| |
| |
| |
D. Kalma:
Oer libben en dichting.
It ‘Jolm’-symposium, dat oanlieding west hat ta in diskusje yn ‘De Tsjerne’, haw ik net bywenne, en ik tink ek net dat ik ien fan sokke symposia bywenje sil. Ik wurdearje fansels wol de bidoeling fan de initiatyf-nimmers; ik bin der hast wol wis fan dat hja mei sokke bisprekken de niget fuortsterkje wolle oan de nijere en nijste Fryske dichtkunst. Mar ik bin der jit wisser fan, dat ek by de bêste bidoelings, sokke diskusjes net hâlden wurde kinne sûnder de persoan fan de dichter tonei to kommen, en (dat gâns slimmer is) syn wurk to ûntwijen. De wurdearring fan dichtkunst easket in oare sfear.
In fers, lyk as alle kunst, hat to meitsjen mei it meast ynderlike fan ús wêzen, it wurdt ûntfongen, it foarmet him, it komt ûnder de minsken as in bern fan de stiltme. It is net safolle letters of rigels, it is net it pompier en de inket, it is, op de iene of oare wize, libben. It hat net allinne eigen lûd en faek in selsum moai lûd, it hat net allinne de heimsinnige libbens-biweging fan it rhytme, it seit ús net allinne eat, mar it wurket troch dat alles meiïnoar op ús yn, it bisit de aktiviteit fan de persoanlikheit. De wurking tusken fers en ynderlik is as in kommuny fan siele ta siele. Men moat mei it fers allinne wêze, hwant ek jins forstean dêrfan groeit yn de stiltme. Sels as it lang en djip op jin ynwurke hat, bliuwt it slim ûnder wurden to bringen hwat it foar jin bitsjut hat. Sels oannommen dat de sfear fan in symposium oer fersen suver bliuwt en fan gjin parmantigens en paradoksen to lijen hat, dan jitte is de kâns great dat der mear skeind as woun wurdt. Leafst stiltme; byneed it tsjûgenis fan in klear-fielend en kundich man oer hwat in dichterlik wurk foar him bitsjut hat; bileaven gjin Babel fan dichterliken en ûndichterliken, kundigen en ûnkundigen, biwûnderers en forsmiters trochinoar.
Ik soe dêr fansels net op komme, as fers en dichtkunst net op 'e iene of oare wize hwat bysûnders en kostbers foar my wiene. Dat binne hja yndied foar my, in great, ja tige great libbensg'oed. In stik hinne haw ik al forklearre hwerom dat sa is: in fers dat my oertsjûget is foar my as de groet fan in siele. In bulte minsken wolle net wêze hoe iensum hja
| |
| |
binne; ik graech, tige graech, om't der foar my sûnder iensumheit gjin rykdom is, om't de iensumheit foarbitingst is om ta libbenswinst to kommen. Mar ûndraechlik soe de iensumheit wurde, as hja net fol groeten en moetingen wie, dy't bytiden út it minsklike komme, faek ek út it natûrlike, en tige faek folslein ûndefiniearber bliuwe. Us iensumheit is ûnforbidlik, ynsafier't wy allinne yn it libben komme, allinne derút geane, nea folslein ien wurde kinne mei hwa en hwat ek fan de skepping; dêryn leit de minsklike bigrinzing; en dochs is ús rykdom sa, dat nimmen dy't goed libbet, in dei libje kin sûnder ynlike tankber towêzen foar alles hwat him jown wurdt. En ik bin ynlike tankber foar alle goede fersen dy't ik yn myn libben lêzen ha.
