tafallige en bisûndere algemiene en bliuwende wearde.
Dat de grafyk as nijsgjirrichste en sprekkendste kant fan Bakker syn wurk hjir foaropgiet, hâldt net yn, dat er yn oare genres minder wurdearring fortsjinnet. Mar dochs is er foar alles grafikus. Ek yn syn skilderijen komt dat út, yn de lettere minder as yn eardere wurken. Hy komt hwat losser to stean fan de foarm. Mei dat oer de iene kant in foarútgong wêze, oer de oare kant liket it soms dat er oan yntensiteit forlern hat.
De lânskippen út de lêste tiid hawwe, by alle kwaliteiten, net it tige persoanlike fan in skilderij as ‘it Boelguod’. Helte libbener yn it earste oankommen misse se dy stille glâns, dy't fan dit eardere wurk sa'n kompleet skilderij makket, dat, as in spegeling fan djipper, yntensiver libben, losrekket fan de wrâld der om ta.
Hwat men oer Bakker syn aquarellen lêst of heart, komt meastal hjir op del: hoe kin in kunstner, dy't sa sterk it aksint op de technyske kant fan it fak leit, him hjir sa gean litte en mei tafallige effekten arbeidzje. It tige foar de hân lizzend andert liket de fregers to ûntgean, ditte: dat neffens syn opfetting oer de technyk fan de aquarel de heldere ferven yn folle krêft en flankering as fansels yninoar oprinne moatte, dat in aquarel hwat oars is as in mei wetterferve kleurde tekening. Boppedat is it de frage oft it tafal wol dy greate rol spilet as it liket.
Dochs mei de skilder sels ek wol field hawwe, dat dit feest fan sterke kleuren net de iennichste en rykste mooglikheit wie fan it genre aquarel. Nei de wylde pracht fan de tuin-aquarellen bidimme er him en joech bylden as it ‘Bûthús mei kij’, dêr't in dampich healtsjuster om de bisten hinget. Dizze en de lettere blom-aquarellen, dy't it skynber-tafallige, dat lekke waerd, net hawwe, kinne faeks de kritici op oare gedachten bringe oangeande dizze kant fan Bakker syn wurk.
Dat it eigenlike libbensforhael fan in skilder, de skiednis fan syn ûntjowing, jimmer yn mappen forside bliuwt, wurdt jin klear as men de hânderten blêdden mei stúdzjes fan minsken, dieren en lânskippen sjocht. Stúdzjes en sketsen, mar ek folsleine tekeningen yn swart en read kryt, mei pinsiel en reidpinne. Portrettekeningen by de rûs, technysk ôf, skerp en karakteristyk, sûnder forsearring. De inerlike fornamens dript dizze boeren en arbeiders net by de wangen del. De skilder stie foar harren oer as in waernimmer, net