| |
| |
| |
Yge Foppema:
Poe, de libbene.
Rede, sa likernôch útsprutsen op 'e gearkomste, bilein troch de redaksje fan ‘De Tsjerne’ en de Anglo-American Society Ljouwert, ta bitinking fan de hûndertste stjerdei fan Edgar Allan Poe, op 'e 8e Oktober 1949 yn De Harmonie to Ljouwert.
Achte Oanwêzigen,
Ik bin der my wol tige fan biwust, dat it in ôffaller foar Jimme is dat ik hjir stean en net Fokke Sierksma. Mar Jimme iennichste treast is, dat it noch greater ôffaller is foar Sierksma sels, hwaens sounens it net taliet en hâld dizze lêzing. De g'reatste ôffaller is it lykwols foar my, mei't ik nou net allinnich nea hearre sil hwat hy oer Poe sein hawwe soe, - en dat hie sûnder mis folle djipper en skerper skôging wurden as mines -, mar boppedat ek noch myn eigen smelle talinten oan Jimme krityk bleatstelle moat. Mar as Jimme freegje: hwerom dogge Jo it dan, - dan hawwe Jimme noch nea in oantreastgjende smeekbea fan Anne Wadman krige. Dy persoan skriuwt jin brieven, dy't ienfâldich delkomme op geastlike chantage.
Dat ik stean hjir en ik moat oer Poe sprekke. Mar ik bin gjin Poe-specialist, en boppedat, my tocht, Jimme hiene oan ien spesialistyske foardracht oer Poe op ien middei ek wol genôch. Dêrom woe ik it leaver oer mysels hawwe, dan wit ik tominsten hwer't ik oer sprek.
Soks is gjin idelheit. Hwant ik bin ienfâldich ien fan de tsien miljoen minsken yn Nederlân en as sadanich haw ik my ôffrege: hwat bitsjut Poe foar dy; hoe hat er dy biynfloede; hokfoar plak nimt er yn dyn libben yn? Sa'n fraech kin elk himsels dwaen, en ik leau net ienris dat de antwurden inoar sa fier ûntrinne soene. Ik tink dat foaral, om't ik nêst in wykmannich tafallich de proef nommen haw mei in soartgelikense fraech oangeande in hiel oare litteraire fig'uer: Goethe.
It hat fansels net folle sin en forgelykje Goethe mei Poe. Hja hawwe einliks mar twa dingen ien en mien: hja wiene beide dichter en it is ús oplein beide yn 1949 to bitinken; Goethe om't er oer 200 jier berne waerd, en Poe om't er 100 jier lyn forstoarn is.
Lêstendeis haw ik as journalist tweintich minsken de
| |
| |
fraech foarlein: hwat bitsjut Goethe foar Jo? Hokfoar ynfloed hat er hawn op Jins tinken, styl, libben? De antwurden dy't ik krige, woe ik dan in moai bitinkingsartikel fan meitsje. Mar dat waerd him net. Ik krige fan dy tweintich net to hearren, hwat Goethe foar harren wie, mar hwat hja tochten, dat Goethe foar harren hearde to wêzen, om't er nou ienkear Goethe wie. Ik haw it idé krige, dat foar de measten, ek foar de ‘ûntwikkelen’, ynsafier't hja gjin litteratuer-spesialisten binne, Goethe net folle mear bitsjut as de auteur fan hwat noflik to brûken citaten, dy't alleman ken. En nou praet ik noch net ienris oer de gewoane man, foar hwa't Goethe op 'en bêsten dy keardel is, dy't de tekst skreaun hat foar dy opera, jo witte wol.... Of de dichter fan dat lietsje oer dat jonkje en dy roas en sa. De minsken fan myn enquête hiene op skoalle de Faust lêzen, en Hermann and Dorothea en fragminten út Werther en Wahlverwandtschaften, en hja hiene de komplete Goethe yn seis of tsien of sechstjin dielen yn 'e kast to stean. Ja, it respekt foar Goethe sit ús yntellektuelen wakkere djip. Mar oft syn sammele wurken lêzen wurde is in oare fraech.
Goethe is dea. Syn ynfloed is fansels net nei to kommen, mar dy is foar it greatste part yndirekt. Hy is klassyk, mar dea. Allinnich studinten, spesialisten en inkelde leafhawwers lêze him noch. As ik neigean, hoe't ik sels mei Goethe yn 'e kunde kommen bin, dan wit ik dat net mear. As bern hie ik syn namme wolris heard; letter haw ik wol lytse gedichten en in inkelde ballade fan him lêzen yn ús Dútsk lêsboek. En skoan mei it my tinke, hoe't ik mei in gefoel fan foldienens, fan: dit wurdt de ynwijing ta heger libben, de Faust opslein haw, doe't wy him einlings bihannele krig'en. Oft dat gefoel op toloarstelling útroun is, kin ik net sizze. It falt net ta en gean de ynfloed nei fan in figuer, dêr't men al in oardiel oer hie, ear't men in rig'el fan him lêzen hie.
