De Tsjerne. Jaargang 4
(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 216]
| |
Anne Wadman:
| |
[pagina 217]
| |
allinne dy fan libbensbisûnderheden: der is ek noch de libbensskôging, de idéewrâld, it tinksysteem fan de dichter (en fan syn tiid), en wiist men de libbensfeiten as helpmiddel ôf, dan hat men noch net it rjocht jin op itselde plan foar dy idéewrâld wei to winen. It is net sa simpel as Schurer ha wol, dat men mei de ynhâld fan in gedicht, syn ‘wrâldbiskoulike’ wearde, hâldberens, oertsjûging neat to meitsjen hawwe soe. Hwerom wurdearret men Plato? Grif net allinne om de skientme fan syn Gryksk proaza, mar ek wol deeglik om de philosofyske idéewrâld, dy't krekt yn dat Gryksk fan sines syn folsleine architektonyske struktuer kriget. Is de problematyk fan Hamlet (sûnder dy problematyk nammers in ‘draek’ lykas der 100 yn in dozyn geane!), fan Don Quichotte, is de ynhâld fan Homerus sa ûnbitsjuttend dat men allinnich mei de poëtyske foarmjowing folslein gelokkich wêze kin? Is de gedachte sa'n ûnwêzenlik en oerstallich ding dat men har yn it ljocht fan de Skientme weirekkenje kin? Is litteratuer net in produkt likegoed fan rationeel as fan irrationeel komôf? En dochs komt Schurer syn redenaesje del op 'e ûntkenning fan de libbenswearde fan it kunstwurk en set er alle kunstgeniet op dy iene kaert fan de aesthetyske wurdearring, dy't sadwaende in dizenige, ûnkontrolearbere skientme-oanbidding wurdt, ta to passen op alles hwat moai liket, sadré't dy wurdearring syn libben kontakt mei de konkrete libbenswierheit forlern hat. Dan wurdt it spegeltsje, ordinair Jeropeesk yndustry-produkt, skientme foar de Kongo-neger. Skiednis en idé eliminearre, kin de epigoon de greatste dichter to wrâld wurde. De fout by Schurer sit neffens my hjirre, dat er in al to simplistysk entweder-oder stelt tusken de libbensbiskoulike ynhâld èn de skientme-oandwaning op 'e litteratuer-gefoelige minske. As dy earste dan wierliken sa ûnbilangryk, sa oerstallich is, soe ik Schurer freegje wolle, hwat dan de wearde is fan syn eigen striidsangen. As men dêr de libbenswierheit út abstrahearret hâldt men, as de spûntane skientmeoandwaning net komme wol, in lege hûl oer. Foar immen dy't net wit hwat Fryslân yn sa'n gedicht ynhat bliuwt der neat oer as in brok gloedfolle, mar lege rhetoryk. Harren wearde leit yn de oertsjûging, dy't syn oanrin yn Fryslân hat (en net yn Kaep Skagen of yn de Oekraïne). Fan dit punt út wei moat dizze litteratuer sjoen en skôge wurde. | |
[pagina 218]
| |
De psalmen sille dochs ek foar Schurer mear wêze as kleurige ballonnen, dêr't men God maklik substituearje kin troch Jan, Pyt of Klaes? It Misforstân sit hjirre, tinkt my, dat it net wier is, dat de ynhâld fan in kunstwurk bigjin-, útgongspunt is fan de skeppingsdie en weifalt as de skepping foltôge is. De ynhâld wie der amper, yn it dizenige, kriget earst yn it skeppingsprodukt syn helderens, konkretens, mar ek.... syn bigrinzing. ‘Het is niet zo, dat de kunstenaar eerst een heldere geestelijke voorstelling, een “inhoud” heeft, waarvoor hij dan een uiterlijke expressieve “vorm” als bekleding kiest, zoals de oude vorm-inhoud-theorie leerde; - die geestelijke inhoud kan zich slechts uit vaag, vlottend vermoeden verhelderen en consolideren, voorzover en naarmate ze kristalliseert tot vorm’, seit Dr. W. Kramer mei rjochtGa naar voetnoot1). Sadwaende is de geastlike wierheit gjin premisse sasear, mar ‘resultaet’ yn de stilistyske foarmjowing. As kristallisaesjesintrum tsjinnet ornaris in dizenige en op himsels it bêste yn saeklik bitooch to forantwurdzjen wrâldskôging, - en hwat dêr yn it foarmjowingsproses et kristallisearret, ûndergiet measttiids (yn de foarm fan in faek ‘foringend’ symboal) biskate forfoarmingen: fordichting, mar ek fortichting, foringing, lykwols mei bihâld fan de libbenswierheit, net as