wie de rogge. Dêr oerhinne koene de manlju noch krekt de naeld fan in boereskuorre sjen.
Dit to'n earsten oer Lolkema junior en Lolkema senior. Hja kuijeren op 'e hurde dyk. Troch de rogge hinne lykwols wie ek in paed. Dêr rounen Age en Jeltsje. Age fan master Krikke en Jeltsje fan boer De Jong fan de greate pleats: tige grien en tige foreale. Hja stiene nammers mear as hja rounen. Hja seagen ek de reade loft en de roggeblommen en de papavers; mar hja seagen dizze sier en dizze skientme mei oare eagen as Lolkema junior en Lolkema senior. De rogge, de himel, de blommen, de wyn dy't oer de fjilden striek, de stiltme, it waerd alles ta langstme en ta leafde foar Age en Jeltsje. ‘Us heit fynt it net goed’, lústere Jeltsje. ‘Mar 't kin my neat skele hwat hy seit.’ Doe biwûnderen hja foar de safolleste kear it nije polshaloazje dat Jeltsje dy deis fan de keapman op it feest foar Age kocht hie. Tritich goune, frijhwat jild; mar dochs goedkeaper as yn 'e stêd. Jeltsje wie tige foreale; mar hja koe goed rekkenje.
‘Myn âldelju fine dat wy noch hwat jong binne’, sei Age; en hy soe noch mear sein hawwe; mar doe bile de houn fan de pleats, lulk en fûleinich. It wie samar wer oer; hja waerden lykwols efkes kel. ‘Sa haw ik him noch nea byljen heard’, sei Jeltsje. ‘Né? Nuver!’ Age hie alhielendal gjin bilang by de houn. Hy hie allinne mar bilang by Jeltsje. ‘Jeltsje’, sei hy, ‘mei Krysttiid jowe wy mekoarren ringen. Ek al fynt jim heit it net goed en fine myn âldelju ús to jong. Jeltsje, as 't moat sette wy it yn 'e kant tsjin de hiele wrâld.’
Dat wiene greate wurden fan Age fan master Krikke, achttjin jier en noch twa klassen M.T.S. foar de boech. In skoftsje letter wiene hja by de hikke. Dêr laei Pollo, de mânske hiemhoun, dea. Der siet hwat bloed oan syn kop. Doe hie Age ynienen gjin praetsjes mear.
Efkes stiene Age en Jeltsje dêrre as sâltpylders. Neat forweegde him by de pleats. Yn de fierte floite immen in frjemd, skel wyske. Jeltsje kaem it earst wer ta harsels. Hja pakte Age by 't skouder en by de earm. ‘Age, dû moatst mei! Ik doar net allinne yn 'e hûs to gean.’ It hert kloppe Age heech yn 'e kiel. Mar hy hâldde him goed. ‘Ik, ik sil wolris sjen, leave.’ Syn lûd trille. It swit briek him út.
En dêr, ynienen, skeaten twa keardels it foarhûs út de