Krityk yn it koart.
Yn 'e alde wiel.
S.M. van der Galiën ‘Boerefolk’.
Mei boeken as ‘Boerefolk’ glide wy wer tobek nei de tiid fan Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts, Oebele Stellingwerf, J.S. van der Steegh e.o. Allinnich de buordtsjes wurde forhongen. De smjunten, de smichels, de minnen, dat binne nou net de dominys, de oefenders, de tsjerkelju, koartsein de orthodoksen en grifformearden, mar de lju fan 'e oare kant.
Fan al dyjingen dy't yn it boek foarkomme en dy't net rjochtsinnich binne bliuwt net in spoen heel. Hja binne sûnder omtinken, lomp, pertael en steane net op harren plak.
De famylje van der Mey, dy't Mennist neamd wurdt, is in foarbyld fan 'e wize, dêr't van der Galiën oarstinkenden op útbyldet.
Dat trochstrings it fielen foar eigen tsjerke en formidden by de mennisten like krêftich is as by de orthodoksen en grifformearden, dêr liket van der Galiën neat fan to witten. Hat er wolris mei mennisten omgien, of ûnder harren forkeard?
Hja wurde koart en bounich en jit wol fan in dominy ‘ûnleauwigen’ neamd. Harren dochter, Diuw, dêr't to'n earsten neat oan doocht, dy't yn har trouwen jit mei de arbeider op 'e golle krûpt, wurdt by 't sluten fan 'e merk jit goed, hwant...... hja slagget nei de grifformearde tsjerke.
Boerinne Wynsma, sa kâld as stien, dy't yn 't earstoan gjin reden forstean wol, o sa'n binypt en biheind eachweid hat, dy't, bûte har man om, dominy der byhellet om de forkearing fan har soan mei in arbeidersdochter oan 'e kant to krijen, wurdt letter úttekene as in ideale mem en skoanmem, mei suver en sêft moed.
Dan dy reis nei de stêd fan 'e beide famyljes, dêr't de mem fan Diuw frou Wynsma samar foar ‘jimme finen’ útmakket. Sa'n reis en sok sizzen, nou? Van der Galiën moat it my net kwea-ôf nimme, mar soks is net yn to tinken. Jit fierder stapt de skriuwer oer de streek as er ús it bisyk fan Sikke Tet op Wynsma's pleats útbyldet, as har dochter it earste bern krige hat. Sok sizzen en sok dwaen, as dêr Tet yn 'e skuon skoud wurdt, bistiet net. As der by fatsoenlike minsken - en dêr moatte de Wynsma's dochs foar trochgean - immen yn 'e hûs komt, dy't har sa hâldt en draecht, nou skoanmem of gjin skoanmem, sa'n ien wurdt der útset. Sa lankmoedich as dêr de Wynsma's útbylde wurde is gjin minske, al sit er dan ek alle Sneinen deun ûnder de preekstoel.
Ek it barren by de van der Mey's dat Ide en Diuw yn it rjochte spoar bringt, is yn wêzen oars neat as in mislearre needsprong. Van der Galiën sil op it tinken, it fielen en it dwaen fan orthodokse en grifformearde minsken wol mear sjoch hawwe as ik, mar sa't hy se yn dit boek yn harren dwaen en litten totoanstelt, sa binne hja lokkich net, dat doar ik him as frijsinnich man wol to sizzen. Mei dit soarte fan folksskriuwerij reitsje wy wer oan 'e hals ta yn 'e âlde wiel.
A.J. WYBENGA.