De Tsjerne. Jaargang 4
(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 315]
| |
Edgar Allan Poe:Annabel Lee.It wie mannich, mannich jier al lyn,
Yn in keninkryk oan sé,
Dat dêr libbe in faem dy't jimm' neame mei'
By de namme fan Annabel Lee;
Dizze faem hie myn hert en har hert stie aloan
Foar myn leafde en ta leafhawwen ré.
Ik wie in bern en hja wie in bern,
Yn dit keninkryk oan sé:
Mar wy leaven mei 'n leafde, sa leave gjin oar,
Ik en myn Annabel Lee;
Mei in leafde, hertsearich foar 't ing'lehear,
It wjokte, fan himel's ré.
En dit wie de reden dat, lang forlyn,
Yn dit keninkryk oan sé,
In izige wyn syn amme bloes
Yn it hert fan myn Annabel Lee;
Sa kaem har treftich sibtal del
En tilde har fan it sté,
Om har op to sluten yn in grêf
Yn dit keninkryk oan sé.
De ingels, net heal sa loksillich as wy,
Hja hiene ús forgund ús pré -
Ja! - dat wie de reden (lyk alleman wit
Yn dit keninkryk oan sé)
Dat dy wrede wyn út in wolk kaem by nacht,
Mei in pea fan 'e dea foar myn Annabel Lee.
Mar de leafde fan follen rju âlder as wy
Koe net rûke oan uzes, o né -
Noch dy fan rju wizer, o né -
En likemin d' ingels yn 't himelheech,
As de munsters djip ûnder de sé,
Kinn' ea ek mar skiede myn siel fan 'e siel
Fan de leaflike Annabel Lee:
| |
[pagina 316]
| |
Hwant de moanne skynt nea sûnder dream, sûnder pea
Fan de leaflike Annabel Lee;
Yn 'e stjerren by nacht strielje d' eag'en fol ljacht
Fan de leaflike Annabel Lee.
O, hoe sillich it leit ye nacht's ienlikheit
By myn leafste, myn leafste, myn libbers, myn breid,
Yn har tombe sa ticht oan 'e sé -
Yn har grêf oan 'e kant fan 'e sé.
(Oersetting: Dam Jaarsma.)
| |
UnmachtGa naar voetnoot*).Foar koart jit hold d'auteur fan dizze rig'els
út yn de falske waen fan 't intellect:
de ‘macht fan 't wurd’ wie sa almachtich dat der
soe nea in tins rize yn it minskebrein
of dy koe utere wol troch minsketonge:
en nou - spot oer dy greatskens - binne dêr
twaris twa sêfte útlânske syllaben
easterske klanken, foarme om troch ingels
lústre to wurden op it wûndre ‘skip
fan dreamen dat mei de nachtwyn sylt de nacht yn’,
en ljochtsje út de ûngroun fan dit hert
ûntinkb're tinzen op, sielen fan tinzen,
riker, wylder en goddeliker bylden
as sels de harp fan seraf Israfel
(dy't hat ‘it swietste lûd fan al Gods skepsels’),
sjonge doarst. En myn liettsjoen bruts, myn pinne
falt machteleas út myn huverjende hân.
Dreamend dyn namme, al fregest it sels ek,
nòch kin 'k net skriuwe - kin 'k net prate of tinke -
kin 'k sels net fiele; hwant it is gjin fielen,
dit roerleas toevjen op de gouden drompel
fan de wiidiepene poarte fan de dream,
stoarjend, yn tsjoen, oer dit einleaze eachweid,
en hymjend as ik sjoch, oan rjochts, oan lofts,
en oeral foar my, wyist dc pearse gloeden
fansiden wike, fier en fierder jit
as d' ein fan 't útsjoch rikt - allinne dy.
(Oersetting: Marten Brouwer.)
| |
[pagina 317]
| |
HANSKRIFT FAN POE
Klisjé N.V. Uitg. Mij. G.A. van Oorschot, Amsterdam | |
[pagina 318]
| |
Ulalûm.It swurk dat wie jiske en koper;
It leaf dat wie bros en wie skier -
It leaf dat wie rislich en skier;
It wie nacht yn de deadske Oktober
Fan it my ûnforjitlikste jier;
It wie ticht by de glâns-mar fan Auber,
Yn it wazemjend hertsje fan Weir -
It wie deun by de berch-mar fan Auber,
Yn it spûkige wâldlân fan Weir.
Hjir wie 'k troch in loane titanysk
Alear mei myn Siel op 'e doal -
Mei Psyche, myn Siel, op 'e doal,
Doe't it herte my bounze fulkanysk
As fan stiel-streamen 't rikjende soal -
As fan lava it swevelich soal,
Dat kolket en rint fan de Yaanyk
Yn it uterst gebiet fan de poal -
Dat kroanet as 't rint fan Berch Yaanyk
Yn 't gebiet fan de noardlike poal.
