De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 215] [p. 215] Inne de Jong: Kwatrinen fan Omar Khayyam. LXI. Woestû oan moanne en stjerren faeks forwite, Dat wy yn rûs en rouw' ús dagen slite? Hja witte minder fan de leafde en greater Is de bitizing yn dy fiere kriten. LXII. Koene wy 't libben mei forklearre eagen Skôgje, dan skuorden ek deads tichte reagen, Mar dy't yn dizze bloei as blinen gean', Moatte wol helpleas yn deads dize stean. LXIII. Sjoch nei de tulp, dy't as in reade flage Waeit op 'e twirre fan de kleare dage, Heevje dyn tsjelk, patsje dyn faem, eardat De stoarm opkomt, dy't dy de dea ynjaget. LXIV. Hwerom soest skreppe, dat dyn harnnen bliede? Risping forwachtsje fan in toarre ierde? Ek dines wurdt ienris de bitt're klacht: Ik kaem to let en moat to ier wer skiede. LXV. Soe men net nei moské en timpel rinne Om hel t' ûntkommen, 't paradys to winnen? Mar hwa't it rûzjen fan Gods winen heart Stiet sûnder freze en glimkjend yn de sinne. Vorige Volgende