| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Nunders.
De gast.
Ik siet ris wolfornoege yn myn siele-keamer,
En seach tofreden nei it glinsterjend kristal,
Of de gordinen fan damast, yn harren rike fal, -
Doe sloech allyk in skrik de klopper op de doar....
Myn hân bigoun to beevjen yn 't forwielen klaed,
En noch by stoffen toevjende fan side en brokaet,
Liet hja dy hastich los, as barnde har de gloed'.
De g'ast dy frege my: - Jo binne dochs de Dreamer? -
Ik knikte en hy rikte my syn pinne ta, in ravefear,
En sei: - Dan haw ik hjir foar Jo it ien' en oar'....
Dat as Jo soms Jou namme sette wolle op it bargelear?
Faeks ha Jo yn it hert noch wol hwat njirrebloed. -
| |
Wolkens.
Ljochtskett'rjend stekt de sinne de trompet,
De swiere oaljefanten komt biweging yn.
Dan brekt de oanfal los, by iere gloar;
Slachtosken wurde yn de himel set -
It blanke elpenbien kleurt read ivoar....
En op de rêch fan ider dier
Sit striidfeardich in lânsier,
| |
Scherzo.
It jacht dat dounset sierlik oer de weagen as in prústich
De seilen steane spand as jonge boarsten yn de goede wyn.
De stjûne laket mei wite tosken fan skom
Yn de omearming fan de blauwe oséaen,
Ik soe de sé wol wêze wolle.
| |
| |
| |
Sigeunerliet.
Hjoed rekke my it herte op 'e doele,
Hwant út de puszta fan de Magyaren
Kaem der in fid'ler, streakjend de fioele,
Dy't my it moed bispile as de snaren.
Dan lei syn hân him koezjend om myn hals,
En fielde ik in streling oer it hier,
Ont troch myn bloed de scárda en de wals
Bigoun to dounsjen, feestelik fan swier.
| |
Hammerslaggen.
Liz dan dyn wil mar yn de reade oun,
En helje út it fjûr it gloeijend stiel,
Dat it in wapen wurdt foar elke siel,
Dy't men mei frasen strimet, nei de wet.
Smei fan dyn gleone grime 't pantser dêr't
Har holle wurd syn reiden spear op brekt,
Wês dou in broer fan it metael, dat sprekt,
Dan hat it rjocht yn dy syn ambyld foun.
| |
Snypsnaren.
En wenjend yn in hûs fol simmer,
Wist er fan winter net en kjeld,
En lâns de muorren hie de klimmer
De ranken fan syn langstme steld.
Mar altyd oer jinsels to sjongen,
Forfeelt jin ek in kear op 't lêst, -
Hjir is it tou, dêr hat er hongen,
In swealtsje oan in sweallenêst.
| |
Sjineeske boeren.
De dize dy forskimet de kontouren -
Yn grize, g'rouwe klean, sjineeske boeren,
Gean' mimerjend de soargen oer de fjilden
Mei 't skeamel ark, it wurge hert, as tilden
Op lea en hân hja harren eigen bier,
De bodders fan it lân, de goede ierd', -
De dize dy forskimet har kontouren,
De grize, grouwe klean - sjineeske boeren....
| |
| |
| |
De kaper.
Oan board dêr seach men inkeld skimen,
En 't seilwurk joech in donker skaed;
De dei fear mei ús nei de kimen,
Syn koerts dy liet in gluorjend paed,
Dat dôve yn de nacht fan de Antillen -
Doe swom in eilân as in skylpod ús foarby,
De lytse kolibri's, de stjerren, trillen,
De sé dy rôve harren toverij.
| |
De misreis.
It wie my suver hjoed, as woechsen my de wjokken,
En lichter as de blanke snieflecht fan de flokken
Waerd ik in wytbifearre reiziger troch it hielal,
Under de tichtbistjerre loften en har fonkefal.
Doe fielde ik it fjûr my baernen op de swingen,
En út de transparante sfearen fan de himelingen
Foel myn mislearre langstme del, toskroeid en tryst,
As hie myn wil oermoedich west, myn died to dryst.
| |
De stille staesje.
Dêr komme hja, de susters mei har donk're drachten,
In stille staesje swarte nonnen,
It antlit bleker as de jonge moannen,
Dy't heal biskûl gean' yn de kape fan de nachten.
Mar elts draecht hoeden it brevier,
Lykas de krûden harren sier,
Hwant lâns de paden fan de herten en gedachten
Hofket it ivich heil tusken de kweade machten.
| |
Wier.
Fielstou it tij al kearen?
Nou wurdt it heil ús strân,
Fan herte' stille gloede,
Dou bist it baeijend wier.
|
|