bitrouber ‘feit’, mar as gedachte, as symboal. In foarbyld: as G.N. Visser dichtet: ‘Moarn sil 'k my net mear waskje’, dan is dat net in konklúzje dy't er al ré hie ear't er oan it gedicht bigoun, hwant hied er dy hawn, dan wie it gjin gedicht wurden. Hjir is út in algemiene, dizenige protesthâlding tsjin de reglemintearre fêstichheit fan it boargerbistean in formule kristallisearre, dy't as programpunt, bisjoen ûnder it ljocht fan redenearjende, as men wol ‘politike’ wrâldbiskoulikens, folslein ridikúl is, mar as dichterlik symboal foar it wanhopich, mar fan humor biljochte en timpere protest, tagelyk reële wearde hat (it stilistysk effekt fan de humor: dat út dìt protestfielen krekt dìt protestsymboal kristallisearret). As Schurer dan op groun fan dizze formule it bispotlike fan Visser syn ‘oanhingers’ yn 't ljocht sette wol, dan is dat in guodkeap scholastysk trúkje. It giet hjir net om dat net-mear-waskjen, mar om it protest dêr't dizze formule symboal fan is. En earst sà sjoen wurdt dizze formule ta | |
[pagina 219]
| |
skientme, - in skientme dy't dus net bistiet foar dy't moarns fleurich har pypke yn 'e brân stekke en nearne euvelmoed yn ha fierders. Sjocht men in rigel, rommer: in fers as ditte, net as in fortichte utering fan in reëel minsklik protest, as konsintrearre libbensgefoel, as affektive libbenswearde, dan bigryp ik wier net, hoe't men hjir fan skientme prate kin. Hwer skientme is dat? Skientme yn wurdkar, yn klankexpressy? Hwer bistiet dy skientme út, as hja gjin relaesje hat mei de libbenswierheit dêr't hja it symboal fan is? Dy skientme hinget yn 'e loft en kin op gjin wize forantwurde wurde. En nou is it moai en noflik as men by alles en noch hwat skientme-oandwanings hat, sûnder oanstriid om se to forantwurdzjen, lykas it moai is om in ballon oan to sjen mei de sieleblankens fan in bern dat net fierder freget, Mar de lju dy't sa graech wer bern wurde wolle komme my altyd hwat fortocht foar. De minske is gjin bern mear, en kin it net wer wurde, of by moast safolle ieuwen geastlike warberens oan kant skouwe kinne. En dan noch hie syn bernigens grif in bult fan de bernskens. Wy wolle nou ienris dy ballon sjen as in objekt, witte hwat der mei loas is. De minskene geast bistiet nou ienris by de graesje fan syn oardieljend, hifkjend en skiftsjend yntellekt, en dy't dêr omhinne wol, bilânnet yn it mearkesryk fan de ynfantiliteit, dêr't alles skientme is hwat net sear docht en dêr't dus gjin skientme bistiet. It is dêrby miskien net altyd nedich de skientme fan dy ballon ôf to wizen om syn banael komôf út in obskuer fabrykje mei in gascilinder, mar wol nedich is it, dy relaesje by it oardiel eat of hwat yn 't each to hâlden, om gjin slachtoffer to wurden fan in kosmysk gesichtsbidroch. En dy't dy gascilinder yn al syn vulgairens net sjen wol as in ‘skeppend yndividu’, dat de ballon it wêzen joech, dy kin ek net, as er de hâlding fan it protest ôfwiist, wurdearring ha foar fersen dy't út dit protest kristallisearje. As Schurer de needsaek fan it protest net sjocht en mient dat Visser fan falske premissen útgiet (b.g. dat er de wrâld en de minsken to swart sjocht en op it forkearde paed bringt), dan wiist dat op in negative wurdearring fan it protest en hat Schurer net it rjocht dizze fersen ‘skientme’ to neamen. Docht er dat al, dan stiet er forlegen mei in skientme dy't op gjin inkele realiteit slacht. Dan is it ek net mear de minske (yn al syn gascilinder-vulgairens) dy't de skientme makket, mar dan makket de skientme harsels en is de | |
[pagina 220]
| |
