Yn 'e fierrekiker.
T.S. Eliot oer de kultuer.
Yn ‘The Calvin Forum’ fan Maeije 1949 bisprekt de Fryske ambassadeur yn Amerika, Prof. B. Fridsma, it boek ‘Notes towards the Definition of Culture’, fan Thomas Stearns Eliot, de Nobelpriiswinner 1948. In fragmint fan dit bisprek nimme wy hjir oerset oer, omt it de Fryske lêzer faeks ynteressearje sil.
‘Eliot wurdearret de nasjonale biwegingen lykas dy fan de Bretons yn Frankryk, de Katalanen yn Spanje, de Friezen yn Nederlân en Dútsklân en de Ieren, Skotten en Welsken yn Brittanje net allinne om reden fan minsklik rjocht, mar ek om har kulturele bitsjutting. Hy wiist twa grounen oan, dat in swakker kultuer net opslokt wurde mei fan de sterkere. ‘De earste is in sa djipgeande dat er ienfâldich akseptearre wurde moat: it is it ynstinkt fan al hwat libbet dat it syn bistean fuortsette wol...... Elk krêftich lyts folk winsket syn yndividualiteit to hoedzjen.’ De oare reden is dat ‘it fuortbistean fan de ‘satellyt-kulturen’ fan tige wearde is foar de sterkere kultuer’. De Welsken, sa redenearret Eliot, kinne neat dat de muoite wurdich is oan de kultuer fan Great-Brittanje tafoegje troch Ingelsken to wurden. In kleare en wichtige bijdrage leverje hja allinne as hja Welsken bliuwe. En om Welsken to bliuwen moatte hja har eigen tael biwarje en fuortsterkje; dogge hja dat net, dan ‘sille hja op 'en dûr har folkskarakter forlieze’. Eliot is fan bitinken, dat as de oare kulturen fan de Britske eilannen alhiel opsûge waerden fan de Ingelske, dat dy Ingelske kultuer dan sels fordwine soe. ‘Mannichten hat der nea by stilstien dat it fordwinen fan de periphere kulturen fan Ingelân...... in ramp wêze koe.’
Hjir folget út, dat Eliot opkomt foar de ‘kulturele autonomy’ fan nasjonale minderheden binnen polityk steatsforbân. Hoewol ynsjend dat de nasjonalistyske tendins fan it regionalisme ta it absurde liede kin, is by dochs realist genôch om ta to jaen dat gjin lyts folk allinne by kulturele autonomy libje kin. Yn de moderne wrâld kinne kulturele, politike en ekonomyske problemen net fan inoar skaet wurde. ‘Kulturele autonomy, losmakke fan politike en ekonomyske macht, kin oars net wêze as de skym fan in realiteit.’