleechheit wie yn 'e finzenis forstoarn, samar weirekke, in deagewoane hertforlamming by it fuotbaljen. In lyts advokaetsje, dy't hwat to meitsjen krige mei de wurklist fan it fabryk en sadwaende stuite op 'e namme fan Pray Ferenc, kaem mei it birjocht fan it forstjerren fan de Samaritaen delsetten by de pleechsoan fan syn eardere cliënt en mei in kladde fol brieven, dy't yn 'e sel skreaun wiene. Pray Ferenc naeide der noch deselde joun in linnen sekje foar en liet se mei in stien yn it wetter sinke. Dêr sonk noch de gedachte oer hinne: lokkich dat er net blyn wurden is, ek foar himsels.
***
| |
| |
It wie yn dy dagen, dat er yn 'e kunde kaem mei Margit Virág, in famke fan Hongaersk komôf. Hja siet earne bûten yn it gers, hja hie in wyt bloeske oan mei opborduerde blommotyfkes lyk as Hongaerske froulju fan it plattelân, fan de puszta dat hawwe en hja wie krekt sa lyk as hy dreamd hie, dat hja wêze moast. Hy wie op syn Sneinske kuijer, it wie Maitiid, hy hie in hoannefear op 'e hoed, hy hie it tige nei 't sin dy deis, hy fielde him it heartsje, hy fielde him och sa frij en omt hja nei him lake of om him lake - men wit faek net, hwer't it oan lelt by de froulju - sei er ‘jô napot kivánok’, dat wie sahwat it iennichste Hongaersk, dat er noch útbringe koe, mar it wie genôch, it wie folslein yn oarder.
De heit fan Margit wie fioelist, dy't yn in ferffabryk arbeide hie. Syn fingers wiene hurd en stiif wurden yn 'e ferfstoff en. Hy hie, lang lyn, in ienfâldige muzikale carrière yn it heitelân opoffere oan de mûglikheden fan de nije wrâld. Hy hie alle war dien om syn fingers to hoedzjen foar hurd, forhurdzjend wurk, hy hie yn 'e hûs syn eigen apteekje foar de forsoarging' fan syn hannen, hy hie jierren en jierren fan syn libben bistege oan tsjinakseljen, oan hânkultuer; hy hie ôfwikseljend alle soarte fan wurk oannommen en wer ôfsward om syn hannen; hy hie ynfeksjes hawn, dy't er as in hillige oerwoun mei ôfgryslike middels faek en mei de krêft fan syn hiele wêzen; hy wie bifetlik foar alle soarte fan ûngelok op it mêd fan minne sykten en drege kwalen en hy hie sa tusken al dy bidriuwen troch de fioele foar eagen hâlden en de strykstôk hantearre yn dy inkelde stounen fan genede, dy't it libben in tige pleage man noch oerlit.
Hy studearre troch, hy sette alles op alles en doe hied er op in swarte dei, yn 't fabryk, syn lofterpols brutsen. Doe't it bard wie, doe't dus bliken die dat al syn krewearjen en tsjinakseljen neat úthelle hie, kocht er in fleske forgif om der in ein oan to meitsjen, mar doe't er it yn 'e hûs hie tocht er: Ik ha ommers altiten witten, dat it sa barre soe - en dêrom sette er de dea earst mar yn 'e kast.
Hy lei it wurk yn 't fabryk del en bigoun, út 'e aerdichheit, in fioele to bouwen. Hy makke in searje, hy krige hwat namme as bouwer en doe't Pray Ferenc delsetten kaem yn it nij opset bouwerslibben, wied er krekt sa fier dat er sizze koe: As ik dan net birikke sil, hwat ik woe dan sil Margit it realisearje. Hja wie dwaende om har to ûntjaen as in tige gefoelich fioeliste.
| |
| |
Pray Ferenc - Virág koe dat net oars sjen - wie in dwersbongel, Virág mocht him min lije, hy die him hieltiten wer deselde fragen, hy woe him fuortfreegje. Hy sei: - ‘Hwerom bist fuortroun fan skoalle, hwerom woenen jo net oannimme, hwat it libben joech? Witte jo wol hwat it bitsjut, yn dit lân, earm to wêzen en in ideael to hawwen? Hawwe jo wol in ideael?’
Pray Ferenc seach laitsjend nei Margit en sei: - ‘Jawis haw ik in ideael’.