Mei Poe wiist dat hiel oars. Ik wit noch krekt plak en ûre fan myn kennismakking mei Edgar Allan Poe. Dat wie op 'e oaséaen tusken Madeira en Suriname yn. It wie in jountyd yn Oktober 1910. Der wie feest oan board en ik mocht as lyts jonge der by sitte. Op it program stie in foardracht fan in gedicht, dat hiet: De Raaf. Ik hie fansels noch nea fan Poe heard en syn namme is my fan doe ek net bybleaun. Ik wit ek net yn hokfoar Hollânske oersetting The Raven dy jounes foardroegen is. Ik wit ek gjin
| |
| |
wurd mear fan dy oersetting sels ôf - net ienris it wurd foar ‘Nevermore’ dat de foardrager, alhiel yn it swart op in swart drapearre toaniel, sa somber mooglik útspriek. En dochs: nea sil my dy joun forjitte. De stimming is my bybleaun, it gefoel fan yn 'e siel taest to wêzen troch eat dat ik lang ende lang' net bifetsje koe, mar dat him forgelykje lit mei de tsjustere sé op in lette, reinige joun: in geheimsinnich rûzjen, tsjusternis mei hjir en dêr it bleke flitsen fan in skomkop, in einleasheit, dêr't alles yn forsinkt en dêr't men ivich yn trochfarre sil, - eangstich, binearjend en dochs lokjend tagelyk. Doe't gâns jierren letter it gedicht fan Poe my ûnder eagen kaem, koe ik it werom oan dat gefoel fan doe.
Myn twadde moeting mei Poe wie in jiermannich letter. Ik wie mei Krysttiid útfanhûs yn Flânsum, op in lyts greidpleatske midden op 'e romte. It wie min waer - bûtendoarren kjeld en wiette - en ik siet meastentiids to lêzen: ynboune jiergongen fan in jongestydskrift út 'e foarige ieu, de namme wol ik ôf wêze. Feitlik is my alles út dy boeken forgetten, allinnich ien forhael net. Dat gie oer it avontûr fan in man mei in fiskersboatsje yn in ôfg'ryslike draeikolk en dy't der wer út kaem om 't er murk dat de swierste foarwerpen it hurdst delsûgd waerden en hy himsels fêstboun oan in toutsje. En wyls't it skip nei de djipte lutsen waerd, bleau hy driuwende en doet de draeikolk ophâldde - dy openearre him periodyk - kaem hy wer boppe en waerd rêdden. It is de skiednis, lyk as Jimme al fornommen hawwe, fan de ‘ôfdaling yn de Maelström’ út de forhalen fan Poe.
Dat binne dus al ien gedicht en ien forhael fan Poe, dy't my út 'e bernejierren bybleaun binne, noch foar't ik bisleur hie oer de skriuwer. En dat hat dan noch mar allinnich de direkte ynfloed west. Yndirekt is dy folle greater. As jonge haw ik sahwat de hiele Jules Verne trochlêzen. En Jules Verne is sûnder Poe net goed tinkber. Verne's Tweintich dagen (of hoefolle wiene it?) yn in Loftballon fynt, hwat motyf, technyske biskriuwing en styl oanbilanget, syn foarbyld yn Poe's The Balloon Hoax. En itselde jildt foar De Reis nei de Moanne fan de Frânske skriuwer en it forhael oer The Unparalleled Adventure of One Hans Pfaall fan de Amerikaen. Verne hat dy forhalen útwreide ta folsleine romans, hy hat de wittenskiplike ûndergroun fordjippe en forbrede, - dat koe er ek dwaen, hy skreau safolle let- | |
| |
ter -, mar hwa't beide lêst, sil gjin momint yn twivel stean, hwa't de master en hwa't learling is.
Justjes letter wie H.G. Wells in skriuwer dy't gâns ynfloed op my hawn hat, in ynfloed dy't noch altyd neiwurket. Wells hat Verne's ynfloed ûndergien, mar nei myn bitinken ek rjochtstreekse ynfloed fan Poe. As de Ingelske skriuwer oer syn eigen wittenskiplike romans skriuwt, dat by ien nij elemint yn 'e kunst fan it fantastyske forhael brocht hat: de wittenskiplike g'rounslach en de strange logica, - dan forjit er, hoefolle't er dêrby oan Poe to tankjen hat. Hwant dat is it nou krekt, hwertroch't Poe's fantastyske forhalen der út kippe: de strang logyske bou en de wittenskiplike hâlding fan de skriuwer tsjinoer syn stof.
