| |
| |
| |
Edgar Allan Poe:
De swarte kat.
It wylde en dochs tige húslike forhael, dêr't ik nou oer g'ear sil, wol faeks nimmen leauwe. Ik mocht wol net wiis wêze soks to forwachtsjen yn in gefal, dêr't ik myn eigen sinnen net bitrou. Sljucht bin ik lykwols net en dreame doch ik likemin. Mar moarn moat ik stjerre en hjoed wol ik myn siel ûntlêstgje. Myn ienichst doel is, sa ienfâldich en sa koart mooglik en sûnder kommentaer, de wrâld yn 'e kunde to bringen mei in rige fan inkeld húslike foarfallen. Troch har gefolgen hawwe dizze foarfallen my tamtearre, pinige, forneatige. Dochs sil ik net bisykje hjir ta in forklearring to kommen. My hawwe hja oars net as grouwélige binearing brocht, foar in oar sille hja faeks mear healwiis as ôfgryslik lykje. Mooglik komt der ienris immen mei in skerp forstân, dy't foar dizze bjusterbaerlike dingen in ienfâldige forklearring' fynt, in yntellekt, rêstiger, logysker en lang sa oerstjûr net as iksels, dat yn de bisûnderheden, dy't ik hjir mei tsjinsin opskriuw, neat oars sjocht as in deagewoane rige fan tige natuerlike oarsaken en gefolgen.
Sûnt myn bernejierren stie ik bikend om myn dimmen en nonunel aerd. Myn weakhertigens roun soms sa yn 't each, dat myn maten my de gek oanstieken. Ik wie binammen sljucht op beesten en myn âlden biskikten my in great forskaet fan húsdieren. Oan harren spandearre ik it greatste part fan myn tiid en myn heechste lok wie dy beesten to fuorjen en der mei om to striken. Dizze karaktertrek waerd sterker mei de jierren en doe't ik folwoechsen wie, haw ik fan dizze leafhawwerij de measte wille hawn. Foar minsken, dy't in soad hâlden hawwe fan in trouwe, wize houn, hoech ik amper to forklearjen, dat men yn soks in greate, blide foldwaning fine kin. Yn de ûnselssuchtige en opofferjende leafde fan in beest is hwat, dat jin djipper en ûnmiddeliker oansprekt as de faken earmoedige freonskip en twivelige trou, dêr't de minske inkeld ta yn steat is.
Ik troude jong en lokkig'ernôch wie myn wiif net frjemd oan myn genegenheden. Doe't hja myn swak foar dieren ûntdiek, liet hja gjin gelegenheit foarby gean, om de aerdichste soarten oan to tugen. Wy hienen fûgels, goudfisken, in prachtige houn, kninen, in lytse aep, en in kat.
| |
| |
Dy kat wie in ûnbidich en seldsum moai beest, folslein swart en ûnwittende wiis. Myn wiif, dy't gâns byleauwich wie, sinde, as hja it oer it bisûndere forstân fan dy kat hie, fakentiids op it âlde sechje, dat swarte katten formomme tsjoensters binne. Net, dat har dit ea tinken wie - ik fornij dit allinnich mar, omdat it my op dit stuit yn 't sin komt.
Pluto - sa hiet de kat - wie myn leafste boartersmaet. Ik allinne fuorre him en hy roun my nei it hiele hûs troch. Ik koe him sels mar amper keare om net mei my de strjitten lâns to swalkjen.
Jierrenlang duorre dizze freonskip, mar yn dy tiid - ik skamje my, dat ik it sizze moat - foroare myn aerd radikael en gyng it mei my, ûnder ynfloed fan de Drankdivel, folslein de forkearde kant út. Ik waerd al mar sinniger, neinimmender, en bikroade my hwat langer hwat minder om de g'efoelens fan in oar. Ik forlege my sels ta ûnfoege tael tsjin myn wiif. It kaem op it lêst sa fier, dat ik har sloech. Fansels moasten myn beesten myn forkeard sin ek bilije. Ik forwaerleazge se net allinne, mar ik knoeide se. Pluto lykwols hold ik safolle ûntsach foar, dat ik him net mishannele, lyk as ik sûnder omtinken de kninen die, de aep, en sels de houn, as er my tafallich of út oanhinkelikens foar de fuotten roun. Mar de kweade geast krige my hwat langer hwat mear yn 'e macht - hwant hwat is slimmer as dranksucht? - en op it lêst ûnderfoun ek Pluto, dy't âld en dêrmei hwat noartsk waerd, de gefolgen fan myn min sin.
