De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 249] [p. 249] Dam Jaarsma: Trije oersettingen nei Friedr. Hôlderlin. De bernetiid. Doe't ik in bern wie, Hoede in god my jamk Foar 't geraes en de roede fan minsken, Dan boart' ik goed en gerêst Mei de blommen fan 't wâld, En dan wienen de siichjes Boarters foar my. En lykastû 't hert Fan 'e planten forhûgest, As hja langjend nei dy De teare earmen tille, Sa hastû myn hert forhûge, Helios heit! en lykas Endymion Hie ik dyn leafde, Hillige Luna! O al jim goaden, Trou, tagedien! As jim ris wisten, Hoe leaf as myn siele jim hie! Wol rôp ik doetiids noch net Jim by de namme, ek jim Neamden my nea, lyk minsken har neame, As koenen s' elkoar. Doch koe ik jim better As ik ea de minsken koe, Ik forstie de stilte fan d' aether, 't Minskene wurd forstie ik nea. Ik ûntjoech my by 't lûd Fan it rûzjende wâld, En leavjen leard' ik Manke de blommen. Yn 'e earm fan 'e goaden waerd ik great. [pagina 250] [p. 250] Minskegunst. Is net hillich myn hert, fol fan in ealer bistean, Sûnt ik leavje? Hwerom hie ik jim achting méár, Doe't ik greatsker en wylder, Redenriker en leger wie? Och! de mannichte hag'et, hwat op 'e merk thús heart, En de tsjinstbere earet inkel de man fan gewelt; Oan it godlike leauwe Allinne de godliken sels. Oan de parcen. Gun ien simmerskoft mar, jimme machtigen! En ien hjerst ta 't folsleine gesang my, Dat williger myn hert, fan 't swiete Fornoegen sêdde, dan him bijowt! De siele, dy't by libben har godlik rjocht Net jown waerd, rêst ek ûnder yn d' Orkus net; Doch is my iens it hil'ge, dat my Oan 't herte leit, slagge: - it gedicht: Wolkom dan, o stilte fan 't skimeryk! Tofreden bin ik, ek as my 't bispyljen Fan snaren net laet nei omleech; ienris Libbe ik, as goaden lyk, en mear bin 'k net brek. Vorige Volgende