Direkte ynfloed fan Poe fine wy ek by R.L. Stevenson. De greatste helte fan syn forneamd Treasure Island is basearre op The Gold Bug; it is dêr hast in paraphrase fan. Sels it lânskip yn it iene liket krekt op it lânskip yn it oare, - in biskriuwing fan in gea yn Súd-Carolina, dêr't Poe fan 1827 oant 1830 ta soldaet west hat. Dêrby, it grounmotyf yn Stevenson's Dr. Jekyll and Mr. Hyde, foar in part ek dat fan The Picture of Dorian Gray fan Oscar Wilde, fynt men werom yn Poe's forhael fan William Wilson.
De greate moade fan de detective-roman bigjint foar de measten by Conan Doyle. Mar Conan Doyle hat syn haedfigueren, Sherlock Holmes en Dr. Watson, mei ham en gram fan Poe oernommen, tagelyk mei dy syn methoade fan strang-deduktive redenearring en de tapassing fan skerpe waernimming en log'ica. Poe hie dy al lang ynfierd yn syn The Murders in the Rue Morgue, The Mystery of Marie Roget en ek yn syn The Purloined Letter. En op ien fan 'e grouneleminten fan it lêste forhael hat ek Chesterton him wer basearre by syn Father Brown Stories.
Edgar Allan Poe en gjinien oars is de geastlike heit fan de moderne detective-roman. Net sa lyk de litteratuer fan cle moderne moadestreamings, mar gâns litteratuer dy't ek lêzen wurdt fan minsken dy't it allinnich mar om in boeijend boek to rêdden is, stamt foar lang gjin lyts part yn rjochte line fan Poe ôf. Dat allegearre soe genôch wêze om him to rekkenjen ta de libbene, moderne skriuwers.
Mar der is mear. Hwant it boppeneamde forklearret net, hwerom't ús dichters hieltyd en oeral wer bisykje Poe's fersen oer to setten; hwat dan ynhat dat sa'n modern dich- | |
| |
ter fan Poe biseten wêze moat, oars die er it net. It forklearret net, hwerom't der fan Poe syn wurk sa'n djippe en persoanlike ynfloed útgiet, hwerom't dy jonge yn dat keammerke to Flânsum, dy't op jongesmanear tige ûnkritysk lies, al dy lektuer út dat pear grouwe boeken forgetten is, mar nei 35 jier ien ding ûnthâlden hat: dat forhael fan Poe.
* * *
It libben fan Poe lit in djippe twaspjalt sjen. It is foar it greatste part iensumheit, earmoed, ûnrêst, dea en eangstme. Syn ûnwis komôf (syn heit wie by syn mem weiroun) hong as in skaed oer syn hiele libben. Men fynt dat motyf gauris yn syn forhalen werom. De tsjinstelling turken de greate hichten dêr't dizze dichter nei rikte, maetskiplik en yntellektueel, en de lytse nearzige wrâld dêr't er yn omwrotte moast, hat him syn hiele libben hjitfolge. Hy wie nou ienkear oergefoelich. By in jonge dy't op syn fjirtjinde jier in gedicht skriuwt lyk as To Helen, hoecht der g'jin twivel oer to bistean dat er in geny is, al is it dan in genialiteit dy't gefaerlik is foar de drager derfan.
Poe sels hat dat gefaer field. Fan de detective Dupin seit er yn syn wurk: ‘Let it not be supposed, that I am detailing any mystery, or penning any romance. What I have described in the Frenchman (= Dupin) was merely the result of an excited or perhaps of a diseased brain’.
En yn The Masque of the Red Death fynt men yn de biskriuwing fan de hartoch ek Poe sels werom: ‘The tastes of the duke were peculiar. He had a fine eye for colors and effects. He disregarded the decora of mere fashion, His pleasures were bold and fiery, and his conceptions glowed with barbaric lustre. There are some who would have thought him mad’.
Poe roun syn hiele libben op 'e rânne fan in ôfgroun en by wist dat. De swarte raven wie by him binnenflein en wie sitten bleaun, swijend en driigjend, heech op Pallas' boarstbyld. It typyske en greate fan Poe lykwols is, dat er foar dy ôfgroun net tobekskrille is. Mei in great forstân en in skerp analytysk formog'en hat er de striid dêr mei oandoarst. Hy sette him der mei to skoar tsjin de waensin dy't him bidrige. Mei iepene eagen is er ôfstutsen nei de tsjusterste djipten fan syn eigen siel en mei skerpe sinnen hat er him to-war steld tsjin de demonen dy't er dêr foun.
| |
| |
In great part fan syn wurk is oars net as in poëtysk forslach fan dy striid.