dichter net mear as in stompsinnich diktaetopnimmer dy't stenografearret hwat goaden resp. muzen him yn 't ear lústerje. Mar dan hat de dichter ek net mear it rjocht en set syn namme op in titelblêd. En mei ‘Jolm’ foar eagen binne der dan mar twa mooglikheden: de fersen as skientme èn as fortichte libbenswierheit oannimme, òf se ôfwize as skientme omt men se ôfwiist as libbenswierheit. It is miskien net in noflike forliking, mar it komt hjir sahwat op del: òf in moart technysk-aesthetysk èn om syn psychologyske oannimlikheit akseptearje, òf de moart omt er psychologysk mis is ek aesthetysk-technysk ôfwize. ‘Wy’, as de Visser-generaesje, om mei Schurer to praten, akseptearje dizze moart às moart, en ek: as skientme. Dat hâldt net yn, dat ‘wy’ Vissers wierheden as neifolgensweardige wierheden oanhingje. Hwant it binne gjin wierheden dy't Visser foar himsels en syn oanhingers réhawwe soe. By hie se net ‘ré’ en it binne gjin ‘wierheden’ dêr't men jins libben nei rjochtsje kin; it binne symboalen kristallisearre út in wier-heit: it protest, en it binne dus earder protesten tsjin wier-heden. It soe folslein mis wêze dêr nije wierheden fan to meitsjen, ‘Wy’ nimme Visser syn protest oan en dus ek de symboalen fan dat protest, net as libbensprogram, mar as libbenswierheit. As wy ‘steane efter’ Visser syn útlitting, dat ‘er him net mear waskje sil’, en wy brûke lykwols tankber de mooglikheden fan Castella en Solidox, dan bitsjut dat gjin omlizzen gean foar de konsekwinsjes, en is ús wurdearring foar Visser gjin snobisme, pose of jeuchlike dwersbongelerij, mar dan bitsjut it, dat foar ‘ús’ dizze symboalyske formule wiist nei de idé fan it protest dy't ek uzes is, al hawwe wy it libben to leaf om der dupe fan to wurden. Dat is ‘ús’ rjocht op Visser syn skientme. En lit ús oer ‘konsekwinsjes’ mar leaver net prate.... Giet men dan út fan Schurer syn premisse, dat it der net op oankomt hwàt men skriuwt, as 't mar moai is (ôfsjoen fan de frage hoe't men b.g. boppesteande formule ‘moai’ krije kin), mei oare wurden: sjocht men it kunstwurk net as foarmwurden idé, - dan nimt de kunst sels dêrfoar op in ûntsettende wize wraek troch de exaltearre kunstbiskôger yn twa helten to snijen: ien helte skientme-oanbidder, oare helte moreel ketterjager, mei, djipste tragyk, foar beide steaten ien en itselde objekt. Dan is de wei ryp foar de banale fraech: Hy hat it moai opsein en ik kin 't | |
[pagina 221]
| |
my wol sahwat bigripe fan sa'n jong'feint, mar HWER GEANE WY OP SA'N WIZE HINNE? En men is dan ek net sa rare fier mear ôf fan in menhear Rauter, dy't it as syn hillige taek seach it Nederlânske forset út to roegjen, mar dochs noch in aesthetysk earesalút bringe woe, fan syn soldatesiel út wei, oan datselde forset. Lit it gjin opsetlike skynhillichheit wêze, dan altyd noch in jammerdearlik, tragysk misforstân oer de forhâlding fan idé en foarm. De konklúzje kin net oars wêze as dizze: De taek fan de litteratuer-leafhawwer is: neigean hokker foarmjowing de skeppende kunstner kristallisearje lit om hokker idé hinne, en fêststelle: is dizze foarmjowing sublym genôch om de idé libje to litten? Is in libbenswierheit hjir sûnder pose en bidragerij, suver en klear kristallisearre ta foarm? Mei oare wurden: sprekke idé en foarm as in folsleine ienheit like sterk ta my. Is de foarm fout, dan is it in sûnde tsjin de (goede) idé, - is de idé fout, dan is de moaije foarm to ûnrjochte brûkt. Dizze taek is dus net antithetysk, mar synthetysk. En dat kin allinne as men dy idé akseptearret as in wêzenlik ynhaerent ûnderdiel fan de aesthetyske ynterpretaesje. Visser syn symbolyk foar it protest as skientme ûndergean, bitsjut: it protest akseptearje, der fan út gean dat in minske ôfwikseljend in immoreel munster en in moaije gek is, en ús âld wrâld in triennedal, dêr't glim en laits har mei lijen hanthave kinne op 'e smelle koarde fan it kwea gewisse. En yn dat triennedal is de dichter in (negatyf of posityf) boadskipper, en hwa't it boadskip net oannimt is ûnearlik as er de boadskipper in komplemintsje jowt foar syn moaije biwurdingen. Dat wist Multatuli al. Dy protestearre ek sa ‘moai’.
Maeije 1949. |
|