10 plus foar Elsevier!
Yn ien fan de eardere Tsjerne-jiergongen is ris klage oer de minime oandacht dy't de ‘E.N.S.I.E.’, de systematysk ynrjochte encyclopedy, hie foar de Fryske litteratuer en hwat dêrmei mank is. Dêrom docht it ús goed, dat wy, nou't fan de nije Winkler Prins (dy't it noch hâldt mei de biwende alphabetyske methoade) de earste fiif dielen forskynd binne, de redaksje fan dit greate wurk in plûmke jaen kinne foar it navenant greate plak, dat hja Fryske skriuwers taskikt. Ik notearje út dizze earste 5 dielen A oant CHI (en myn listke sil wol net folslein wêze) artikels oer: K.J.v.d. Akker (7 rigels), O. Akkerman (6), P. Akkerman (8), P.H. Akkerman (9), S.P. Akkerman (5), Wibren Altena (6), Jan Althuysen (12), J.D. Andringa (11), J.P. Asman (6), J.D. Baarda (5), L.C. Murray Bakker (13), P.G. Bleeksma (9), J.G. van Blom (10), Piter Boeles (6), Jac. Botke (19), M.H. Bottema (12), L. Brolsma (15), R. Brolsma (32), Titia Brongersma (9), Abe Brouwer (20), J.L.v.d. Burg (8), Pyt v.d. Burg (7), Sj.L.v.d. Burg (9), R.W. Canne (12).
Mist haw ik fan A - CHI allinne Auke Boonemmer, Gerben Brouwer en (grif út biskiedenens, fan de man dy't foar de W.P. de Fryske litteratuer forsoarget): Prof. Dr. J.H. Brouwer. Der komt wol wer ris in Supplemint, sille wy hoopje om dit tokoart èn dit mispleatste offer oan de objektiviteit goed to meitsjen. Yn alle gefallen: ús wurdearring èn foar Prof. Brouwer en foar de redaksje fan de Winkler Prins-encyclopedy!
A.W.