Men moat jin net forrifelje litte troch de ûnsin dy't Poe sels skreaun hat b.g. oer it ûntstean fan The Raven yn syn essay The Philosophy of Composition. Mei poëzij stiet it fansels oars as mei forhalen. Gedichten wurde net yn it foar analysearre. Alhoewol, Poe koe mei syn taelvirtuositeit ek wol in gedicht yninoar ‘nifelje’, b.g. it forneamde The Bells. Dat is ûnder syn kannen ek noch in fern bleaun, al is it net fan syn bêste wurk. Né, gedichten komme út 'e djipte. Mar dat koe Poe fansels nea net ynskikke, hwant dat soc bitsjutte dat der mominten wiene, dat de djipte him bihearske, dat hy in blyn wurktúch wie fan machten, dêr't er gjin sizzen oer hie. En dat mocht út noch yn net. Dêrom biredenearre er efternei syn eigen poëzij, dat it der op like, ek hja wie in produkt fan syn analysearjend forstân, in konstruksje dy't alhiel ûnder syn bihearsking stie.
It is troch dizze striid tsjin de ôfgroun dat Poe ús sa nei stiet. Dy striid is it ek, dy't it ûnderskie útmakket tusken Poe en bygelyks de Dútske romantyk. Dy lêste wurdt op dit stik karakterisearre troch it motto fan Felix Dahn's Kampf um Rom:
Wenn's etwas gibt, gewaltiger als das Schicksal,
So ist's der Mut, der's unerschüttert trägt.
Dêr hâldde de moed fan 'e Dútske romantyk mei op. Poe, dy't sûnder mis de ynfloed fan Dútske romantici lyk as Hoffmann ûndergien hat, g'iet fierder: hy draecht net, mar fjochtet. Sels hat er altiten Ligeia syn bêste forhael achte. Ik ornearje, net folle kenners sille dat mei him jens wêze, mar syn foarkar kin men skoan bigripe. Yn Ligeia komt op 'en skerpsten nei foaren it krêftige wollen dat him towarstelt tsjin needlot en dea en.... oerwint. It is gjin tafal dat er dit forhael foarôf gean lit fan in motto út it proaza fan de sawntjinde ieuske Ingelske moaralist Joseph Glanvill en dat motto dan ek nochris yn it forhael sels forarbeidet en bisprekt:
‘And the will therein lieth, which dieth not. Who knoweth the mysteries of the will, with its vigor? For God is but a great will pervading all things by nature of its intentness. Man doeth not yield himself unto the angels, nor unto death utterly, save only through the weakness of his feeble will.’
Edgar Allan Poe mei ta de greate skriuwers rekkene
| |
| |
wurde; by mei sels - hoewol hûndert jier wei - in modern dichter hjitte. As Poe ris net To One in Paradise skreaun hie, en ien fan ús hjoeddeiske dichters soe der nou mei oankomme as syn eigen wurk, dan soene wy him bijubelje en nimmen soe sizze: hwat heart dat âlderwetsk. Mar yn boppeneamd motto komt er foar On to stean as minske, as strider, as kammeraet en as foarbyld. Party meije soks forkeard of spitich achtsje, wichtiger is dat by my noch as syn talint as skriuwer, al hing'et it iene fansels mei it oare gear.
As ik dominy wie, soe ik moarn grif in preek hâlde oer Edgar Allan Poe. As tekst soe ik nimme it forhael fan de delgong yn 'e wetterwieling. Ik soe sjen litte dat it minskelibben in reis is yn in wrak boat op in wylde sé, bidrige fan swiere weagen en forriederlike streamingen. Somtiden wurdt men yn 'e draeikolk meisûgd en dan skôget it each grouwélige djipten, dy't in wisse ûndergong bitsjutte foar elk dy't dêr yn rekket. Mar as wy de eagen iepen hâlde en ús net oerjowe oan sleauwens en eangstme, is it ek dan noch mooglik baes to bliuwen. Us boat mei ûndergean, mar mei bitrouwen, klear forstân en krêftich wollen kinne wy der boppe út komme.
Sa woe ik oer Poe preekje. Mar ik bin gjin dominy - en ik haw al to folle fan Jimme geduld ferge.
Ik ha 't sein.
|
|