Ik sil foar dy spylje op de tambura,
En swietlûdige lieten sjonge as in soan fan de woastine,
Hwant dou bist as in hart, dat oer de klingen dounset,
Flechtsjend foar de jager.
Ik skromje net dit leafdeliet ien fan de greatste, sa net it greatste, út ús hiele litteratuer to neamen. It is, soe ik sizze, ek sûnder foarbyld; allinne de namme fan Salomo swevet jin op de lippen.
Trouwens hokker ynfloeden fan oare dichters Sjoerd Spanninga ûdergien hawwe kin liket my min oan to wizen; men komt iderkear wer ûnder de bitsjoening' fan syn oerrompeljende originaliteit. Tinkt men by in byld, in titel soms, al oan in oare dichter - oan Slauerhoff bygelyks - dan forskimert dy fuortdaliks efter it eigen timbre en de glâns fan it eig'en ‘enthousiasmos’, dat syn fersen trochstrielet. Bytiden sakket syn sjongsum lûd ôf ta de mimering fan de meditaesje en yn de lange gedichten - as ‘Amerijen’ - komt er hjir en dêr mar amper boppe forstânlik riddenearjen út. De forwûndering is lykwols net út de atmosfear wei en nei forslopping en ynsinking wurdt it dichterskip hieltyd ta nije stiging spand.
Hwat fan de forbylding jildt, slacht ek op de tael: rykdom. Net allinne kiest Spanninga mei subtile intuïty it sprekkende en sierlike byld, hy lit it ek omfûnkelje troch in oarspronkelike taelplastyk. Byld en tael binne by him minder in kwestje fan smaek as fan opbrûzjen, iepenboarsten en útfloeijen - it wurd forriedt mar komselden opsetsin en oerliz, mar stiet meastentiids ûnder de discipline fan in sterke spanning. Der wurdt troch dizze dichter hinne songen; al binne klank en toan tige persoanlik, de oandrift docht jin boppepersoanlik oan. Yn de djipte fan syn siele driuwe machten, roppe stimmen, sjonge ingels; mei it skip fan syn dream bifart er blauwe en sulveren séen, op de kamielen fan syn forbylding tsjocht er oer brune klingen, troch steppen en woastinen, lâns de tinten fan nomaden; syn geast dwaelt troch de ieuwen, frijheit sykjend; syn hert longert yn de leafde nei in foltôging foar syn libben en in oplossing foar syn iensumens.
Spanninga hat ek syn swakke mominten. As er ta virtuositeit forfalt, lyk as hjir en dêr yn it geweldige gedicht ‘Brahma’ - mei syn forbjusterjende figuraesjes fan ien bigjinsel, yn in ûntsachlike mannichfâldigens it iene skôgjend - dan ûntg'iet him de needwindigens fan it byld