De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 208] [p. 208] E. Wellinga: Sted. It feale wetter stiet stil tusken stiennen wâllen, Oan linen lizze arkjes, smoarch en fiis. Op 't asfalt glide trams lâns glêdde wite spoaren; In sútrich jonkje tyspelt, net goed wiis, Oan 'e kant mei hwat goare todden. Yn lange giele trams sit rykdom nêst de earmen Of hingje yn 'e riemen, wurch en stiif. Ik rûk de walm fan swit en make-up fan 'e froulju, Dy makket mânlju derten, wylst in wiif My wearzgjen docht yn har fodden. - Myn langst giet nei in feart mei hege, lange reiden, Mei wolken lâns de loften, heech en fier; Ik woe de rook fan hea en blommen yn 'e greiden En prate mei in minske, dy't hiel swier Mei de lea linet op syn lodde. Vorige Volgende