dat smoard is yn syn eigen konsekwinsjes, en yn in wer oanwinnend troch elkoar mjuksjen fan kunst en morael fan syn suverste prinsipe: de objektiviteit birôve is. En dat naturalisme fan de foarrige ieu, às it noch bioefene wurdt, komt yn de striid om it yndividu foar syn eigen grêf to stean (sjoch Simon van 't Reve, as men dy dan mei gewelt serieus nimme wol) òf, lykas yn Fryslân, it wurdt in litterair anachronisme, op skonken hâlden troch tsjerklike motiven en troch syn stiifkoppich foarbysjen fan ien aspekt fan it libben: it sexuële, dat, passearre of ûnder ‘gefolgen’ weistoppe, it naturalistysk prinsipe de das om docht. It naturalisme fan de foarrige ieu wie noch in koarts, in dream, it iepene nije perspektiven, nije forwachtingen, - dat fan ús tiid yn Fryslân is meager en skriel, mei in to smelle útwei nei Boppen, sûnder geast, sûnder drift, sûnder geastdrift. Mei syn goedhinnich, mar wjoklam naturalisme sokket Fryslân efteroan, as woe it in forlerne kâns goedmeitsje en oansluting fine op in forline dat net mear fan dizze wrâld is. En dy't der oan ûntkomme, witte amper hwat hja wolle, ha gjin doel en gjin fruchtber alternatyf. It iennichste dat hja witte is dat it oars moat. Dat witten is wis, mar ûnfoldwaende en allinne de hope kin it syn doelleazens ûntnimme.
As men dit byld foar eagen hâldt, is der fan ‘Hessel Ypma’ op himsels net folle forkeards to sizzen. Like ienfâldich en sinleas as it is om positive phrasen oan to tugen lykas: ‘Akkerman ken syn folkje en syn milieu's út 'e pin’ en: ‘Hy skriuwt in goed en folkseigen Frysk’, like ienfâldich en sinleas is it om protesten op to stellen tsjin it kropjen, fretten en neilplúzjen, dat syn minsken, net allinne yn dit, mar ek yn syn eardere boeken, en dêrre, op it kropjen nei, faeks mear as yn ditte, sa hiem hawwe. As men nou ienris Hessel Ypma's by de kop hat, hwerom dan net? Dy dogge sa, en soe men it dan net opskriuwe?
‘Hessel Ypma’ is in mistreastich boek. Mar sûnt hoenear, soe men de apostels fan de bliermoedig'ens freegje wolle, is mistreastigens in biwiis fan ûnformogen? It is in boek sûnder humor, sûnder relief, sûnder kontrastwurking. Mar hwat humor, hwat relief, hwat kontrastwurking wurdt der dold út terpierde en dong? Né, alle biswieren dy't men stilearje kin, rinne dea op dit iene simpele feit: Dit boek hoecht net oars as it is, it is himsels genôch.
Sels de wichtichste frage dy't, nei 't my foarstiet, de