Op gefaer ôf fan my yn in modern formidden folslein ûnmûglik to meitsjen, gean ik fierder, en siz: in goed fers hat foar my in hillige wearde. Dit soe as in banale wierheit klonken hawwe yn efter ús lizzende Grykske en Germaenske tiden, doe't eltsenien bigriep dat der bisieljende krêften efter de dichter stiene: Apollo hokfoar Muze, Bragi, Idun; mar nou sil, dy't soks seit, wol foar in heiden gean en in ûnnoazelen-ien dêrby. Forkundiget sels Fedde Schurer net, dat poëzije ‘biheart ta de libbensforskynsels, dy't folslein binnen de rounte fan it minsklike falle’? ‘Du sprichst ein grosses Wort g'elassen aus’, soe de Muze anderje kinne, as it mûglik wie foar in goadinne om mei Goethe Dútsk to praten. Hwat my oanbilanget, ik sil net sizze dat de Muze is, mar ik siz al, dat hja der wêze kin, en dat ik (suver persoanlik) oan har leau. Lit my forsteanberder tael prate. Soe Fedde Schurer leauwe, dat de minske (ik siz net de Buskesiaen, ik siz sels net de Kristen, ik siz de minske) isolearre stiet foar God oer? of, wiisgeariger sein, soe, wylst wy by ússels fan geast prate foar en nei, in Wrâldgeast, dêr't al de minsklike geast syn diel oan hat, sa fier to forsmiten wêze? Ha wy safolle fan ússels? Ik sil wier gjin metaphysica foar Schurer sines oersette: ik siz allinne oer syn útspraek, dat hy dy net wiermeitsje kin.
It leit yn Fryslân hwat tear mei it forbân tusken godstsjinst en kunst, en men moat it altyd mûglik achtsje dat in theoloog jin fêstsette wol mei in riddenearring as dat de God fan de Pentateuch Germ Visser dochs wis gjin Nudistelietsje ynjaen kin. Sokke arguminten meitsje altyd, dat ik myn goede saek forswakje mei lichtsinnich to wurden, en siz: En hwerom net? Hoe wie it yn it Paradys? en hokfoar
| |
| |
dichter soe net fan it Paradys sjonge? En dochs is der ek wol hwat goeds yn sa lichtsinnich to wêzen, hwant sa komt men mei ien sprong it probleem yn it hert. Sels oannommen, dat der yn de dichting in fierders ûnforklearre bisieling meisprekt, sels oannommen dat yn har hegere mominten de dichting jin oandocht as iepenbiering, hoe bistiet it dan, dat hwat hja ús iepenbieret, faek op sa'n frjemde en binearjende wize yn tsjinstriid is mei hwat ús altyd as goed en wier foarhâlden is?
Op likernôch sa'n wize wurdt de frage meast steld, mar ear't men jin oan in diskusje weaget, moat men har fansels korrigearje. Dat jin eat as goed en wier foarhâlden is, hoecht op himsels net to bitsjutten dat it ek g'oed en wier is. Wy tinke jerne it bêste fan de minskheit, mar fan forsinnen frijsprekke kin men har net, en it tal foaroardielen biliket dat fan de oardielen faeks moai skoan. Diskusje is net mûglik oer hwat foar my of jo goed of wier of moai is; dan komme wy nuodlike ticht by de heechste wiisheit dat oer de smaek net to tsieren falt; in fruchtbere diskusje kin allinne fierd wurde oer de forhâlding fan it goede, it moaije en it wiere. Dy eigenkippen binne fan de foartiid ôf biskôge as ideëde haedwearden fan it minsklike net allinne, absolút tocht binne hja haedynhâld wurden fan mennich Godsbigryp; en moatte wy nou tinke dat hja stridich opinoar ynwurkje kinne, sadat hja it fordielde hûs foarmje, dêr't wy fan witte dat it net bistean kin?
Hjir mocht ik in kras wurd oer sizze, dêr't ik yn oare tiid faeks myn libben mei weagje soe; sa net, dy't earlik prate wol, moat altyd witte dat brânsteapel en galge tichteby binne. Ik moat net folle hawwe fan it goede noch fan it wiere noch fan it moaije, en achtsje dat rju satanyske útfynsels, fan de Satan fan de Analyse nammentlik. It goede op himsels, sûnder it wiere en moaije, is ûnmacht en mislieding; it wiere, sûnder it goede en it moaije, is ûntbinend en fordjerlik; it moaije, sûnder it goede en wiere, is in Hollywood-stjerre op har alderbanaelst. Wy minsken hawwe allegearre ús iensidichheden, en binne foar ús eigen heil steld yn in wrâld fan striid (en dat sil duorje oant de minskheit ophâldt to bistean), en allinne dêrom al stribje wy, en moatte wy stribje nei it folsleine, en langje wy en moatte wy lang'je nei de harmonije. Yn it kulturele bitsjut dat dit (foar my), dat neat my wier en djip bifrediget as hwat my in ôfglâns fan dy harmonije jowt. Bigryp goed: dy harmonije
| |
| |
hat mei ‘moai lykjen’ neat to meitsjen, ja folle bêste minsken kin de grize dêrfan oer de grouwe gean. Noch de masterwurken fan de Helleenske kultuer, noch dy fan Shakespeare, ‘lykje moai’; yn de itige faktael sein, aesthetysk yn bysûnderheden wurkje hja lang altyd net. Hja komme oer jin as in iepenbiering, forlosse (men wit sels net fan hwat), meitsje jin lokkich, litte jin, nel it ûnforgonklike wurd fan Aristoteles, in katharsis ûndergean. Hja binne gjin iepenbieringen fan ‘it moaije’, hja binne dy fan in siele, boppe it minsklike út en dochs sa yn-minsklik. Hoe mear ik fan it wier-greate fornim, hoe klearder my wurdt, dat it ynderlik, de siele, alles is, en de foarm foarm, kostlik allinne omdat de forkeazen siele har sa brûkt.
