[Nummer 11]
Meidielingen:
De lêzer sil it ynskikke kinne, dat dit nûmer ryklik kritysk út-fallen is. Wy hawwe miend yn forbân mei de Fryske Boekewike de yn dizze snuorje to forskinen boeken (foarsafier't hja ús foar resinsje tastjûrd binne) sa gau mooglik ôfdwaen to moatten. In mannich dy't to let ynkamen moatte stean bliuwe oant Desimber ta.
Yn it Des.-nûmer sil de Hollânske dichter J. C. Bloem syn visy op 'e Fryske dichtkunst jaen nei oanlieding fan de blomlêzing ‘Frieslands dichters’.
Yn it Jann.-nûmer fan 1950 bringe wy û.o. in artikel fan de hân fan Prof. B. Fridsma en nei wierskyn ien fan de bikende negerdichter Langston Hughes, bineffens koarte forhalen fan de Fiysk Amerikaenske skriuwers David Cornel de Jong en Feike Feikema.
Ta ûs spyt is it troch omstannichheden net mooglik ûs lêzers de taseine lêzing fan Prof. Miller oan to bieden.
***
De ynstjûringstermyn fan de TSJERNE-POEZIJ-PRIISFRAECH slút mei 15 Des. oansteande. Wolle aspirant-meidoggers dêr rekken mei hâlde?
De Redaksje.