‘Hast al heard dat Greta trouwe sil? Hja krijt in kunstner. Hy is musikus en spilet earste fioele yn it stêdsorkest.’
‘Toemar’, siz ik, ‘hui, dy Greta. Soe der wol brea yn soks sitte, hwat tinkst?’
‘Ik wit net, hoewol, hja bliuwt op 't kantoar.’ Greta is in healsuster fan Willem. Hja kaem destiids wol by ús thús útfanhûs.
Hil skoddet de flesse en hompt der ûnder tsjin oan.
‘It wol net rinne. Hy sil wol by de kachel moatte’, seit hja dan.
Ynienen tichte by my nou, fornim ik de rook fan har ljocht hier. Hja hat it neffens de moade opmakke, en forskate mei glinsterjende stientsjes forsierde kamkes der yn.
Men soe sa efkes har hân gripe wolle en jow der in lyts knypke yn.
Hwat forheard oer dit gefoel foar har, dat ik oant nou ta net by mysels fornommen haw, bied ik Hil oan it ien of oare foar har to dwaen....
Dat hoecht net, fansels en ik gean mar efkes yn 'e oare keamer - de tuskendoarren steane iepen - om ris foar út to sjen.
Op dat stuit komt de jonge oandraven. Hymjend triuwt er it wite stekje iepen en dan hear ik it sljurkjen fan syn skuon oer it tegelpaed. En nou triuwt er op 'e skille....
‘Hy hat it wer net yn 'e holle en gean efterom’, seit Hil ynienen fel. Hja hat him dus ek al murken.
‘Ik kin my de skonken ornaris út it lid rinne foar him’, prottelet hja.
De skille giet jitris en jitris....
‘Wolst wolris efterom gean, hen?’ hyt Hil efter it erkersrút wei. It jonkje skodhollet, hy hat it net yn 't sin, sa't it liket, en gean de steech troch. Mar hy stekt dochs wer ôf, as Hil it him jitris finnich hyt hwat him to dwaen stiet.
‘Hy moat it mar leare’, seit hja en probearret oft de advokaet al hwat smediger wurdt.
Noch tsjok en kluterich rint it nou stadichwei yn it fyn bislipe gleske.
De lytse Eastenriker hat it paed efterom foun en Hil ûnderhâldt him: ‘Hy wit wol hwat er to dwaen hat, nou?, as der immen is’.
Hy glimket, ‘Friedrich Bechmann’, seit er, wylst er syn lytse donkere hân yn minen left. Hy lukt him dalik wer oan en freget om in stikje koeke, De soune libbensnocht sjocht