Forwyt men my nou, dat ik sa it minsklike forhearlikje, dan moat ik twa dingen anderje: dat ik net ynsjoch hwerom men in greate jefte Gods net mei greate tankberens earje soe, en dat ik my wol wachtsje sil, hwat foar my sa dúdlik g'enede is, ta to skriuwen oan minsklike fortsjinste. Ik earje in minske allinne, ynsafier't hy in trou útfierder fan syn opdracht is, en om't myn eagen dêrfan sa'n bytsje ûnderskiede kinne, bring ik al myn eare en tank oer op it wurk, en Him dy't dê'r efter stiet. It âlde ‘Ora et labora’ jildt wis op bysûndere wize foar de kunstner: ‘Ora’ yn it witten fan de lytsens fan syn eigen krêft, ‘labora’ yn it witten fan syn plicht.
It wurdt tiid, leau ik, de kunst werom to roppen ta de oarder fan har taek, dy't in libbens-funksje is. Hwat my faek yn ‘moderne kunst’ hinderet, is net har protest, dat yn in forboargerlike, tige fatsoenlike en frij húcheleftige maetskippij as uzes, tige op syn plak wêze kin. Ik haw (mei Fedde Schurer) biswier tsjin har negativisme, dat it stânpunt fan in forâldere opfiedkunde forret. As dit libben sa ûngenietber en sinleas is as men út dizze skriuwers har wurk opmeitsje soe, lit har derút stappe, ta bifrijïng fan alle partijen. Mar as hja miene dat der sinleaze en ûngenietbere dingen yn dit libben binne, lit har ús net ûnthâlde hwat harren de krêft jowt om mei libben en wurk troch to gean. Ik nim harren net kwea dat hja pessimistysk binne, ik nim harren kwea dat hja de tragyk fan it libben oantaeste, dat de striid fan de tsjinstelden nedich hat om't allinne sa oplossing mûglik wurdt. De homo logicus, de homo ethicus, de homo aestheticus, de homo economicus, de homo sexualis en dizze hiele ûneinichheit fan homunculi bliuwe pompieren útfyn- | |
| |
sels fan in yn himsels fêstrinnend yntellekt (it is wol it summum om yn dizze yntellektueel hypertrofearre wrâld om jit mear ‘harsens’ to roppen); realisme, tige, mar net in ta de helte en minder fan syn mûglikheden forskromfele soarte.
Wy binne iensidich, wy allegearre, en de aerdichheit soe fan it libben ôf wêze as wy it net mear wiene. Wy kinne sels sizze: ús iensidichheit is yn ús biskepen, wy kinne net oars. Universeel, yn de foisleine sin, wurde wy nea, like min as harmonysk. Mar wy kinne tinke dat wy witte en dat de wrâld is lyk as wy him sjogge en dêrneffens wurkje; en wy kinne witte dat wy net witte, en mei it ‘lied ús, o Ljocht’ fierder gean. Ik doar allinne op de lêste wize fierder, as minske en as kunstner. En ik leau, dat de kunst oars net fierder kin. Alle libbens-mûglikheden binne harres, mar it libben is Gods. Foar de kunst wankt in better takomst as in forslaen yn analisearjende wittenskip; hoe djip hja yn de skepping woartelet, hja bloeit lyk as al de skepping bloeit; it ljocht ynheinend, wurdt hja in great wûnder. Mar dêr't hja bloeit, wês hoeden: hwant dû giest op hillige groun.
Juny 1949.
|
|