Op in joun, doe't ik dronken thúskaem út ien fan de stêdskroegen, dêr't ik ornaris siet, forbylde ik my, dat er my ûntwiek. Doe't ik him beetgriep, waerd er kjel fan myn forheftigens en biet my jusjes yn 'e hân. Ik waerd hommels wyld fan helske grime. Ik koe mysels net langer. It like suver, dat ik in oar skepsel wurden wie en, opswypke troch de drank, waerd ik bisiele fan in mear as divelske feninigens. Ik helle in mes út 'e bûse, griep it earme dier by de strôtte en stiek him mei opsetsin ien fan syn eagen út. Ik skamje my dea en myn hannen beevje, wylst ik dizze forflokte wredens opskriuw.
Doe't ik myn birûzing útslept hie en yn de moarntiid wer bykaem, krige ik in gefoel, heal fan ôfg'riis, heal fan birou oer de misdied, dêr't ik my skuldich oan makke hie, mar dy reaksje bleau swak en bitiisd en taestte myn siel net oan. Fannijs socht ik myn heil yn de drank en mei
| |
| |
gauwens hie ik it oantinken oan myn died forsûpt.
Underwilens knapte de kat stadichwei wer op. De eachholte sûnder each wie binearjend om oan to sjen, mar pine like it beest net mear to hawwen. Hy roun it hûs troch lyk as er plichte, mar as er my seach, waerd er stjerrende binaud en spile fan ruten, dat kin men fan tinken wol hawwe. Yn it earstoan, safolle wie der fan it forline wol yn my oerbleaun, fortrette my dizze dúdlike tsjinsin fan de kant fan in wêzen, dat ienris safolle fan my hâlden hie. Mar dit gefoel foroare al gau yn erg'ewaesje. En de tiid kaem, dat ik sa folslein yn de macht fan in djip fordoarne geast rekke, dat myn ûndergong net mear to kearen wie. Dizze perverse geast hâldt de filosofij gjin rekken mei. Dochs bin ik fan neat sa wis, as dat de perversiteit ien fan de sterkste oandriften fan de minskene siel is, ien fan dy ûnforklearbre primaire machten, dy't it karakter fan de minske biskiede. Hwa hat net wit-hoe-faek in healwiis of in gemien stik úthelle, om gjin oare reden, as dat er wist, dat er it net dwaen mocht? Hawwe wy, ûndanks as seedlik oardiel, net ivich en erflik oanstriid, om de wetten to oertrêdzjen, allinne omdat wy witte, dat it wetten binne? Dizze perverse geast, lyk as ik sei, biskaette myn ûndergong forgoed. It wie dit tsjustere langstme fan de siel, om harsels to pinigjen, om har eigen natuer gewelt oan to dwaen, om to sûndigjen towille fan de sûnde, dat my dreau, om it ûnskuldige beest fierder to tamtearjen en op it lêst to formoardzjen. Op in moarn sloech ik him kâldwei in strûp om 'e hals en hong him op oan in tûke - hong him op, wylst de triennen my oer de wangen rounen en mei bittere wearze tsjin mysels - hong him op, omdat ik wist, dat er fan my hâlden hie - omdat ik wist, dat ik sadwaende in sûnde bigie, in deadlike sûnde, dy't myn
ûnstjerlike siel sa skeinde, dat sels de einleaze genede fan in Barmhertige en Wreekjende God har net mear rêdde koe, as dat mooglik wie.
De jouns fan de dei, dat ik my oan dizze wredens skuldich makke hie, waerd ik út myn sliep wekker troch it gerop fan brân. Myn bêdsgerdinen brânden. It hiele hûs stie yn 'e lôg'e. Mei great lijen slagge it myn wiif, ús faem en my, om oan de fjûrdea to ûntkommen. De forneatiging wie folslein. Alles hwat ik bisitten hie wie fuort, en sûnt dy tiid joech ik my oan de wanhoop oer.
