Toanielkronyk.
In anatomyske les.
S. Tas, ANALYSE VAN EEN CHARME, 1948, G.A. van Oorschot, Amsterdam.
Dit treflik boekje oer hjoeddeisk Europeesk toaniel fan 'e Amsterdamske essayist en journalist is gjin histoarysk oersjoch, gjin neislachwurk mei folsleine ynventarisaesje fan alles, hwat der yn ús ieu en ús wrâlddiel op it mêd fan 'e dramatyk bard is. Likemin is it in hantlieding, in ‘learboek’ foar toanielauteurs en acteurs, dat in systeem jowt fan hoe't se al en hoe't se net moatte. En lykwols tsjinnet dit wurk dúdlikerwize in didaktysk doel.
De skriuwer leaut (mei safolle oaren) oan in krisis fan it moderne Nederlânske toaniel, in krisis, as forskynsel wól gearstallend ûnderdiel fan in wrâldkrisis op dit gebiet, mar dochs yn Nederlân, forgelike mei de buorfolken, yn syn earmoed skeameler en dêrtroch nammersto nuodliker.
Hjitfolge fan in sterk forantwurdlikheitsbisef as Europeesk kultuerminske, is it skriuwer's bidoeling wegen to wizen om út dy krisis wei to kommen. Net dat er rounom bylkjende hânwizers en warskôgingsbuorden pleatst; leaver set er hjir er dêr ris in dimmer poddestoel yn 'e foarm fan in skerpe en snedige opmerking.
Yn it ynliedend haedstik wurde oer de forhâlding fan toanielskriuwer en spylder en ek fan skriuwer en publyk dingen sein, dy't stik foar stik tige de muoite wurdich binne. In parallel wurdt lutsen mei de komponist en syn fortolkers. In forgeliking wurdt makke tusken toanielskriuwkunst en romanskriuwkunst. It toanielstik is by de skriuwer in kondinsearre roman. It lêzen fan in goed toanielstik is in literair genot dat op himsels folslein is, like folslein as it lêzen fan in roman. Mar it sjen fan in goede foarstelling hat in bitsjoening en jowt in oandwaning, dy't fan gjin oare kunstfoarm forfongen wurde kin. Hwa't nea toanielspyljen sjoen hat, sil foar 't neist ek gjin goed toanielskriuwen leare. De toanielspylder is in kunstner, mar hy is ek in tsjinner. It is taek en plicht fan 'e toanielskriuwer de acteur to ûnderwerpen oan syn deidream. It einbislút fan dizze ynliedende skôging is dan ek, dat de fornijing fan it toaniel allinne bigjinne kin mei de fornijing fan 'e toanielskriuwkunst.
Yn 'e folgjende 15 haedstikken hâldt de skriuwer in trochtocht by de bilangrykste moderne Europeeske dramaturgen lâns. De foarnaemste wurken fan Priestley, Thornton Wilder, Galsworthy, Pirandello, Gaston Baty, Ibsen, Hauptmann, Claudel, Giraudoux, O' Neill, Heyermans en Shaw wurde yngeand bisprutsen. Analytysk-skôgjend wurdt de binnenbou fan dy har skeppingen bleatlein. Mar boppe it flikkerjen fan it lancet baernt hieltyd wer de waerme flam fan biwûndering en ûntsach. Njonken de eask fan oprjochte psychology klinkt troch de tankberens foar it dichterlik wurd. Binammen de trije opstellen oer Shaw, en ek hwat der sein wurdt fan Hauptmann en fan Heyermans is tige klear en mei skerp ûderskiedingsformogen skreaun.