- ‘Jo kinne it net ûnder wurden bringe’, sei de âld man, ‘jo hawwe de geast net en dêrom kin ik net leauwe, dat it wier is hwat jo sizze, hwant as jo in ideael hawn hiene, dan hiene jo ek witten hoe wichtich it is as men in biskermer hat, dy't mei syn jild noed stiet dat jo it ideael birikke.’
- ‘Och, ik koe wol arbeidzje, is 't n't sa’, sei Pray Ferenc.
‘Ofgryslik’, sei de âld man en hy skodde de holle en seach nei syn eigen hannen, de ûnbiskerme taesters nei it lok, dy't safolle trochstien hiene, dy't boud wiene foar it allerfynste wurk, foar de muzyk en hy rekkene Pray Ferenc ta de allerdomsten, dy't duldzje wolle, dy't arbeidzje wolle yn smoargens en túch, omt hja net oars hawwe as kloeren. En oan sa'n monstrum soe it kunstnerslok fan Margit, it lok dat er sels mist hie, opoffere wurde, It wie der al oan opoffere, hwant Margit tocht oars nearne mear oan as oan dy man, oan dy primityf.
De âlde Virág lei ek it fioelebouwersark del en sette him ta it lêste hwat der noch oerbleau, ta de wraek. Op in jountiid die er in stikmannich drippen út it fleske mei forgif yn 'e wynglêzen fan Margit en Pray en ek yn syn eigen glês, dat er meinaem nei de sliepkeamer, Pray wie hwat knoffelich dy jouns en smiet it glês fan Margit om. Doe joech er Margit syn eigen glês en wylst skreau Virág in briefke, dat in healjier letter noch op 'e tafel lei by de prosesstikken. - ‘Wy binne formoarde’, skreau er, ‘ik ha altiten witten, dat it barre soe.’
Pray Ferenc siet seis moanne yn foararrest en reizge doet er frijsprutsen wie nei San Francisco. Hy hie dêr in wytskildere keammerke yn in hotel foar de lytse boargerij, in frije sel dêr't op 'e muorren de nammen stiene fan matroazen en de simboalen fan leafde en lok. It wie in swietrokich hokje, it helle him oan as in mem har bern. Hy
| |
| |
stelde him seis foar, dat er op wurk út wie, mar hy lei sahwat de hide dei op bêd om nochris en nochris nei to tinken oer hwat Virág sein hie: dat it net it wurk, it skreppen en klauwen is dat jin frijmakket - en hy tocht oan Margit, dy't him by de jas hie, dy't har deabinaud oan him fêstklaude en rop:
- ‘Pray, help my dochs, help my dochs’, en dy't stoar yn syn Barmen. Hy hie har dea gesicht streake mei syn wurrige wurkershannen en wylst kaem it byld fan syn heit by him boppe, dy wurrige, bline man yn al syn démoedigens, in âld jas fol minske, in oerbliuwsel, ta weismiten keard, dat op 'e balstiennen siet, dat oppast wurde moast, dat noch eamele, dat tûzen kearen op in dei út in droege kiel wei frege om hwat meilibjen. -'En as er dan safier wie skoude oer dat byld hinne de rjochtseale op it stuit dat de rjochter forklearre: ‘This is the most pitiable man, dy't ik ea meimakke ha’.
***
En wylst er dêr sa op bêd lei op dat keammerke yn San Francisco kaem oer him de genede fan in dream, Hy seach in eilân, dat as in heech en giel rjochthoekich blok opriisde út 'e sé wei, dat om sa to sjen net foar minsken tagonklik like, dêr't hy forwachte waerd of hinne ûnderweis wie of al wie - dat koed er net úmeitsje - en dêr't op fêste ûren in ôfgryslik greate klok let waerd troch in kloft soldaten, dy't elkoar ôfwikselen yn dizze tsjinst....
It wie dy dream, dy't him op 'e gedachte brocht om passage to nimmen op in boat en om fuort to farren. Troch de oarloch lykwols wie in individuele reis útsletten. Hy koe tsjinst nimme by de marine of as soldaet mei foarkar foar it fiere Easten en hy wie al sahwat út 'e rie, hy soe nei it wervingsbureau, doe't er in man tsjinkaem, dy't him op 't skouder kloppe en sei: - ‘Freon, wy hawwe in boadskip foar Jo’. Hy stie foar in lokaeltsje fan the Salvationarmy. Hy kaem to sitten njonken in séman, dy't mei oandacht harke nei it tsjûgenis fan in jong frommis. Doe't hja útpraet wie, sei de man: - ‘'t Is mar tige spitich, dat minsken prate kinne’.
