De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] Fedde Schurer: De fjirde dimensy. In Sonnettekrâns Frussele foar myn freonen en bistriders, ta lof fan 'e poëzij. I Nim òp dyn ynstrumint en sjong der by Mei kleare stim en iepene registers, Sjong foar 't gehoar fan dichters en filisters; It giet ta eare fan 'e poëzij. Sjong dan, en weitsje de âlde leafde opnij By freonen, verbi humani ministers, En rop refreinen op by har bitwisters: Wês ienris fisker noch op 't goede tij. Taest hwa har oan, wol hwa har tsjinstber meitsje, In lûkdier dat foar alle weinen rint, Wol hwa in fûg'el yn syn opflecht reitsje Dy't stigend altyd nije himels wint - Stean njonken har dêr't alles tsjin har tsjûget Mei 't iennichst wapen dat de dichter foeget. II Mei 't iennichst wapen dat de dichter foeget Stride wy om har rjocht en heech bistean - En fregest eangstich hwêr't wy hinne gean As by de Lorelei de draeikolk sûget? Sjoch, dêr't in minske lêst op lêsten loeget En faei wurdt yn syn skande to forgean Bikomt er graesje en ûnfortsjinne lean Yn 't lokjend liet dat him ta frijdom noeget. 't Bloeit út syn binnenst, ûnforklearber wûnder, En 't sjongt de doar fan elke finznis iepen; [pagina 258] [p. 258] Al bliuwt it skerpst bigryp hjir fierwei ûnder Dochs krije de biminden 't ûnder 't sliepen. As mukken driuwende op 'e simmerstoarmen Sa fynt har libben doel en nije foarmen. III Sa fynt har libben doel en nije foarmen Mar dû wolst wurklikheit, omline en klear. De dichters lykwols sykje oars en mear: In wierheit neffens ûnneigeanbre noarmen, Op hokker wylde paden hja ek doarmen Hjir tusken ûnderwrâld en stratosfear, Hja boartsje in spul foar 't oantlit fan 'e Hear; En treft de laits har fan syn myld erbarmen, De wyn wurdt soelder en de loften blauwer En troch it beamt giet in ûntroerjend liet En twaris twa is altyd mear as fjouwer Foar hwa't har rede en rekkenkunst forstiet. Bitroud is 't wetter dêr't wy sinke en rize Wylst flagge en wimpel tsjin 'e wyn yn wize. IV Wylst flagge en wimpel tsjin 'e wyn yn wize Brûze wy oer de mar fan skientme en dream; Us koerts wurdt net biskaet fan tij en stream En wy fordrifkje net yn stoarm en dize. Gjin frjemde loads sil oer ús feart kedize En yn it wûnder lân oan de oare seam Dêr hing'je druven oan in linebeam, Dêr jowt de stienrots drank, de wolken spize. Dêr rane yn it retort fan de alchimisten Ta 't pûrste goud ús lead en koper om - Hwat jowt it as hja alles fan my wisten Hwat ik fortsjinje en hwêr'k fandinne kom? [pagina 259] [p. 259] Hwant hwat it brein bifette en flitich learde De dichter jowt it oare en nije wearde. V De dichter jowt it oare en nije wearde Hwat er rounom oan rykdom fynt en wint. 't Wurdt bûter, hwat as môlke yn 't tsjernfet rint En sèls is hy de aldermeast forhearde. Dy kunst, dy't him gjin geast of demon learde Is diel fan 't eigen, minsklik illemint, Noch tsjoenderij, noch spoek noch sakramint: In fint, in fers: de libb'ne by de deade. Gjin grykske god bliest ús it liet yn 't herte Apollo net noch Bragi hoecht der by Dy't argleas hert en sinnen iepensette Hja fine op ierde ierdske poëzij. Hwerta soe men oan 't goadedom forfalle? God hat de minske nei syn byltnis stalle. VI God hat de minske nei syn byltnis stalle En boppe 't dier de macht him tabitroud Dy't stêdden skept en fleanmesinen bout, Hoe fier ek út it paradys forballe. Wurdt fan syn freugde ek gâns troch 't kwea forgalle Salang dy skeppersdrift him net bijowt Dy't aloan foarm út foarmeleazens hout Sil hy de ûngroun net as bût forfalle. Yn poëzij, dêr't foarm en chaos stride, Is 't dat ús hert de deadedouns ûntspringt; Gods arke is hja, dy't as ús stoarmen ride Us feilich oer de djipste floeden bringt En stomme wurden stige út sleur en twang Mei hoarngeskal en tambourineklang. [pagina 260] [p. 260] VII Mei hoarngeskal en tambourineklang Wêz' by herhelling de eale dichtkunst romme. De jeften dy't oan ús bigryp ûntkomme Treastgje de drôven bêst in libben lang. Hoe blyn forsomme men jins heechst bilang: Sjoch, swalkers, skrousk en op it hert forklomme, Hjir wurdt yn fjilden, grien en bûnt biblomme, It wurd ta wûnderspreuk, de sin ta sang. Forstoarne nammen wurde ta symboalen Fan in forlerne, djip fortroude wrâld En boarnen brekke iepen yn 't forhoalen En wjitt'rings wine troch in rûzjend wâld - Sa priizje God en priizje Him opnij: Nim òp dyn ynstrumint en sjong der by. Vorige Volgende