Ik bin net sa swak fan sinnen, om in forbân fan oarsaek en gefolch to sykjen tusken dizze ramp en myn wredens.
| |
| |
Mar ik forhelje hjir in rige fan feiten en wol gjin skeakel yn dizze keatling oerslaen. De deis nei de brân bisocht ik de púnheappen, De muorren wiene op ien nei ynfallen. Dy iene wie in net al to tsjokke keamersmuorre, likernôch yn 'e midden fan it hûs, dêr't it hollenein fan myn bêd tsjinoan stien hie. De kalk hie hjir it fjûr frij goed wearstien en dat kaem grif, trochdat hja farsk wie. By dizze muorre stie in kliber folk en forskate lju ûndersochten mei krektens en greate oandacht in bipaeld stik derfan. De wurden ‘frjemd’, ‘nuver’ en oare uterings fan gelikense strekking wekken myn nijsgjirrigens. Ik kaem tichterby en seach, as yn ‘bas relief’ op it wite flak it feguer fan in ûnbidigen kat. It byld wie seldsum natuerlik. It beest hie in tou om 'e hals.
Doe't ik dizze forskining - hwant hwat koe it oars wêze? - foar it earst seach, stie ik stiif fan skrik en forbjustering. Mar doe't ik bigoun nei to tinken waerd ik hwat rêstiger. De kat, kaem my yn 't sin, wie ophongen yn in tún neist it hûs. By it brânalaerm wie in kliber folk de tún ynkrongen en ien fan harren moast de kat lossnien en troch it iepene finster yn myn keamer smiten hawwe, grif mei it doel om my wekker to meitsjen. De fallende muorren hiene it slachtoffer fan myn wredens yn de farske kalk treaun, en de hjitte lôge, de gleone plaster en de ammoniak fan it kadaver hiene meiïnoar it byld foarme, dat ik seach.
Alhoewol dizze forklearring fan it forbjusterjende feit myn forstân bifredige, myn gewisse wie net gerêst en op myn forbylding makke it in djippen yndruk. Moannenlang koe ik it spoekbyld fan de kat net kwyt wurde, en yn dy tiid oerfoel my in dizenich fielen, dat op birou like, mar it net wie. It kaem sa fier, dat ik de kat bigoun to missen en yn de drankhoalen, dêr't ik hwat langer hwat mear hinnereizge, seach ik út nei in oarenien, dy't gâns op him lykje soe, om syn plak yn to nimmen.
Op in joun, doe't ik yn in obskuer hoal to dodzjen siet, waerd ik hommels in swart stâl gewaer, dat op ien fan de mânske drankfetten lei, dy't it foarnaemste húsrie fan de tapkeamer útmakken. It die my nij, dat ik it ding, dat der op lei, net earder sjoen hie, hwant ik hie al in pear menuten lang nei it boppenein fan dat fet sitten to stoarjen. Ik gyng der hinne en rekke it mei myn hân oan. It wie in swarte kat, in grou beest, likefolle mânsk as Pluto en dat in bulte op him like, bihalven yn ien opsicht. Pluto hie net ien wite
| |
| |
hier op syn bealch, mar dizze kat hie in great wyt plak, likernôch oer it hiele boarst, fan hwat in twivelige foarm.
Doe't ik him oanrekke, gyng er ynienen oerein, bigoun lûd to snoarjen, striek syn kop tsjin myn hân en wie blykber tige optein, dat ik my mei him bimuoide. Dit wie krekt it beest, dêr't ik nei útsjoen hie. Daliks frege ik de kastlein oft er him forkeapje woe, mar de man sei, dat er der gjin rjochten op hie - hy wist neat fan it beest ôf, hie it nea earder sjoen.
Jitris streake ik it dier, en doet ik risselwaesje makke, om nei hûs to gean, joech er bliken, dat er graech mei woe. Dit wegere ik him net, en ûnderweis bûgde ik my sa nou en dan, om him oer de kop to aeijen. Doet wy thúskamen wie er samar wend en hy waerd daliks de skat fan myn wiif.