- ‘Ja’, sei Pray Ferenc, ‘hja freegje to folle.’
- ‘Krekt’, sei de man, ‘hja wolle mear, as hja in lyts bytsje hawwe, hja wolle net dea as hja neat ha en hja wolle de himel as alles tsjinfalt en dêr prate se dan oer. Sa is der altiten hwat, sa is de minske, altiten tsjin 'e tried yn.’
| |
| |
- ‘Ja, en dan stekke se de hân mar út’, sei Pray Ferenc.
- ‘Nou, dat is by my it slimste net’, sei de man. ‘As men in aep is dan bitsjut dat honger, mar as men in minske is dan is dat eat, dêr't oer to praten falt, is 't n't sa, dêr't men net mei re komme kin, dat altiten hwat oars is. Ik sil Jo dit fortelle, ik wie kaptein op in skip, dêr wurdt fansels hiel hwat ôfpraet, mar ik sei altiten; - ‘Jonges, praten is forbean’. Ik hie in frachtboat en in kloft manlju dêr't suver gjin praet oan wie; ik hie se goed ûnder de kwint. Doe op in dei krigen wy in oare kok oan board. Ik sei:
- ‘Man, jo moatte hjir om tinke, wy dogge hjir in bek iepen om to iten, mar net om hwat to sizzen. Wy hawwe neat to sizzen, dus wy prate net’, Hy sei: - ‘Yn oarder, kaptein, ik bin it rabjen op dy oare boaten sad’. Bigjint my dy man net midden op sé to gûlen? En in pear tellen letter sjoch ik it fan ús masjinist. En doe is it bard. - Hy kloppe efkes op syn lofterskonk. Dy wie fan hout. Der wiene ûngelokken fan kaem.
- ‘Nou haw ik de ivige frede oan board’, sei er.
- ‘Ik soe wol mei jo meiwolle’, sei Pray Ferenc.
- ‘Dat moatte jo dan mar dwaen’, sei de kaptein. Hy praette net oer papieren, hy sette ek net op 'e haven ta, hy naem Pray Ferenc mei nei in pear winkels, hja bestelden û.o. sawn mudsekken fol apenuten en doe gyng de reis mei in âld Ford op it Suden yn by de kust lâns. En dêrre, yn in lytse baei, lei it skip, in âlde Chileenske frachtboat, beech op it wetter, min yn 'e ferve en mei in tichtstoppe skoarstien.
Doe't hja mei de sloep fan wâl stieken, sei de kaptein: - ‘Dû soargest aensens foar de apen, dat is dyn hiele wurk. Ik hâld net fan slavedriuwerij, sjoch, men moat hwat om hannen ha, mar net to folk fansels, hwant dêr komt mar gepraet fan en it moat sa weze dat der net praet wurde hoecht’.
Pray Ferenc knikte, hy hie der alhiel gjin nocht oan om to praten en ek net oan neifreegjen; hy tocht: Dit komt wol yn oarder, aensens helje se dy âld sek fan de skoarstien en dan kinne wy moarn of oaremoarn farre.
Mar op it skip kaem harren nimmen tomjitte. Der wie gjin folk oan board - dat wie al in faei teken - en doe't er yn de lytse passagiershutte mei de kaptein stie foar de kouwe fan de apen, dy't de hannen troch de traeljes stieken
| |
| |
en fansiden syn nije maet ris opnaem, waerd er efkes kjel fan it glinsterjen yn dy syn hurdblau gekke-each.
De kaptein folle de lege apehantsjes mei nuten en knikte tofreden, doe't it stomme selskip him oan it wurk sette om it foer binnen to krijen.
In lytse aep liet syn foarrie falle; in âld sleau bist, mar mei tige fûle eachjes, taestte him yn in omsjoch alle nuten foar de fuotten wei en gromme, doe't de lytse, alhiel oerstjûr, ek noch hwat bigripe woe.
De rest fan it selskip wie op syn iepenst, dat sadwaende wiene der fierder g'jin trammelanten. De kaptein wie alles tige nei 't sin en hy makke mei de hân in lytse oansjutting fan: sjedêr, de forklearring fan hwat ik sein ha.
De nuten wiene slimme gau trochslokt, de hannen kamen al wer op 'en nij troch de traeljes, mar de kaptein stampte efkes mei de houtene poat op 'e flier en dêr koed er mei folstean. De apen krûpten fan bangens tsjin it efterskot fan de kouwe.
