wie tsjin de donkere eftergroun fan de bealch, as hie in kunstner it dêr mei soarch tekene. Wylst ik nei dit ôfgryslike beest seach, en mear yn it bisûnder nei it skynsel op syn boarst, mei in fielen fan skrik en eangstme - mei in gefoel fan wankend ûnheil, dat ik ûnmooglik troch de ynspanning fan myn soup forstân bidimje koe, seach ik hoe't de ynoarme kaken oan 'e ein fan de slurf hommels opsetten, en hearde 'k hoe't der út dy bek in gjalp kaem sa lûd en sa oerrinnende fol wé, dat it myn senuwen skokte as in deadsklok, en doe't it mûnster fordwoun oan de foet fan de hichte, foei ik op 't selde stuit yn swym oer de flier.
Wer ta mysels kommend, wie fansels myn earste opstiging om myn freon yn to ljochtsjen oer hwat ik sjoen en heard hie - en ik kin amper útlizze hwat fielen fan wjeraksel as it wie, dat my dêryn bihindere.
Yn 't lêst, op in joun, in dei of trije fjouwer nei dit barren, sieten wy togearre yn de keamer, dêr't ik de forskining sjoen - ik op itselde plak by itselde finster, en by langút op in sofa tichteby. It oantinken oan tiid en plak brocht my der ta him forslach to dwaen fan it forskynsel. Hy harke my oan 'e ein ta oan - earst lake 'r smaeklik - en doe foel er yn in ûnwitten earnstige hâlding, as stie myn dwylsinnichheit bûten eltse twivel. Op dit stuit seach ik fannijs it mûnster - en, mei in skreau fan eangstme, wiisde ik him derop. Hy dikere binijd - mar hâldde út dat er neat seach - al tsjutte ik wiidweidich en presiis de gong fan it mûnster út, sa't it syn wei socht de neakene skeante fan de klinge del.
Ik wie nou bûten mysels fan ûntsetting, hwant ik biskôge dit gesicht òf as it foarteken fan myn dea, òf, jitte slimmer, as it foarspoek fan in oanfal fan waensin. Ik smiet mysels oerstjûr efteroer yn 'e stoel werom, en bidiek in pear tellen myn antlit mei de hannen, Doe't ik se wer foar de eagen weidie, wie de forskining net langer to sjen.
Myn gasthear lykwols hie syn kalme hâding werfoun, en freg'e djipper op 'e foarm fan it ynbylde kreätuer yn. Doe't ik him yn dat stik alhiel tofredensteld hie, suchte er djip, as wied er ûntiêstige fan in ûndraechlike lêst, en praette fierder, mei hwat my foarkaem as in wrede kalmte, oer ûnderskate kwestjes fan spekulative filosofy, dy't foartiid ûnderwerp fan diskusje tusken ús west hiene. It stiet my noch foar, hoe't er (ûnder oaren) tige yn 't bysûnder de klam lei op it idé, dat de greatste oarsaek fan forsinnen yn alle minsklike ûndersikingen hjir yn lei, dat it forstân sa licht it