Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
DBNL Logo
DBNL Logo

Hoofdmenu

  • Literatuur & Taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taal
    • Limburgse literatuur
    • Friese literatuur
    • Surinaamse literatuur
    • Zuid-Afrikaanse literatuur
  • Selecties
    • Onze kinderboeken
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • E-books
    • Publiek Domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Gebruiksvoorwaarden
    • Hergebruik
    • Disclaimer
    • Informatie voor rechthebbenden
  • Over DBNL
    • Over DBNL
    • Contact
    • Veelgestelde vragen
    • Privacy
    • Toegankelijkheid
De Tsjerne. Jaargang 4

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave



Genre
proza
poëzie

Subgenre
tijdschrift / jaarboek


© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

 

De Tsjerne. Jaargang 4

(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De

Vorige Volgende
[p. *11]

Tsjerne-Poëzij-Priisfraech?

Yn it Maert-nûmer fan de rinnende jiergong hat de redaksje in klacht utere oer it net nei foaren kommen fan in alderjongste Fryske dichtergeneraesje. Yndie hat dy klacht guon út 'e sliep skuord. Om lykwols it ynstjûren fan poëzij troch de alderjongsten ek op oare wize to stimulearjen, hawwe de útjower en redaksje fan ‘De Tsjerne’ it bislút nommen, in poëzijpriisfraech út to skriuwen foar ‘debutanten’.

De bitingsten binne lyk as folget:

1.As ‘debutanten’ wurde yn dit gefal biskôge dyjingen dêr 't gjin fersebondels fan forskynd, oankundige of yn biwurking binne, en dy 't net ta de fêste meiwurkers fan ‘De Tsjerne’ hearre; ûnder ‘fêste meiwurkers’ to forstean dyjingen fan hwa't yn al de fjouwer jiergongen 1946, '47, '48 en '49 of yn twa opinoar folgjende dêrfan wurk opnommen is.
2.Under ‘alderjongsten’ wurde yn dit gefal forstien: dyjingen dy't op of nei 1 Jann. 1923 berne binne.
3.Ynstjûrd kinne wurde: lyrysk wurk en epysk wurk, mar gjin fragminten. Yn gefal fan kwatrinen moat it tal op syn minst fjouwer wêze.
4.De fersen moatte oarspronklik wêze, gjin oersettings of biwurkings.
5.Elkenien mei safolle ynstjûre as er wol; mar wurk fan ien persoan moat yn ien kear en ûnder ien motto ynstjûrd wurde.
6.De karkommisje siket út it ynstjûrde wurk fan elke ynstjûrder it nei har miening bêste fers en weacht dat ôf tsjin it bêste fan elk fan de oare ynstjûrders. It ynstjûren fan mear wurk forgreatet dus de kâns op in priis.
7.De fersen moatte ynstjûrd wurde ûnder motto en sûnder ûndertekening. Elke ynstjûrder moat in sletten slúf byfoegje dy 't itselde motto draecht en namme en adres (gjin skûlnamme) fan de dichter bifettet. Wol kin dêrby opjown wurde, ûnder hokker skûlnamme men it wurk evt. publisearre sjen wol. De slúf wurdt iepene nei de útspraek fan de karkommisje.

[p. *12]

8.It ynstjûrde wurk moat skreaun wêze yn masineskrift of tige dúdlik, mar net eigen hânskrift; it papier mei mar oan ien kant biskreaun wêze.
9.De karkommisje wurdt foarme troch de redaksje-ried fan ‘De Tsjerne’.
10.Der wurde trije prizen biskikber steld, ntl. as earste priis f 15. -, as twadde f 10. - en as tredde f 7.50. De karkommisje hâldt him it rjocht foar, ien of mear fan dizze prizen yn to hâlden.
11.De redaksje hâldt de biskikking oer al it ynstjûrde wurk yn safier dat hja it rjocht hat, it yn ‘De Tsjerne’ op to nimmen tsjin it wenstige honorarium; dit stiet bûten de takende prizen.
12.Meidoggers moatte har wurk foar 1 Desimber 1949 ynstjûre. De resultaten sille sa gau mooglik nei de ôfslutingsdatum yn ‘De Tsjerne’ bikend makke wurde.
13.De bydragen moatte ynstjûrd wurde by de redaksje-skriuwer A.S. WADMAN, HEABLOKSTRJITTE 15, SNITS, dy't op forsyk ek ré is ta it jaen fan ynljochtings oan hwa't it noch net alhiel dúdlik is.

 

Utjower en Redaksje.


Vorige Volgende