| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Nunders.
De state.
Hy wit, myn trou is as in sterke stins, -
Nei jierren wachtsjen yn de kemenade
Lit dy net ou, hwant yn myn heech fortrek
Hinget syn glâns noch as in wapenrek
Oan it lewant. En jow ik soms in amerij,
It webdoek op 'e skoat, myn hannen lins,
Dy't oer 't binaeisel dreame, dan is 't my,
As hear ik hoarnen kundigjen syn kommen,
Mar alweroan wurdt my de hope nommen,
En eltse skimering fynt my biskade.
| |
It skurdige hert.
Ik naem in skjirr' en knipte yn in blêd,
De foarm waerd earst in stjirre, doe in hert, -
Hoe lykwols kaem it oan dy skerpe skarden?
Dan wist ik it: de jonge leoparden
En falken spouden fan myn geast de seamen,
Hja boarten mei it leaf, myn griene dreamen.
| |
It ivige foarjier.
(Nei Rodin.)
De hulde fan syn rjochterearm leit om har hinne,
Wylst achteleas de oare op de rotsen rêst.
Hjir is it ivich foarjier yn de pea forstienne, -
Nea hold de leafde hoedener it libben fêst.
Ut ealste foarmen, dy't har wêzen sizze doarsten,
Yn 't selsforgetten lichem en de jonge boarsten,
Sil smedich him in bûgende bikoaring winne, -
Dan is de siele mei de djipste driuw foriene.
| |
It ivige simboal.
Baerne de wachten moannefjûr yn blauwe skalen?
Is it de dauwe, wâljend út de dalen?
Wine astrale slangen om de libbensbeam
't Uneindige yn nachten fan mystearje?
| |
| |
Oernevels rôlje oan de stjerrestream
It ivige simboal yn har spiralen,
Wylst hja mei sinne-glyphen gloryearje.
| |
De tsjoengjirde.
Sa stiest dan iensum en fan elts forlitten
Noch op it brune heidefjild - dyn lette jier,
Wylst oan de skiere loft in deade sinne skynt
En spoek'rich efter sulvergrize bjirken dûkt.
Mar nim de wichelroede fan it djipst ûnthjit en
Siikje út dyn greate earmoed' wei de herte-ier,
Oant triljende dyn twige nei it wetter lûkt,
En de forhoalen wige fan it libben fynt.
| |
Pastorale.
Dou bist de koele klearte fan de hjerst -
Nou hinget oer de bergen en de bosken fan de geast
Der baernt in louterjende lôge foar de tinten,
De reek stiicht stil en steil op by de klinten, -
De ierde geuret djip oan marren fan de rêst.
| |
Lot en liet.
Ja freon, ha dou mei myn gewraksel mar de gek,
Dou hast in fartúch - seit men - sûnder lek en brek,
En ik ha inkeld smoargens fan de boaijem eaze, -
Elk fers wurdt my in amer fol fan weaze.
En dochs haw ik as dy op frije wetters widze,
Al leit myn boat nou yn 'e blabber en 'e dridze,
Mar winkt ta my de tiid, dat ik de ein bisyl,
Dan wurdt de ingte wiid, trochskinend as beryl.
|
|