[Nummer 10]
Forantwurding:
Dit nûmer is wijd oan 'e neitins fan de Amerikaenske dichter, skriuwer en essayist EDGAR ALLAN POE (19 Jann. 1809-7 Okt, 1849). Berne to Boston, studearre er in tiidlang oan 'e Universiteit fan Virginia en gyng letter op 'e militaire skoalle to Westpoint, dêr 't er net bankje koe. Poe hat redakteur west fan ûnderskate Amerikaenske tydskriften. De dea fan syn jonge frou en nicht Virginia Clemm hat syn troch in los libben forrinnewearre gestel de ûnderstek dien. Hie stoar ûnder tragyske omstannichheden to Baltimore.
Poe 's ynfloed op 'e moderne Europeeske litteratuer is lang net lyts. It wurk fan Jûles Verne, Conan Doyle, R.L. Stevenson, Oscar Wilde en H.G. Wells giet foar in part op him werom. Frânske dichters as Baudelaire hawwe sterk syn ynfloed ûndergien. Syn fers ‘The Raven’ is wrâldforneamd wurden.
In skôging oer Poe fan Prof. Perry Miller fan'e Harvard University, dy't de redaksje noch net birikt hat, hopet hja yn it Nov.-nûmer opnimme to kinnen.