De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 274] [p. 274] Tj. W.R. de Haan: Vampyr. Illyryske folkswize. Yn it ûnlân fan de Stevila, By in boarne klear en fyn, Leit in lichem op syn brede rêch - En heisterich blaest de wyn. Dat is de minne Venetiaen, Dy't Martsje yn skande brocht Mei snoad petear en dy't ús doarp Yn lôgjend fjûr bisocht. De koegel kitste tsjin syn boarst, Mar it mês krong troch syn moed. Trije dagen leit er nou al dea - Hwerom rint noch syn bloed? Syn weagjend burd waechst stadich oan, Syn neils binn' skerp en lang. Sels ravens flechtsje fier fan him - Fan syn eagen stjerrend bang. Martsje, kom hjir - om him, om him Forretst dou dyn geslacht; Sjedêr dyn hear en brêgeman - Fier nou dyn brulloftsnacht! Patsje syn mûle, read fan bloed; Meitsje syn hert wer soun; Dy't dy sa skoan biprate koe - Liz nêst him, oer 'e groun. Hy liet ús skrieme, doe't er noch Trille fan libbenstier. Nou leit er, op syn brede rêch, Yn it gers - grouwe vampyr. Vorige Volgende