gijn hier, hy hat in deadskop. Myn eag'en glide by syn lichem lâns. Hy hat gjin broek oan, syn fuotten binne inkeld bonke. It is de bare Dea sels. Efkes forsjit ik fan kleur, mar dan wurd ik bliid. Soe er my helje wolle? Dat soe de ein bitsjutte fan dit sinleaze, ôfgryslike libben. ‘Dea, ik bin bliid dat Jo by my komme. Wolle Jo in stoel, nim dy noflike dan, of Jo meije ek nêst my komme to sitten op 'e divan.’
Hy nimt plak flak oer my yn de loaije stoel. Ik fiskje myn shagpûde út ien fan myn bûsen en freegje oan 'e Dea oft hy ek smoke wol. ‘Tankje, ik smook net’. Ik rôlje mysels stadich in sigaret, set de radio oan en sykje dan om lúsjefers.
‘Freon’, seit de Dea, ‘ik bin hjir by dy kaem út freonskip. Dou bist ien fan dy pear minsken dy't wol ris oan my tinke, net mei skrik of út binaudens, mar mei hwat fan bihagen. Dou hast my nea sjoen as in fijân, mar as in goede help, as immen dy't it goed foarhat mei in oar. Soks mei ik graech fan jonge minsken’. Ik sjoch de Dea oan mei in myld each, ik bin alhiel net bang fan him, hy hat ek neat gjin ôfstjittends, allinne kin ik him net yn 'e eagen sjen, dat muoit my in bytsje, mar syn stimme is sêft en meilydsum.
Efkes is it stil en dan hear ik mysels sizzen: ‘Mynhear Dea, binne Jo hjir kaem om my to heljen? Dat soe my tige forplichtsje’. ‘Jong'e freon, dat is net it gefal. Fan myn Baes ha 'k de opjefte krige allinne dy jong'e minsken mei to nimmen dy't nea oan my tinke of dy't my forbalje wolle út har tinzen. Myn freonen mei ik earst helje, as hja miene dat ik har forjit.’
‘Mynhear Dea, meitsje foar my in útstûndering. As Jo my ta Jins freonen rekkenje, dan soe it in freonedied wêze en nim my mei. Jo witte dochs dat myn libben hjir doel noch sin hat; hwerom moat ik hjir dan bliuwe, mysels en oaren ta lêst? Toe, Mynhear Dea, nim my dochs mei, ik smeek Jo derom’. Hwat.... de stoel oer my is leech, de dea is fuort. ‘Mynhear Dea! Mynhear Dea! Hwer binne Jo? Nim my mei!’
Hoe let is it einliken? Kertier foar njoggenen. Ik pak de shagpûde en draei in sigaret. Dan klaei ik my út, sykje in skjirre en bigjin my de neilen to knippen en de smoargens tusken de teannen wei to heljen. As ik klear bin, strûp ik de pyama oan, set de radio ôf en gean op bêd lizzen to lêzen.