De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 207] [p. 207] Tsj. Peanstra: Lyts paradiis. Lyts paradiis, dat nimmen ken as dou, as ik en oars net ien.... Wy hawwe iens as blide bern togearre oan 'e poarte stien. De koele wyn roeike it strewel en 't gea blonk yn 'e moarntiidsdiiz'. De takomst wie foar ús de wel fan lok; fan dit: ús paradiis. Lyts paradiis, dat nimmen ken as dou, as ik en oars net ien. Wy binne doe as blide bern togearre troch de poarten gien.... Vorige Volgende