Hy die earst krekt as hearde er neat, mar nei't hja nochris roppen hie, kaem er der oan, stadich rinnend ynienen, mei krûmlutsen skouders. It wie mis. Hy wist it. Hja wist it. En hy moast nei boppen, op bêd. Hwat hie er him ek wer sa drok makke! forwiet hja him. Soe er dan nea better op himsels leare to passen?
- Och, mar Mademoiselle Louise, hwerom binne der dan einliks bèrnefammen?
- Edu.
Boppe siet er, op bêd. Wêzenleas suver en telde de kearen dat er de siken ynhelle, swier. Nou yn, nou út, nou yn, en.... nou út! Hwat wie it wer slim! Hûnderten imerkes songen yn syn kiel. Fyn en oanhâldend en gemien.
Doe, ynienen, fleach it him oan!
Hy woe net! Hy woe net langer sa! En net altyd op 'en nij wer! Hy moast hwat dwaen, hwat ôfgrysliks dwaen, dêr't er him mei forsette! Hy sprong fan 't bêd. Hwat koe it him skele. Hy woe, hy woe.... oh, protestearje!
Op it balkon stie er to sjen. Swier giene syn siken. Under yn it tún boarten de bern. Hja koene wol sûnder him, hja koene wol sûnder him, fielde er skerp. En tòchten se der faeks wol om dat hy hjir nou sate moast en fjochtsje, fjochtsje om hwat azem? Hja misten him net fens. Hja wiene al ta syn sykte wend.
Doe krige Edu it yn 'e holle en klim op it dak en gean yn 'e goatte mei in heas lûd stean to roppen:
- Hé, sjoch hjir ris, sjoch hjir ris! Mesdames, mesdemoiselles, messieurs! Maintenant je vais, je vais...... Nou gean ik, nou sil ik......
Mei de hannen tsjin it boarst oan stiet er dêrre, de lytse jonge, machteleas yn syn lijen, mar triomfearjend yn syn twingen om de bilangstelling. De bern sjogge mei iepen mûlen nei boppen en wize inoarren: - Sjoch Edu! Hja binne it boartsjen forgetten. Om him. En dat wie syn doel.
Mar dan stean, yn inkelde seconden, Mademoiselle Louise yn it tún en de directrice op it balkon to razen en to skellen dat er der ôf komme moat. Derôf! Dwaes!
Gek, dyste biste! Tu es fou. Dou bist gek. Kom derôf, kom derôf! roppe se yn koar, dy beide.
Mar Edu is it net fan doel. Hy laket. Hy laket! En hy hoastet.
Wurdt er echt wier gek? freegje de froulju harren triljend ôf. Soed er echt wier?