Hwat my oangiet, ik krige mei gauwens in ôfkear fan it beest. Dat wie krekt oarsom as ik forwachte hie, mar - ik wit net hoe of hwerom - syn dúdlike oanhinkelikens joech my wearze en ergewaesje. Njonkenlytsen woechs dit tsjinsin ta bittere hate. Ik mijde it skepsel. En in soarte fan skamte en it oantinken oan myn eardere wrede died holden my tsjin, om him net to knoeijen. De earste wiken hold ik myn hannen thús, mar stadich, stadichwei krige ik in ûnwittenden ôfkear fan it beest, en as er by my kaem, joech ik my swijend ôf en ûntwiek him as de pest.
Hwat sûnder mis myn hate tsjin de kat oanfitere wie de ûntdekking, de moarns neidat ik him meinommen hie, dat er, lyk as Pluto, ien fan syn eagen miste. Myn wiif lykwols hold krekt dêrom nammersto mear fan him, hwant lyk as ik al sei, hja bisiet yn in hege graed dy waerme minskelikheit, dy't ienris myn bisûndere eigenskip wie en de boarne fan myn ûnskuldichste en suverste wille.
Neigeraden myn ôfgrizen woechs, bigoun it beest fan syn kant mear oan my to hechtsjen. Hy roun my oeral en altiten nei, mei in koppigens, dy't ik de lêzer amper dúdlik meitsje kin. As ik earne sitten gie, kroep er ûnder myn stoel of sprong my op 'e knibbel en streake en flaeike, dat ik der mislik fan waerd. As ik oerein gyng en fuortroun, wrotte er him tusken myn fuotten, dat ik suver oer him stroffele, of hy sloech syn lang'e, skerpe klauwen yn myn klean en klâdde my nei it boarst. Sokke amerijen hie ik greaten oanstriid, om him mei ien klap kroandea to slaen, mar twa dingen holden my tsjin: it oantinken oan myn misdied, en
| |
| |
binammen it feit - lit it my mar daliks bikenne -, dat ik deabinaud foar it beest wie.
Net, dat ik nou krekt bang wie foar in sichtber en taestber ûnk - en dochs soe ik net witte, hoe't ik it oars biskriuwe moat. Ik skamje my hast om it to bikennen - ja sels yn dizze sel mei de dea foar eagen skamje ik my -, dat de eangstme en wearze, dy't it beest my oanjage, opdreaun waerden troch ien fan de dwylsinnichste drôchbylden, dy't men jin yntinke kin. Myn wiif hie my mear as ienris wiisd op 'e foarm fan it wite plak hier, dêr't ik it oer hawn ha en dat it ienige sichtbre ûnderskied útmakke tusken dit nuvere beest en de kat, dy't ik formoarde hie. De lêzer wit noch wol, dat dit wite plak, hoewol frij great, yn 't earstoan dizenich fan foarm wie. Mar njonkenlytsen, sa stadichoan, dat myn forstân my tiden lang sei, dat it ynbylding wie, naem it in skerpe en kleare foarm oan. It like nou sterk op in ding, dat ik wifkje to neamen - en om dizze reden binammen haette en eange ik it munster en soe ik him nei de oare wrâld holpen hawwe, as ik mar doarst hie - it like nou op de ôfbylding fan in ôfgryslik, en binearjend ding - fan in Galge! o drôvich en grouwélich symboal fan ûntsetting en misdied, fan doem en dea!
Nou wie ik yndied de jammerdearlikste fan alle minsken. En in redeleas beest - fan itselde skaei as dat ik sûnder omtinken formoarde hie - in redeleas beest dreau my, in minske, skepen nei Gods byld, yn sok ûndraechlik lijen. Wé my! Ik hie g'jin rêst mear, by dei net noch by nacht. Oerdei spoeke it munster altyd om my hinne en yn 'e nacht skrok ik elke ûre wekker út 'e binearjendste dreamen, en dan fielde ik de hjitte asem fan it skepsel op myn gesicht en syn swiere bealch - de ynkarnaesje fan in nachtmerje, dy't ik gjin macht hie om fan my ôf to skodzjen - ivich op myn hert!
