de Godlike útforkiezing, dêr't elkenien, hy mei der oan leauwe of net, op stuitet. Mar hwa't der oan leaut, hwa't hja ynmoed is sa djip as it wurd fan Him dy't útforkeazen hat, dy hâldt neat to forklearjen oer. Sierksma giet fan 'e útforkiezing út, mar hy wit dat net fol to hâlden en forfalt yn it tinken dêr't er foar it antlit fan Israël sa'n hekel oan hat: it Grykske. Sa Helleensk mûglik slacht er oan it ideälisearjen fan it Joadske folk. Utforkiezing lykwols forbiedt alle ideälisearring en makket de meast ûngrykske tsjinstelling dy't der bistiet: dy fan sûnde en genede, of leaver dy fan 'e genedige God en de sûndige naty of minske. Yn 'e útforkiezing is it net om 'e minske, mar om 'e sûnder to rêdden. De sûnder nou hat gjin psychology noch fenomenology noch histoarje. En mei 't Sierksma Israël ideälisearret, wit er ek gjin wei mei it antisemitisme. De antisemiten binne de folken, net allinne de christlike, mar ek de heidenske en de mohammedaenske - en de Joaden sels, foarsafier't hja oars wêze wolle as útkard. Dêrom is by de profeten de flok oer de fijannen net it lêste, mar it op ien nei lêste wurd. De antisemiten, de folken, sille bikeard wurde en yn it heil meidiele. Dêrom ek witte dyselde profeten fan in Israël dat gjin Israël is. Hwant Hy dy't útkart en sawol de wiisheit fan de folken as de eigengerjochtichheit fan 'e Joaden treast is, hat fan fierrens oan Israël gjin genôch. Hy nimt oan hwa't Er wol en Hy forwerpt hwa't Er wol. Yn 'e barmhertichheit en heechachting fan 'e útforkiezing is Israël net bilangryk, nammers, de antisemyt net ienris earlik. De sûnder allinne kin sa heech achte wurde, fan in hillich God. Hwat Sierksma dêrfan oerhâldt: in nije morael fan solidariteit en fan trou oan
'e ierde, is dochs wol skralernôch. It soasjalisme is gjin forwurkliking fan in messiaenske opdracht, mar in ûntspoaring bûten de wei fan 'e útforkiezing. Dat de wet útgean sil oer de hiele wrâld en ûnder alle folken dien, en leard, wurde, hâldt dochs jit effen mear yn. In wet dy't net leard wurdt ûntreiniget de ierde.
Deselde tsjinstridichheit docht jit skerper bliken yn 'e skôging oer de Messias. As ik de wurden de folle ynhâld jaen moat, dan wiist Sierksma Jezus Christus as de biloofde en útkarde ôf en leaut er oan in oaren út Israël, dy't jit komme sil. Allinne, syn leauwe is frijbliuwend. ‘Met het rijk van de Messias hebben wij niets te maken.