Mar nou bliuwt de frage oer: hoe koe ik, dêr't Victor E. van Vriesland sa dúdlik to biskikken hie oer alle wurk fan Dèr Mouw, komme ta de grouwélige leagen, dat de trije sonnetten yn kwesje net foar publikaesje ornearre wiene? Ik haw it mysels ek ôffrege en bin ta it einbislút kommen: Immen moat it my forteld hawwe, of ik moat it earne lêzen hawwe. Lykwols bliuwt it dan noch ûnforantwurdlik om op alle praetsjes ôf to gean; der wurdt langer safolle rabbe. It hinget der fan ôf fan hwa men it heard of hwêr't men it lêzen hat.
Nou, ik haw it wer opsocht en útfoun. Dit haw ik lêzen:
‘Deze drie sonnetten, die nooit bestemd zijn geweest voor publicatie in of buiten de twee delen van de bundel ‘Brahman’ en waarvan de tijd van ontstaan niet meer is vast te stellen, zijn ons door Victor E. van Vriesland afgestaan uit Dèr Mouws nalatenschap.’
It stie yn it Desimbernûmer fan...... Libertinage, en is dúdlikerwize skreaun troch de hear Gomperts. Dêr ha wy dus de libbene by de deade.
Elkenien dy't hwat mei printwurk út to stean hat wit, dat de útdrukking ‘niet voor publicatie bestemd’, bitsjut dat de bitreffende tekst net publisearre wurde mei. Allinne as men dit der mei bidoelt, hat de meidieling sin. Myn ‘insinuaties’, myn ‘laster’, myn ‘smadelijke leugen’ wiene dus in gefolch fan it feit, dat ik de meidielingen fan de hear Gomperts yn Libertinage foar wier oannommen en trochdien hie. Hoe't men al oppasse moat!
Mar loaijens is in net minder great kwea; it wurdt net om 'e nocht duvels earkjessen neamd. Hwant dat Victor E. van Vriesland my sa útheuvele hat, komt blykber hjirút fuort, dat er net allinne to loai wie om him to oriëntearjen op hwat er yn it ‘locaal bargoens’ fan De Tsjerne net bigriep, mar ek to loai om to lêzen hwat H.A. Gomperts ûnder dy trije sonnetten skreaun hie.
De ‘wormen uit Dokkum’, sa't H.A. Gomperts ús neamt, forwachtsje hjir fansels gjin andert op. Hja sizze inkeld mei in fariant op it bikende wurd fan Alexander tsjin Diogenes: As ik de Tsjerne net wie, soe ik Libertinage wêze wolle. Hwa wurdt net oergunstich op sokke ‘frije’ opfettings?
Oerstallich to sizzen, dat ik fan myn stikje yn ús Maertnûmer gjin letter werom nim, útsein dy ‘F’. En elk dy't him net forswarre lit en bihalven syn goede smaek ek noch it Libertinage-nûmer fan Desimber biwarre hat, sil it dúdlik wêze dat dit forwar by de sonnetten alhiel yn styl bleaun is: it is luzich.
F.S.