Under it wicht fan sokke tamtaesjes biswiek de lêste skyn fan myn better wêzen. Tsjoede oertinkingen waerd ik ta machtleaze bút - de tsjusterste en skuldichste tinzen. Myn min sin woechs ta hate tsjin alles en elkenien. En myn earm swijend wiif wie meastentiids it geduldige slachtoffer fan de hookstrookse en ûnbidimbre útboarstings fan grime, dêr't ik my nou mear en mear blynwei oan oerjoech.
It barde op in dei, dat wy togearre nei de kelder gyngen fan 't âlde gebou, dêr't wy út earmoede wenje moasten, om hwat foar de húshâlding to heljen. De kat siet my sa
| |
| |
deun op 'e hakken de steile treppen del, dat ik suver oer him stroffele en nei ûnderen trûzelje soe. Dat makke my hommels helsk. Yn myn grime forgeat ik de bernske freze, dy't oant nou ta myn hân tsjinholden hie, griep in bile en woe him in hou jaen, dy't him, as er raek west hie, forgoed lytsman makke hawwe soe. Mar myn wiif griep my by de hân en kearde de slach op. Dit yngripen makke my mear as divelsk, ik skuorde myn hân los en sloech har mei g'ewelt de bile yn 'e plasse. Op it plak dêr't hja stie foel hja dea del, sûnder lûd.
Doet ik dizze ôfgryslike moard dien hie, socht ik daliks mei greate birettens om in plak, dêr't ik it lyk forbergje koe. Ik wist, dat ik it net it hûs út drage koe, by dei net noch by nacht, sûnder it gefaer, dat myn buorren it gewaer waerden. Forskate mooglikheden gyng ik nei. Soms tocht ik der oer, om it yn lytse stikjes to snijen en dy to forbrânnen. Dan wer woe ik in grêf dolle ûnder de kelders-flier, It oare stuit miende ik, dat ik it feilig'er yn 'e put by it hûs smite koe -, of yn in koffer pakke, lyk as wie it hannelswaer, en dy dan mei de wenstige brûkmen troch in boadskipsrindersjonge it hûs út drage litte. Mar einliks kaem ik op in idé, dat my it alderbêste like: ik naem it bislút, om it yn to mitseljen yn de keldersmuorre, lyk as neffens de oerlevering de mûntsen út 'e midsieuwen mei har slachtoffers plichten to dwaen.
Foar sa'n doel wie de kelder tige geskikt. De muorren wiene fan in losse konstruksje en koartlyn út in rûgen biplastere mei in speesje, dy't fanweg'en de dampens net hurd wurden wie. Dêr kaem by, dat ien fan de muorren in útspringend stik hie, alearen as skoarstien bidoeld, mar dat nou opfolle en ien mei de muorre wie. Sûnder mis soe ik dêr maklik de stiennen losmeitsje, it lyk der ynsette en it gat wer tichtmeitsje kinne, sûnder dat immen der ea aen fan hawwe soe.
Ik hie net misrekkene. Mei in brekizer wrotte ik maklik de stiennen los, pleatste mei soarch it lyk tsjin de binnenmuorre, hold it mei de hân yn dy pesysje en lei mei in bytsje muoite de stiennen wer to plak. Doe helle ik kalk en sân, mei alle mooglike soarch, makke in speesje, dy't fan de âlde net to ûnderskieden wie en striek dy soarch-fâldich oer it nije mitselwurk. Doe't ik klear wie, fielde ik in greate foldwaning, dat alles yn oarder wie. Oan de muorre koe men hoegenamt net sjen, dat er opbrutsen
| |
| |
west hie. De rommel op 'e flier waerd skjin opfage. Triomfantelik kipe ik om my hinne en ik sei yn mysels: ‘hawar, yn dit gefal hat myn wurk net omdôch west’.
Doe seach ik om nei it beest, dat de oarsaek fan safolle illinde west hie, hwant ik wie nou fêst biret, om him dea to meitsjen. As ik him op dat stuit foun hie, dan wie er der sûnder mis oangien, mar it slûchslimme dier wie blykber op syn iepenst, en, bang wurden fan myn forheftige útboarsting, bleau er wyslik út 'e buert. It is ûnmooglik om to biskriuwen, sels om jin yn to tinken, hoe hearlik frij en forromme ik my fielde troch de ôfwêzigens fan it forfijde skepsel. Hy liet him ek de nachts net sjen en sadwaende waerd dit de earste nacht sûnt syn kommen, dat ik djip en rêstich slepte, ja slepte, sels mei in moard op myn gewisse.
