Baukje Fokkema:
Roppende kimen.
En doe't it sa fier wie, bigoun it wer mis to gean mei Ids.
It wie op in Moandeitomoarn yn 'e jister, dat er de sinne opkommen seach; dat de ljurk him losmakke fan 'e ierde en de klokken fan fiere tuorren to hearren wiene; dat de wrâld wiid wie en iepen. Ynienen seach Ids dat, hoe wild de wrâld wie en hoe iepen, en ynienen ek fleach it him oan dat er fuortmoast. It wie oft alles him rôp en lokke. Sa fûl kaem it, dat er gean moast oft er woe of net.
In healûrke letter sloech de motor oan, ried Ids de jonge moarntyd yn, sa as hy sa faek fuortriden wie as neat him mear hâlde koe. Mar yn syn trouwen wie dat noch net bard.
Auk hie gjin wurd méar tsjin him sein as nedich wie en fûl mei de doarren slein, mar it wie krekt as gong alles by him troch. Ofwêzich hie er sitten to sjen en hastich syn iten der yn arbeide, hwant hy koe gjin menút langer wachtsje nou.
Sa gong er nou wer, syn lichem oer it stjûr bûgd, syn eagen hongerich yn 'e fierte.
En thús stie Auk mismoedich oan 'e tobbe. De wille wie der ôf. Se koe it net sette en hoe't se ek bisocht it hwat lichter op to nimmen, it slagge har net.
Hwat die er nou fuort to gean wylst se midden yn 't dongjen sieten. En hwerom dan net op in kear as sy mei koe, of as se it foartyd steld hiene?
De rjochte fleur woe dy dei net komme, se sloech hwat allinne yn 'e hûs om en foun der neat oan.
Doe't it joun waerd sette se har foar 't opkeamersfinster en seach út nei Ids. Hy soe nou hast wol komme. Se forlange der nei dat er wer by har wêze soe. De dei hie sa lang en forfeelsum west, se miste him sa tige.
Wer wachte der op dy stille pleats in frou op Ids. Lang'e jierren oanien hie de âlde frou jouns op him wachte. Mar dy hie wol leard om to wachtsjen en stil to wêzen. Dy hie al sa folle fan it libben leard. Mar Auk net, dy wie jong en forwachte him elke menút en doe't de joun àl kaem en Ids net, doe wist se net hwer't er bleau, doe foel it wachtsjen sa swier en wie se sa iensum, griep it fortriet har nei de