Pray Ferenc waerd wiisd op in stôk, dy't yn in hoeke stie. Dêr wiene deselde resultaten mei to birikken as mei de houtene poat.
Jouns, efkes foar sinneûndergong, wie it foar de tredde kear fuorjen. Pray Ferenc stoppe hastich de útstutsen hantsjes en joech de lytse, dy't middeis syn miel mist hie, út goederbêst hwat mear. Hy joech him to folle. De lytse koe it yn elts gefal net omklamje, hy liet mear as de helte falle, mar hy pakte neat op, hy fornuvere him en joech him del mei hwat er hie en liet hwat oer de groun fallen wie oer oan de warskôgjend gromjende heit-aep.
De oare deis bisocht Pray Ferenc om mei de stôk de greate aep út de buert to hâlden fan it lyts skrikeftich ding, dat eltsenien syn part krije soe, mar tsjin sa'n forsteuring' fan de bisteande oarder riisde fan alle kanten protest. De apen bigounen ûnderinoar to kreauwen, omt hja oan sok raer ophysjen mei in stôk net wend wiene, in stôk, dy't net stampte; hja bigounen oan to gean as wylden en dat makke, dat de kaptein yn syn hut to wekker skrille út syn mûlripe meditaesjes en nei it passag'iersforbliuw hinkele. Alle apen stieken fuortendaliks har hannen troch de traeljes krekt oft hja noch neat hawn hiene.
Pray Ferenc wiisde op 'e lege skael, dy't er noch yn 'e hân hie en doe op 'e apen, dy't al fjochtsjendewei ôfweefd hiene mei it miel. Alles wie al wer op.
| |
| |
De oantsjutting fan Pray Ferenc hie better kind, hwant de kaptein naem him de skael út 'e hannen, die 'm oan 'e rânne ta fol mei nuten en die it fuorjen jitris foar. De apen ieten wer like hurd as de earste kears. De lytse hie syn hantsje wer to fol mei de jefte en waerd foar de twadde kear útplondere fan de greate aep. De kaptein stie it oan to sjen lyk as men sjocht nei flammen, dy't in houtblok opfrette; syn eagen wiene wiet en glinsteren en doe't it miel ôfroun wie, die er de kouwe iepen en naem de âld heit-aep oan 'e hân mei nei syn hut. Alhoewol Pray Ferenc net meinoege wie, troch in ienfâldich gebeart of sa, folge er harren dochs, omt er tocht: de greate aep krijt in wân op 'e hûd, sil yn elts gef al wol straft wurde foar syn smearlapperichheit en dêr moat ik as oppasser by wêze. Ik kin biskuldiging ynbringe. 't Is fansels in bist en dêr moat dy man wol rekken mei hâlde.
Yn de kapteinshutte, dêr't in buro stie en in stoel, in globe op in stander en in taffeltsje mei hwat ynstruminten, waerd de aep loslitten. De kaptein stelde himsels op yn 'e doar fan 'e hut en folge togearre mei Pray Ferenc, dy't op syn teannen stean moast om oer 't skouder fan syn baes hinne sjen to kinnen, it hâlden en dragen fan it hwat op in minske lykjende bist. De aep sprong alderearst op it buro en big'oun hwat yn in boek to blêdzjen. It waerd ûnforwachts fuortsmiten en Pray Ferenc krige 't lyk yn it gesicht. De kaptein waerd der net oars fan, dy forweegde him net, dy bleau mei al syn oandacht by de aep en die sûnder bisleur de hannen gear ta djipper konsintraesje. Hy sykhelle efkes hiel djip, doe't de aep op hannen en fuotten plak socht op syn stoel en by skokte yn 'e skouders doe't it bist de sprong weage nei de globe. Dêrwei, sittend op 'e Noardpoal, liet de aep it each weidzje oer syn beide oppassers en doe kearde de kaptein him om en knikte nei Pray Ferenc, dat wie safolle to sizzen fan: nou sjogge jo it mar. Pray Ferenc andere mei in spontaen skouderopheljen. De kaptein koe dat net forneare. Hoe nou, fregen syn hurde profete-eagen, is by jo it ynsjoch yn dit en dat op 'e rin? Nei dat er dit sa frege, sprong de aep wer op 'e stoel en fan 'e stoel op it buro. Dat bêdde de lilkens fan de kaptein hwat del. Hy bipaelde him wer ta de aep en Pray Ferenc pakte it boek op.
(Oase kear it lêste.)
|
|