Us praet wie doe earnstich en sober,
Mar ús tinken wie sleau en wie skier -
Us ûnthâld wie forryfljend en skier -
Hwant wy hiene gjin aen fan Oktober,
En gjin aen fan de nacht fan it jier -
(Ei, krekt dizze nacht fan it jier!)
Wy koene gjin glâns-mar fan Auber -
(Wy wien' hjir oars earder, netwier?) -
Wy koene gjin berch-mar fan Auber,
Net it spûkige wâldlân fan Weir.
En doe, wylst de nacht wie oan 't tanen
En stjerren ús wiisden de moarn -
En de stjerren ús wytgen de moarn -
Stie oan d' ein fan ús paed ljocht to ranen
En in sulveren dize gloeide oan;
Dêrút boarstte in frjemd skyltsje moanne,
Dat riisde mei dûbelde hoarn -
Astarte' bipearele moanne
Sa skerp mei syn dûbelde hoarn.
| |
[pagina 319]
| |
'k Ha har mylder as Djana ornearre:
'k Sei: ‘Sy driuwt troch in sfear fan geklei -
Sy ljept troch in oard fan geklei:
Sy wyt, dat de triennen thúshearre
Op dit wjirmige wang-fleis fan mij,
En sy stiicht, hat de Liuw al passearre
En, wiist ús nei himel de wei -
Nei fredige himel de wei -
Sy kliuwt, hat de Liuw al trotsearre;
'k Fiel har glânzgjende eagen oer mij -
Hat it haal fan de Liuw al trotsearre;
'k Fiel har leavjende eagen oer mij.’
Mar Psyche, (sy woe my warskôgje),
Sei: ‘'k Fiel it, dat skynsel is leed -
Ik fiel it, dy blekens is leed: -
O, flechtsje! - o, lit ús net drôgje!
O, gean! - lit ús gean! - 't is fan need.’
Sy spriek fan 'e roai en liet bôgje
Har wjokken yn 't sâil fan 'e reed -
Sy skriemde en liet snokkende bôgje
Har fearren yn 't sari fan 'e reed -
Ont se sljuerken yn 't sâri fan 'e reed.
Ik and're: ‘Dat binne mar dreamen -
Lit ús gean by dit beevjende ljacht!
Lit ús baeije yn dit glâs-helder ljacht!
Dy Sibyllyske glâns stiet to streamen
Fan Hoop en fol Skientme to nacht: -
Sjo, 't trochflunkert de loften by nacht!
Sei, hwerom 't net ús beaken to neamen?
It liedt ús grif gaedlik en sacht -
Ei, hwerom 't net ús beaken to neamen,
Omt it liedt inkeld gaedlik en sacht
En 't trochflunkert de Himel by nacht.’
Sa haw ik myn Psyche genêzen;
In pea en hja wie net mear dûm -
Hja wie net mear skruten en dûm;
En wy rounen doe rjocht troch de gerzen,
Ont ús kearde in grêfkeldersrûm -
De doar fan in grêfkeldersrûm;
En ik frege: ‘Hwat stiet dêr to lêzen,
| |
[pagina 320]
| |
Op 'e doar fan dit grêfkeldersrûm?’
Sy spriek: ‘Ulalûm - Ulalûm -
't Is 't grêf fan dyn prûze Ulalûm!’
It hert waerd my jiske en koper
Lyk it leaf dat wie bros en wie skier -
Lyk it leaf dat wie rislich en skier;
En ik rôp: ‘It wie siker Oktober
Op krekt dizze nacht f'line jier,
Dat 'k hjir earder wie, earder, netwier? -
Dat 'k hjir deliei hwat skrikliks, netwier?
Op krekt dizze nacht fan it jier;
Hwat demoan, dy't my loek hjir fan fier?
Wer bitroud is de glâns-mar fan Auber -
Dit wazemjend hertsje fan Weir -
Wer bitroud is de berch-mar fan Auber,
Dit spûkige wâldlân fan Weir,’
(Oersetting: Klaes Dykstra.)
| |
Foar Helen.Fanke, dyn moaijens is m' altijd
As dy Niceeske float alear,
Dy't minlik, oer in geurich wiid,
De mêdde, warge swalker fear
Nei eigen hûs en hear.
Lang siet ik fêst op 't wanhoopssân;
Dyn swietrook-hier, 't gesicht kiassyk,
't Najaedne stâl loek my to strân
Nei pracht dy't wie fan 't Rome-ryk,
Nei trêft dy't wie fan Grikelân,
Sjo! yn dy ljochte rute-nis
Stiest' as in byld yn spand bistân,
Juwielen lampe yn 'e hân.
O, Psyche, út in gea dat is
It Hilljch Lân!
(Oersetting: Klaes Dykstra.)
|