De twadde en trêdde deis gyngen foarby sûnder dat myn piniger opdaeg'jen kaem. Ik koe wer sykhelje as in frij man. It munster wie deabinaud wurden en der forgoed útnaeid. Nea soe ik him wer sjen! Myn lok wie folslein! Myn tsjustere misdied hie ik mar amper lêst fan. De pelysje hie alris kluorke, mar ik hie biret antwurde. Der hie sels in hússiking west, mar der wie fansels neat to ûntdekken. De takomst like my wis en feilich.
De fjirde deis nei de moard foei de pelysje, seis man sterk, ûnforwachts by my yn, om it hûs jitris fan alle kanten troch to sneupen. Ik wie der lykwols sa wis fan, dat myn skûlherne net to finen wie, dat ik net de minste forlegenheit fielde. De mannen forsochten my, om mei it hûs troch to gean. Hja sloegen gjin gat of herne oer. Op it lêst, foar de trêdde of fjirde kear, gyngen hja jitris de kelder yn. Ik folge harren mei in stielen gesicht. Myn hert sloech sa rêstich as fan immen, dy't de sliep fan de rjuchtfeardigen sliept. Ik roun mei harren de hiele kelder troch. Mei de earmen oerinoar kuijere ik kalm hinnewer. De pelysjemannen wiene folslein befredige en soene wer fuort. Ik koe myn opteinens net bidimje. Ik hie in greaten oanstriid om hwat to sizzen, al wie it mar ien wurd, om de blydskip oer myn oerwinning to uterjen en harren oertsjûging fan myn ûnskuld to biwisjen.
‘Hearen’, sei ik op it lêst, doe't hja de treppen opg'yngen, ‘ik bin bliid, dat ik my fan jimme fortinking suverje koe. Ik winskje jimme sounens en hwat mear hoflikens. Mar hwat ik sizze woe, hearen, dit hûs is fan in tige solide konstruksje’ (yn myn oerstjûr langstme om fleurichwei hwat
| |
| |
‘THE BLACK CAT’
Houtgravure Jeanne Bieruma Oosting.
Klisjé U.M. Contact Amsterdam
| |
| |
to sizzen wist ik amper hwat ik utere) - ‘Ik siz: in pûrbêst hûs. Dizze muorren - sette jimme al ôf, hearen? - binne seldsum sterk boud.’ En doe, dwylsinnich fan oermoed, sloech ik forheftich mei in stok, dy't ik yn 'e hân hie, op dat stik fan de muorre, dêr't it lyk fan myn bimind wiif efter stie.
Mei God my hoedzje en forlosse út 'e klauwen fan de Kweade! Noch mar krekt wie it lûd fan de stokslaggen forklonken, doe't der in antwurd út it grêf kaem! in need-gjalp, earst smoard en brutsen, lyk as it snikken fan in bern, en dan rêd tinend ta ien lang, lûd, oanhâldend kriten, ûnnatuerlik en ûnminsklik - in gûlen - in jammerjende klachte, dêr't eangstme en triomf yn klonk, lyk as it allinne út 'e hel oprize kinne soe, as divels en fordomden yn koar har leedformeits en har illinde útskreauwe.
Hwat der op dat stuit yn my omgyng is net to biskriuwen. Heal yn 'e sûs stroffele ik nei de muorre dêr foaroer. In amerij stiene de pelysjemannen stiif fan forbjustering en ôfgriis. Mar it oare stuit wiene toalf sterke earmen dwaende om de muorre op to brekken. Mei gauwens wie er iepen en it lyk, yn ûntbining al en mei bistjurre bloed bidutsen, stie rjuchtop foar de eagen fan de tâskôgers. Op 'e holle siet, mei de reade bek wiid opskuord en ien gleon each, it glûpske, grouwélige beest, dat my ta in moardner makke en troch syn gejammer my forret en oan de boal oerlevere hie. Ik hie it munster yn 't grêf ynmitsele.
(Oersetting: Inne de Jong.)
|
|